George Crook

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
George Crook
Big battle symbol.svg militêr
George Crook - Brady-Handy.jpg
persoanlike bysûnderheden
namme folút George R. Crook
bynamme Nantan Lupan ("Grize Wolf")
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 8 septimber 1828
berteplak Taylorsville (Ohio)
stoarn 21 maart 1890
stjerplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18521890
yn tsjinst fan Flag of the United States.svg Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Flag of the United States Army (unofficial proportions).svg Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar
   (1864-66 & sûnt 1886)
befel 36e Frijw. Ynf.regimint f. Ohio
Difyzje f.d. Kanawha
Dep f. West-Firginia
Dep. f.d. Kolumbia
Dep. fan Arizona
Dep. f.d. Platte
Dep. f.i. Westen
Difyzje f.d. Missoury
konflikt(en) Pittrivierekspedysje
Amerikaanske Boargeroarloch
Noardlike Pajût-Oarloch
Javapai-Oarloggen
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Oarloch fan Geronimo
treffen(s) Slach by South Mountain
Slach by Antietam
Slach by Hoover's Gap
Slach by Chickamauga
Slach by Opequon
Slach by Cedar Creek
Slach by Five Forks
Slach by Sailer's Creek
Slach by Appomattox
Slach oan de Owyhee
Slach by Steens Mountain
Slach by Infernal Caverns
Slach by Salt River Canyon
Slach by Turret Peak
Slach by Prairie Dog Creek
Slach oan de Rosebud
Slach by Slim Buttes

George Crook (folút: George R. Crook (de R. wie syn eigen betinksel en stie nearne foar); Taylorsville (Ohio), 8 septimber 1828Chicago, 21 maart 1890) wie in Amerikaansk militêr, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch focht en teffens yn ferskate oarloggen tsjin 'e Yndianen, wêrûnder de Sjosjoanske Oarloch, de Javapai-Oarloggen, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Oarloch fan Geronimo. Hy fierde it befel oer de Amerikaanske troepen yn û.m. de Slach oan de Rosebud en de Slach by Slim Buttes. De Yndianen seagen him as in weardige fijân, waans wurd men fan op oan koe. Yn 'e 1880-er jierren joegen de Apachen him de bynamme Nantan Lupan, wat "Grize Wolf" betsjut. Yn syn lêste jierren ûntjoech Crook him ta in aktivist foar Yndiaanske rjochten.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Crook waard yn 1828 berne op in boerespultsje yn Taylorsville, by Dayton, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan Thomas Crook (1788-1875) en dy syn frou Elizabeth Matthews (1787-1844). Hy hie trije âldere bruorren, ien âldere suster en ien jongere broer. Der siet in bêsten kop op him, en sadwaande waard er yn 1848 op nominaasje fan ôffurdige Robert Cumming Schenck talitten ta de Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1852 as ien fan 'e minste kadetten fan syn klasse ôfstudearre. Neitiid troude er mei in Mary Tapscott Dailey (1842-1895), dy't ôfkomstich wie út Firginia.

Tsjinst foarôfgeande oan de Amerikaanske Boargeroarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de rang fan twadde luitenant waard Crook tafoege oan it Amerikaanske 4e Kavaleryregimint, dêr't er fan 1852 oant 1861 mei legere wie yn Kalifornje. Yn dy snuorje focht er yn Oregon en noardlik Kalifornje mei tsjin ferskate Yndiaanske folken. Yn 1857 fierde er it befel oer de Pittrivierekspedysje tsjin 'e Atsjomawy en de Atsûgewy, wêrby't er yn in wapene treffen slim ferwûne rekke troch in pylk. Crook stifte Fort Ter-Waw, yn wat no it plak Klamath is. Hy waard yn 1856 befoardere ta earste luitenant, en yn 1860 ta kaptein.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1861, by it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, waard Crook nei it Easten ta helle, dêr't er mei de rang fan kolonel oansteld waard as kommandant fan it 36e Frijwillige Ynfanteryregimint fan Ohio. Nei't er mei syn regimint nei it militêre Distrikt fan de Kanawha, yn westlik Firginia stjoerd wie, rekke er fannijs ferwûne by in skermutseling te Lewisburg. Hy kearde lykwols ûnder de Kampanje fan Noardlik Firginia werom as kommandant fan syn regimint, dat ûnder de Twadde Slach by Bull Run diel útmakke fan 'e reserve dy't it haadkertier fan 'e Noardlike generaal John Pope bewekke.

