Slach by Prairie Dog Creek (1876)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Slach by Prairie Dog Creek
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)
datum: 9 juny 1876
plak: by de mûning fan 'e Prairie Dog Creek yn 'e rivier de Tongue, yn noardlik Wyoming en súdlik Montana
útkomst: Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG Noardlike Sjajinnen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
befelhawwers
ûnbekend


George Crook
Anson Mills
John Gregory Bourke
sterkte
±200

  993 militêren
±100 boargers
ferliezen
2 deaden

0 deaden
2 ferwûnen

De Slach by Prairie Dog Creek wie in wapene treffen yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, dat op 9 juny 1876 plakfûn by de mûning fan it beekje de Prairie Dog Creek yn 'e rivier de Tongue, yn noardlik Wyoming en súdlik Montana. Hjirby waard it kamp fan 'e Amerikaanske legermacht fan brigadegeneraal George Crook oanfallen troch in troep Noardlike Sjajinnen. De oanfal waard ôfslein en de skermutseling, want mear wie it eins net, einige yn in Amerikaanske oerwinning.

It treffen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de simmerkampanje fan 1876 marsjearre de legermacht fan brigadegeneraal George Crook út Fort Fetterman yn Wyoming op nei it noarden ta, mei as doel om ôf te weven mei de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho dy't har yn it gebiet fan 'e Powderrivier yn súdlik Montana befûnen. Crook hie fiif kompanjyen (A, B, D, E en I) fan it Amerikaanske 5e Kavaleryregimint by him, tsien kompanjyen (A, B, C, D, E, F, G, I, L en M) fan it Amerikaanske 3e Kavaleryregimint, twa kompanyen (D en F) fan it Amerikaanske 4e Ynfantryregimint en trije kompanjyen (C, G en H) fan it Amerikaanske 9e Ynfanteryregimint, wat delkaam op 993 militêren. Dêropta hied er ek noch sa'n 100 boargers by him, dy't as ferkenners, gidsen, fuorlju en feedriuwers fungearren.

Op 9 juny hie dizze legermacht syn kamp opslein op it plak yn noardlik Wyoming dêr't it beekje de Prairie Dog Creek útmûne yn 'e rivier de Tongue. Dêr waarden hja ynienen ûnder fjoer nommen troch sa'n 200 krigers fan 'e Noardlike Sjajinnen, dy't ferskûle posysjes ynnommen hiene op 'e kliffen oan 'e noardigge fan 'e Tongue. In oar lyts groepke krigers hie in sideplak opsocht oan 'e eastkant fan it legerkamp, mei de bedoeling om 'e yn 'e betizing fan 'e hommelse oanfal mei de hynders fan 'e kavalery út te naaien. Crook joech de Kompanjyen C, G en H fan it 9e Ynfanteryregimint befel om 'e rivier oer te stekken, en nei't de soldaten troch it bitter kâlde wetter hinne wâde wiene, begûnen se de hast fertikale kliffen te beklimmen nei de fijannige posysjes.

De Kompanjyen A, E, I en M fan 'e 3e Kavalery setten ûnder befel fan kaptein Anson Mills ôf út it legerkamp en stieken in eintsje nei it westen de rivier oer, op 'e lofterflank fan 'e ynfanteristen. Dizze kavaleryôfdieling waard beselskippe troch John F. Finerty, in sjoernalist foar de Chicago Times. Nei't se in lytse bosk berikten, stigen de kavaleristen ôf, en teagen yn in saneamde skermutselingsliny (wêrby't eltse fjirde soldaat de leien fan 'e hynders fan syn trije maten beethold) fan 'e lânkant op 'e kliffen ta. Nei't se de top fan 'e kliffen berikt hiene, dreaune de kavaleristen de krigers dêrwei en jagen se likernôch 700 m nei it noarden ta. Dêr wie lykwols in heuvelrêch dêr't se har út it sicht fan 'e Amerikaanske troepen wergroepearje koene. Mills syn manskippen sloegen de nije oanfal fan 'e Sjajinnen lykwols ôf en dreaune har fierder tebek nei it noarden. Dêrop wergroepearren de krigers har op 'e nij, mar harren trêde oanfal stelde net folle foar, en doe loeken se har foargoed fan it slachfjild werom. De krigers dy't fan doel west hiene om 'e Amerikaanske hynders te stellen, krigen dêr net de kâns ta, en joegen har ôf sûnder wat bedijd te hawwen.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn dizze skermutseling, dy't neitiid de namme krige fan 'e Slach by Prairie Dog Creek, fûnen twa Sjajinske krigers de dea. Mank Crook syn troepen rekken twa soldaten lichtferwûne. Fierders waard der ien mûldier deasketten en rekken twa hynders ferwûne. Acht dagen letter soene de soldaten en de krigers inoar wer treffe yn 'e folle gruttere Slach oan de Rosebud.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.