Springe nei ynhâld

Omaha (taal)

Ut Wikipedy
Omaha
algemien
eigen namme Umóⁿhoⁿ iyé
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers 25 (2007)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Sûaansk
  ● Westsûaansk
    ● Mississippydelling-Sûaansk
      ● Degihaansk
        ● Omaha-Ponka
          ● Omaha
taalkoades
ISO 639-3 oma (mei it Ponka)

It Omaha (Ingelsk: Omaha; Omaha: Umóⁿhoⁿ iyé) is de taal fan 'e Omaha, in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It is in Sûaanske taal dy't ta de taalkloft fan 'e Degihaanske talen heart, en tige nau besibbe is oan it Ponka. It Omaha hie yn 2007 noch mar 25 memmetaalsprekkers oer.

It Omaha heart ta de Westsûaanske taalgroep fan 'e grutte Sûaanske taalfamylje. Dêrbinnen wurdt it ta de Degihaanske talen rekkene, dy't in ûnderdiel foarmje fan 'e groep fan 'e Mississippydelling-Sûaanske talen. It Omaha is tige nau besibbe oan it Ponka, in sibskip dy't him û.m. uteret yn it feit dat de beide talen goed ûnderling fersteanber binne. De measte taalkundigen sjogge it Omaha-Ponka dêrom as ien taal en it Omaha en it Ponka as dialekten fan dy taal. De Omaha- en Ponka-Yndianen fersette har tsjin dy opfetting, en beskôgje harren eigen respektivelike spraken wol deeglik as selsstannige talen.

It oarspronklike taalgebiet fan it Omaha omfiemet in diel fan 'e sintrale Grutte Flakten fan Noard-Amearika, besteande út it easten fan 'e Amerikaanske steat Nebraska en it westen fan Iowa.

Hjoeddeistige taalsitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 waard fêststeld dat der doe noch 25 memmetaalsprekkers fan it Omaha oer wiene, dy't lykwols allegear ta de âlderein boppe de 60 jier hearden. Fierders wiene der ek noch likernôch 35 persoanen dy't it Omaha as twadde taal machtich wiene. De stammeried fan 'e Omaha Stamme fan Nebraska en Iowa rûst it tal lju dat 'ienige' kennis fan 'e Omaha-taal hat, op 150. It Omaha wurdt ûnderwiisd op 'e Umónhon Nation Public School yn it Omaha Yndianereservaat.

De Universiteit fan Nebraska biedt kursussen yn it Omaha oan, en it Omaha Language Curriculum Development Project fan dy ûnderwiisynstelling makket learmaterialen foar online-stúdzjes fan 'e taal. Der bestiet in app foar de Omaha-taal foar op smartphones, dy't ûntwikkele is troch de skoallefederaasje fan it Omaha Reservaat en it Omaha Language Cultural Center. Fanút de Osadzje Naasje fan Oklahoma, wêrfan't de leden foarhinne it Osadzje sprieken, in taal dy't nau besibbe wie oan it Omaha, is belangstelling toand om in partnerskip oan te gean mei it Omaha-taalrefitalisearringsprojekt, om ek harren eigen, útstoarne taal wer nij libben yn te blazen.

Foar it Omaha wurdt in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet brûkt. Hoewol't dy mar leafst 36 letters omfiemet, komme de f, l, q, r, v en y net foar.

A a B b Ch ch Chʰ chʰ D d E e G g Gh gh
H h I i Iⁿ iⁿ J j K k Kʰ kʰ M m N n
O o Oⁿ oⁿ P p P’ p’ Pʰ pʰ S s S’ s’ Sh sh
Sh’ sh’ T t T’ t’ Tʰ tʰ Th th U u W w X x
X’ x’ Z z Zh zh ’ ’

It Omaha beskikt oer 5 gewoane fokalen: a [a] (fan 'mar'), e [e] (fan 'leed'), i [i] (fan 'wyt'), o [o] (fan 'bok') en u [u] (fan 'tûk'). Dêropta binne der 2 nasale fokalen: de iⁿ [ĩ] (fan 'hyns'), en de oⁿ [õ] (lykas yn it Frânske wurd on).

Fan 'e 29 konsonanten wurde de b, d, h, k, m, n, p, s, t en z op 'e 'gewoane' manear útsprutsen. Oare bekende bylûden binne de ch [ʧ] (tsj fan 'tsjerke'), g [ɡ] (g fan 'goed'), gh [ɣ] (g fan 'bûge'), j [ʤ] (dzj fan 'siedzje'), sh [ʃ] (sj fan 'sjippe'), w [w] (w fan 'skowe'), x [x] (ch fan 'berch') en zh [ʒ] (zj fan 'bagaazje'). De apostrof (’) stiet foar de glottisslach [ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje".

Fierders hat it Omaha 4 aspirearre konsonanten (chʰ, kʰ, pʰ en tʰ), wêrby't de basisklank (tsj, resp. k, p en t) folge wurdt troch in licht h-ke, sa't bekend is fan 'e Grinslânske útspraak fan Marthinithoren. Ek binne der 5 konsonanten mei in fêste glottisslach derefteroan: p’, s’, sh’, t’ en x’. De th, ta einbeslút, stiet foar de klank [ɫᶞ], in tige 'dûnkere' l (sa't dy bgl. yn it Frysk foarkomt yn 'loch'), folge troch in lichte stimhawwende th [ð], lykas yn it Ingelske wurd this.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.