Nei de Noardlike nederlaach by Bull Run waarden Crook en syn regimint oan it begjin fan 'e Marylânkampanje tafoege oan 'e Difyzje fan de Kanawha. Op 12 septimber 1861 waard Augustus Moor, de kommandant fan 'e brigade dêr't Crook syn regimint diel fan útmakke, kriichsfinzen nommen troch de Súdliken. Crook naam doe it befel oer de 2e Brigade fan 'e Difyzje fan de Kanawha oer, en fierde it befel yn 'e Slach by South Mountain en de Slach by Antietam. Op 7 septimber 1862 waard er befoardere ta brigadegeneraal. Yn dizze iere snuorje fan 'e Boargeroarloch ûntwikkele Crook in libbenslange freonskip mei ien fan syn ûnderhearrigen, kolonel Rutherford B. Hayes fan it 23e Frijwillige Ynfanteryregimint fan Ohio, dy't it letter ta presidint fan 'e Feriene Steaten bringe soe.

Nei de Slach by Antietam waard Crook it befel oer de hiele Difyzje fan 'e Kanawha taparte. Dy difyzje waard doe losmakke fan it Amerikaanske IXe Korps en nei it militêre Departemint fan 'e Ohio ta stjoerd. Dêr krige Crook al mei gauwens it befel oer de 3e Brigade, 4e Difyzje, XIVe Korps yn it Leger fan de Cumberland, dy't er oanfierde yn 'e Slach by Hoover's Gap. Yn july 1863 naam er it kommando oer de 2e Difyzje fan it Kavalerykorps fan it Leger fan de Cumberland oer, en yn dy hoedanichheid naam er diel oan 'e Slach by Chickamauga. Teffens hjitfolge er de Konfederearre generaal Joseph Wheeler ûnder de Chattanooga-kampanje.

Yn febrewaris 1864 kearde Crook werom nei it Easten om it befel oer de Difyzje fan 'e Kanawha oer te nimmen, dy't tsjin dy tiid formeel oantsjutten waard as de 3e Difyzje fan it militêre Departemint fan West-Firginia. Neitiid naam Crook diel oan 'e maitydskampanje fan 1864 ûnder luitenant-generaal Ulysses S. Grant. Crook waard oardere om by Dublin de Tennessee Railroad, de spoarferbining tusken de Konfederearre haadstêd Richmond en it westen fan 'e Konfederaasje, troch te snijen. Underweis dêrhinne waard er opwachte troch in Súdlike legermacht ûnder generaal Albert G. Jenkins, dy't er fersloech yn 'e Slach by Cloyd's Mountain. Dêrnei plondere er Dublin en blies er de spoarbrêge oer de Nije Rivier op.

Nei't Crook yn july 1864 ferslein waard yn 'e Twadde Slach by Kernstown, waard er likegoed oansteld as kommandant fan it Departemint fan West-Firginia. Dat stie doedestiden ek wol bekend as it Amerikaanske VIIIe Korps, om't it meastepart fan 'e troepen fan it departemint ta dat legerkorps hearden. It VIIIe Korps stie yn dy snuorje lykwols feitlik ûnder befel fan generaal Lew Wallace. Koarte tiid letter waard Crook syn befel opnommen yn it Leger fan de Shenandoah, fan generaal Philip Sheridan, en neitiid funksjonearre it yn 'e praktyk as in korps fan dat leger. Yn it neijier fan 1864 fierde Crook syn troepen oan yn 'e slaggen by Opequon, Fisher's Hill en Cedar Creek. Op 21 oktober waard er befoardere ta generaal-majoar.

Yn febrewaris 1865 waard Crook by Cumberland, yn Marylân, kriichsfinzen nommen troch Konfederearre troepen, wêrnei't er oerbrocht waard nei Richmond en in moanne lang fêstholden waard oant er útwiksele wurde koe tsjin in Súdlike kriichsfinzene fan ferlykbere rang. Nei't er hiel koart weromkeard wie op syn post as kommandant fan it Departemint fan West-Firginia, krige Crook ûnder de Appomattox-kampanje, it slútstik fan 'e Boargeroarloch, it befel oer in kavalerydifyzje yn it Leger fan de Potomac. Mei dy ienheid focht er foar it earst yn 'e Slach by it Gerjochtsgebou fan Dinwiddie. Letter spile er in foaroansteande rol yn 'e slaggen by Five Forks, Amelia Springs, Sailer's Creek en it Gerjochtsgebou fan Appomattox.

