Springe nei ynhâld

West Point (New York)

Ut Wikipedy
West Point
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat New York
County Orange County
Sifers
Ynwennertal 6.763 (2010)
Oerflak 64,9 km² (ynkl. wetter)
63,0 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 104,2 / km²
Oar
Stifting 1778
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 41°22′N 74°03′W
Kaart
De lizzing fan West Point yn Orange County en yn 'e steat New York.

West Point is in Amerikaanske legerbasis en teffens in doarp (census-designated place) yn Orange County, oan 'e westlike igge fan 'e rivier de Hudson, yn 'e Amerikaanske steat New York. Dat de legerbasis ek as in doarp beskôge wurdt, komt om't de gesinnen fan in grut part fan it militêr personeel yn in wenwyk op it terrein fan 'e basis wenje. Bestjoerlik falt West Point ûnder de gemeente (town) Highlands. It oerflak fan it terrein fan 'e basis, oftewol de himrik fan it doarp, beslacht 6.500 ha, en omfiemet de Amerikaanske Militêre Akademy, dy't yn 'e folksmûle bekend stiet as "West Point" of "The Point". Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 bedroech de befolking fan West Point doe krapoan 6.800 minsken.

West Point waard op 27 jannewaris 1778, ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, stifte troch de Poalske generaal Tadeusz Kościuszko, dy't doedestiden meifocht oan 'e Amerikaanske kant. Kościuszko wie in militêr sjeny dy't it plak foar in fort oan 'e rivier de Hudson útkeas fanwegen de aparte S-bocht dy't de rivier op dat plak makke. De basis hiet yn 't earstoan Fort Clinton, en waard de hiele oarloch troch bemanne troch in lyts Amerikaansk garnizoen.

Der waard by it fort in swiere izerne keatling dwers oer de Hudson lein om 'e Britske Marine de tagong ta de rivier te ûntsizzen, mar om't de Britten net besochten en far de rivier op, kaam it ek nea ta in konfrontaasje. Yn 1870 besocht de Amerikaanske generaal Benedict Arnold Fort Clinton oer te dragen oan 'e Britten as ûnderdiel fan syn ferrie oan 'e Amerikaanske saak. De gearspanning mislearre lykwols doe't de Britske majoar John André as spion troch de Amerikanen oppakt waard.

Histoarysk útsjoch, ein achttjinde iuw, fan West Point út nei it noarden oer de rivier de Hudson.

Yn 1802 waard by West Point troch de Amerikaanske presidint Thomas Jefferson de ferneamde Amerikaanske Militêre Akademy stifte, dy't meitiid suver synonym waard mei de namme 'West Point'. Dat is de âldste militêre akademy fan 'e Feriene Steaten, en de basis is fanwegen de oanwêzigens fan 'e akademy de langst aktive basis fan 'e Amerikaanske Striidkrêften. Yn 1937 waard op 'e basis it West Point Bullion Depository boud, dat yn 1988 de Munt fan West Point waard, in dependânse fan 'e Amerikaanske Munt.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie West Point doe in befolking fan 6.763 minsken. De befolkingstichtens bedroech 104,2 minsken de km². Yn 2010 wie fan 'e befolking fan West Point 0,1% âlder as 65 jier en 16,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 5,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 2,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 75,7% blanken; 9,1% swarten; 6,6% Latino's; 3,4% Aziaten; 0,5% Yndianen; 0,2% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 4,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn West Point

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

West Point leit yn 'e oergongssône tusken in fochtich lânklimaat en in fochtich subtropysk klimaat, hoewol't it mear karakteristiken fertoand fan in lânklimaat, lykas it bestean fan fjouwer dúdlik ûnderskate jiertiden. De simmers binne hjit en near, wylst de winters kâld binne, mei tuskenbeiden sniefal. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29,2 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 1,6 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 22 july 1926 en –27 °C op 9 febrewaris 1934. West Point kriget jiers trochinoar 1.284 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 89,6 sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.