Thomas Tibbles

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Thomas Tibbles
Thomas Tibbles.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Henry Tibbles
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 1840
berteplak yn Ohio
stoarn 1928
stjerplak Omaha (Nebraska)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as publisist, aktivist, politikus
jierren aktyf ±18601928

Thomas Tibbles (folút: Thomas Henry Tibbles; yn Ohio, 1840Omaha (Nebraska), 1928) wie in Amerikaansk sjoernalist, publisist, aktivist en politikus, dy't opkaam foar de rjochten fan 'e lânseigen Yndiaanske befolking fan it Wylde Westen. Hy waard benammen bekend om syn belutsenens by de ferneamde rjochtsaak Standing Bear v. Crook. Neitiid troude er mei in Yndiaanske frou en wied er fise-presidintskandidaat foar de Populistyske Partij.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tibbles waard yn 1840 berne yn 'e Amerikaanske steat Ohio, mar groeide op yn Illinois, nei't er dêr mei syn âldelju hinne ferhuze wie. Mei sechstjin jier ferliet er yn 1856 hûs en hiem om nei Kansas te gean, dêr't er as abolysjonist dielnaam oan 'e saneamde Grinsoarloch (Bleeding Kansas) tsjin 'e Súdlike slavehâlders. Tibbles tsjinne yn dat konflikt ûnder militante anty-slaverij-aktivisten as James H. Lane en de beruchte John Brown. Nei't er finzen nommen wie troch de autoriteiten yn 'e slavesteat Missoury, waard er ta de dea feroardiele, mar ear't dat fûnis útfierd wurde koe, wist Tibbles te ûntsnappen.

Belutsenens by de Yndianen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de fijannichheden yn Kansas beëinige wiene, libbe Tibbles in skoft mank de Omaha, in lânseigen Yndiaansk folk yn Nebraska, en focht sels oan 'e side fan Omaha-krigers yn in konflikt mei de (Sioux). Letter wurke er in pear jier as metodistysk predikant oan 'e Amerikaanske frontier, oant er er him úteinlik op 'e sjoernalistyk rjochte.

As redakteur fan 'e krante de Omaha Daily Herald, út 'e stêd Omaha (Nebraska), wie de rol fan Tibbles yn 1879 fan krúsjaal belang foar it buorkundich meitsjen fan 'e swierrichheden dêr't it Ponka-opperhaad Steande Bear en syn folgelingen yn ferkearden. De Ponka wiene yn 1877 út harren heitelân yn noardeastlik Nebraska wei deportearre nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), dêr't se ûnder strieminne omstannichheden libje moasten, wylst in trêdepart fan 'e stamme omkaam oan malaria en ûnderfieding. Doe't it opperhaad Steande Bear mei 65 folgelingen weromkearde nei Nebraska, waarden se yn opdracht fan it Amerikaanske regear oppakt troch it Amerikaanske Leger ûnder lieding fan brigadegeneraal George Crook. Hoewol't dyselde oarders hie om 'e Yndianen sa gau mooglik werom te stjoeren nei it Yndiaanske Territoarium, trainearre er de saak mei opsetsin en liet er it útlekke oan Tibbles, dy't soarge dat der omtinken oan skonken waard yn 'e kranten.

Dêrtroch draaide it spul út op in opsjochjaande rjochtsaak mei de namme Standing Bear v. Crook, wêrby't Steande Bear mei help fan 'e abbekaten John L. Webster en Andrew J. Poppleton, dy't harren tsjinsten nei oanlieding fan Tibbles syn artikels fergees oanbeaën, de Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan brigadegeneraal Crook oanklage foar ûnrjochtlike finzenname. Rjochter Elmer S. Dundy die yn maaie 1879 de útspraak dat Yndianen (oars as oant dy tiid oannommen waard) wol deeglik as 'persoanen' ûnder de Amerikaanske wet beskôge wurde moasten, en dat se dus net sûnder juridyske ûnderbouwing yn 'e hechten set wurde koene.

Tibbles troude letter mei Susette LaFlesche, in Omaha-Yndiaanse dy't ûnder de rjochtsaak as tolk foar Steande Bear fungearre hie. Mei har en har broer Francis LaFlesche beselskippe Tibbles it Ponka-opperhaad fan oktober 1879 oant 1883 op in rûnrêis troch de eastlike Feriene Steaten en Jeropa, dêr't er lêzings joech en taspraken hold. Begjin jannewaris 1891 wie Tibbles by Wounded Knee, yn Súd-Dakota, tsjûge fan 'e neisleep fan it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't it Amerikaanske Leger ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. Tibbles wie ien fan 'e earste sjoernalisten dy't ferslach diene fan dy oarlochsmisdie.

Lettere jierren en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1893 oant 1895 wurke Tibbles as ferslachjouwer foar de Omaha Daily Herald yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Nei't er weromkeard wie yn Nebraska waard er haadredakteur fan The Independent, it wykblêd fan 'e Populistyske Partij. Yn 1904 wied er foar dy lytse politike partij de kandidaat foar it fise-presidintskip fan 'e Feriene Steaten. Yn 1905 skreau er syn autobiografy, Buckskin and Blanket Days, dy't lykwols pas yn 1957 foar it earst útjûn wurde soe. Tibbles kaam yn 1928, op 'e hege jierren fan 88 jier, te ferstjerren yn Omaha (Nebraska).

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1879 – The Ponca Chiefs
  • 1881 – Hidden Power
  • 1905 – Buckskin and Blanket Days: Memoirs of a Friend of the Indians (autobiografy, foar it earste útjûn yn 1957)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.