Tsjinst ûnder de Sjosjoanske Oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Amerikaanske Boargeroarloch yn april 1865 einige wie, waard Crook yn 1866 oerpleatst fan 'e frijwilligers nei it geregelde leger. Syn rang fan generaal-majoar ferlear er lykwols, om't der troch de ôfslanking fan it Amerikaanske Leger yn fredestiid in grut oerskot oan ofsieren bestie. Sadwaande waard er weromset ta majoar, mar al in pear dagen letter waard er wer befoardere ta luitenant-kolonel, en oansteld as fjildkommandant fan it Amerikaanske 23e Ynfanteryregimint, dat yn it Amerikaanske Noardwesten tsjinne. Hy kaam dêr op 11 desimber 1866 oan, en waard yn 1867 beneamd ta kommandant fan it militêre Departemint fan de Kolumbia, dat it hiele Noardwesten besloech.

George Crook ûnder de Javapai-Oarloggen.

Under de Noardlike Pajût-Oarloch, of de Snake War (1864-1869), brûkte Crook fan 1866 ôf nije taktiken om 'e Noardlike Pajût (Snake Indians) derûnder te krijen. Sa foel er ûnder it winterskoft oan, in tiid dy't de Yndianen brûkten om itensfoarrieden oan te lizzen. Ek liet er syn kavalery te foet de kampen fan 'e Noardlike Pajût beslûpe, sadat der gjin hoefslach wie dy't de oankomst fan 'e Amerikanen ferrette. Boppedat sette Crook Yndiaanske ferkenners yn om 'e kampen fan 'e Noardlike Pajût te lokalisearjen.

Under de winter fan 1867 ûntdieken sokke ferkenners in grut kamp oan 'e eastkant fan Steens Mountain, wêrnei't Crook alle ûntsnappingsrûtes dêrwei ôfsnije liet. Doe liet er syn troepen it kamp bestoarmje yn wat bekend kaam te stean as de Slach by Steens Mountain. It hie syn bedoeling west om 'e oanfal fan in ôfstân te beächtsjen, mar syn hynder waard kjel fan it ien of oar en gie op 'e rin, mei as gefolch dat Crook foar syn troepen út it kamp binnenfjouwere. Hoewol't er tusken de opinoar sjittende troepen en Yndiaanske krigers troch ried, kaam er dêr wûnder boppe wûnder sûnder kleanskuorren ôf. Letter fersloech er yn 'e Slach by Infernal Caverns, yn noardlik Kalifornje, in mingde troep besteande út Noardlike Pajût, Atsjomawy en Modok.

Tsjinst ûnder de Javapai-Oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er de Noardlike Pajût-Oarloch foar de Amerikanen ta in goed ein brocht hie, pleatste presidint Ulysses S. Grant Crook oer nei it Arizona-territoarium. Dêr sette Crook ûnder de Javapai-Oarloggen (1861-1875) Apache-ferkenners yn. Mei dy oanpak slagge it him om 'e Javapai en de Tonto-Apachen te twingen om har yn 'e harren tawiisde reservaten nei wenjen te setten. Yn 1873 waard Crook yn ien kear fan luitenant-kolonel befoardere ta brigadegeneraal, in promoasje wêrby't er de rang fan kolonel oersloech, wat kwea bloed sette by ferskate kolonels, dy't fûnen dat sy letterlik en figuerlik passearre wiene.

Tsjinst ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1875 oant 1882 wie Crook kommandant fan it militêre Departemint fan 'e Platte, dat in grut part fan 'e noardlike Grutte Flakten omfette. Hy wie yn dy snuorje legere yn Fort Omaha, yn it hjoeddeiske North Omaha, yn Nebraska. Under de Grutte Sû-Oarloch focht er yn 1876 en 1877 tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Oan it begjin fan dy oarloch, yn maart 1867, joech er ûnder barre winterske omstannichheden lieding oan 'e Bighorn-ekspedysje, hoewol't er net persoanlik belutsen wie by de Slach oan de Powderrivier, it grutste treffen fan dy fjildtocht.

Under de simmerkampanje befocht er op 17 juny fan datselde jier, nei in eardere skermutseling yn 'e Slach by Prairie Dog Creek, de Lakota en Noardlike Sjajinnen fan it opperhaad Mâl Hynder yn 'e Slach oan de Rosebud. Om't er oan 'e ein fan dy fjildslach yn it besit fan it slachfjild efterbleau, bewearde er sels dat er in oerwinning boekt hie, mar histoarisy binne it deroer iens dat de Yndianen eins Crook syn opmars ta stilstân brocht en dêrmei syn troepen effektyf útskeakele hiene, wat harren by steat stelde om sûnder syn bemuoienis yn 'e Slach oan de Little Bighorn ôf te weven mei it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Boppedat wiene it Crook syn Krieske en Sjosjoanske ferkenners dy't syn troepemacht yn 'e Slach oan de Rosebud trijeris fan 'e ûndergong rêden.

Nei't er einlings fersterkings en nije munysjefoarrieden krigen hie, sette Crook syn opmars yn augustus fuort, mar dêrby wist er net folle te bedijen. Uteinlik rekken ûnder dy fjildtocht, dy't bekend kaam te stean as de Hynstefleismars, de itensfoarrieden op en wiene syn kavaleristen twongen en yt har eigen hynders op. Pas mids septimber wist Crook yn 'e Slach by Slim Buttes in doarp fan 'e Oglala-Lakota oer it mad te kommen, wat ta in fûleindich gefjocht late wêrby't it opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere sneuvele. Doe't Amerikaanske Hynder syn froulju en bern har oerjoegen, en jitris doe it deadlik ferwûne opperhaad en de lêsten fan syn folgelingen de striid opjoegen, weage Crook him persoanlik yn 'e fjoerliny fan syn sjitgrage manskippen om 'e Yndianen nei feilichheid te lieden.

In brûnzen stânbyld fan George Crook yn Fort Omaha.

Yn 1879 wie Crook behelle yn it ferneamde proses Standing Bear v. Crook, wêryn't it opperhaad Steande Bear fan 'e Ponka it Amerikaanske regear yn 'e persoan fan Crook foar de rjochter dage om syn boargerrjochten erkend te krijen. Under dy rjochtsaak naam Crook it op foar Steande Bear en dy syn folk, en yn 'e útspraak befêstige de rjochter dat Steande Bear yndie beskate rjochten hie as in boarger fan 'e Feriene Steaten.

Tsjinst ûnder de Oarloch fan Geronimo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1882 kearde Crook werom nei Arizona, dêr't er lieding joech oer de operaasjes fan it Amerikaanske Leger yn 'e striid tsjin 'e Tsirikahûa-Apachen ûnder de Oarloch fan Geronimo. Hy twong ferskate oerwinnings op 'e Yndianen ôf, mar eltse kear glûpte it slûchslimme opperhaad Geronimo him troch de fingers. It wie yn dizze jierren dat de Apachen Crook by wize fan respekt de bynamme Nantan Lupan taparten, wat "Grize Wolf" betsjut. Nei't generaal Nelson A. Miles Crook ferfong, wist dy yn 1886 it ferset fan 'e Tsirikahûa einlings te ûnderdrukken. Dêrop waarden lykwols net inkeld Geronimo en syn krigers, mar ek de Tsirikahûa-ferkenners dy't oan 'e kant fan it Amerikaanske Leger fochten hiene, nei Floarida ta deportearre. Crook wie poerrazen oer dat ferrie, en stjoerde it iene nei it oare lulke tillegram oer dizze saak nei it Amerikaanske regear yn Washington, D.C. It soe lykwols 26 jier duorje ear't de Tsirikahûa út finzenskip frijlitten waarden.

Lettere jierren en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1886 wie Crook ûnderwilens befoardere ta generaal-majoar mei op 'e nij it kommando oer it Departemint fan 'e Platte. Dat oefene er út oant 1888, doe't er troch presidint Grover Cleveland oan it haad fan 'e Difyzje fan 'e Missoury pleatst waard, wêrfan't it haadkertier yn Chicago fêstige wie. Syn lêste jierren hold er him lykwols benammen dwaande mei protestearjen tsjin 'e ûnrjochtfeardige behanneling fan syn eardere Yndiaanske fijannen. George Crook stoar hommels yn Chicago, op 21 maart 1890. Hy waard earst begroeven yn Oakland, yn Marylân, mar yn 1898 waard er opgroeven om beïerdige te wurden op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan Washington, D.C. Reade Wolk, in foaroansteand opperhaad fan 'e Lakota, sei oer Crook: "Hy wie ien dy't ús teminsten nea foarliigd hat."

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.