John Gregory Bourke
John Gregory Bourke | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | John Gregory Bourke | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 juny 1846 | |
berteplak | Philadelphia (Pennsylvania) | |
stoarn | 8 juny 1896 | |
stjerplak | Philadelphia (Pennsylvania) | |
etnisiteit | Iersk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1862 – 1896 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | majoar | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Apache-Oarloggen | |
treffen(s) | Slach by Stones River Slach by Chickamauga Slach oan de Powderrivier Slach by Prairie Dog Creek Slach oan de Rosebud Slach by Slim Buttes | |
ûnderskiedings | Medal of Honor 1862 |
John Gregory Bourke (útspr.: [bɜ:ɹk], likernôch: "beurk"; Philadelphia (Pennsylvania), 23 juny 1846 – dêre, 8 juny 1896) wie in Amerikaansk militêr, fan etnysk Iersk komôf. Under de Amerikaanske Boargeroarloch wûn er in Medal of Honor, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, foar dapperens betoand yn 'e Slach by Stones River. Neitiid folge er in ofsiersopliedng en tsjinne er ek yn 'e Sû-Oarloggen en de Apache-Oarloggen. Bourke wie in produktyf deiboekskriuwer en publisearre inkele boeken oer it Wylde Westen en ferskate folkekundige wurken oer Yndiaanske folken.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bourke waard yn 1846 berne yn Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as de soan fan Edward Joseph Bourke en dy syn frou Anna Morton, dat allebeide Ierske ymmigranten wiene. As bern genoat er in brede oplieding, en learde er sawol Latyn, Aldgryksk as Iersk. Doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, wie Bourke fjirtjin jier.
Militêre karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In goed jier letter, doe't er sechstjin jier wie, rûn Bourke fuort en naam er tsjinst yn it Noardlike Leger troch te ligen oer syn âldens en te sizzen dat er njoggentjin wie. Hy waard as sljochtwei soldaat yndield by it 15e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Pennsylvania, dêr't er by tsjinne oant july 1865, in fearnsjier nei de ein fan 'e boargeroarloch. Foar betoande moed op it slachfjild yn 'e Slach by Stones River, yn Tennessee, waard Bourke yn desimber 1862 de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Letter focht er ek yn 'e Slach by Chickamauga.
Neitiid waard Bourke troch syn kommandant, generaal-majoar George H. Thomas, nominearre foar de ofsiersoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er mids oktober 1865 oan syn stúdzje begûn. Hy slagge yn juny 1869 foar syn eksamens en waard neitid mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 3e Kavaleryrezjimint. Mei dat rezjimint tsjinne er fan septimber 1869 oant febrewaris 1870 yn Fort Craig, yn Nij-Meksiko.
Letter wie Bourke jierrenlang de adjudant fan brigadegeneraal George Crook, mei wa't er yn 1876 en 1877 dielnaam oan 'e Grutte Sû-Oarloch tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, en fan 1882 oant 1883 oan 'e Oarloch fan Geronimo tsjin 'e Tsirikahûa-Apachen. Under de Grutte Sû-Oarloch focht er mei yn û.m. Slach oan de Powderrivier, de Slach by Prairie Dog Creek, de Slach oan de Rosebud en de Slach by Slim Buttes. Hy klom op nei de rang fan majoar, en hie ûnder de Oarloch fan Geronimo it befel oer de ferkenners fan it Amerikaanske Leger.
Skriuwwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As adjudant fan Crook hie Bourke de kâns om alle fasetten fan it libben yn it Wylde Westen fan tichteby te beächtsjen: de striid mei de Yndianen, de Yndianen sels, de blanke kolonisten, de faak korrupte Yndiaanske aginten, de floara en fauna en de ynterne strideraasjes yn it Amerikaanske Leger. Alle dingen dy't er seach, lei er froed yn in almar oanwaaksende rige deiboeken fêst, dy't er syn hiele folwoeksen libben byhold. Letter soed er dy geskriften brûke foar ferskate wurken oer it Wylde Westen, wêrûnder Mackenzie's Last Fight with the Cheyennes (1890), oer kolonel Ranald S. Mackenzie, en On the Border with Crook (1892), oer syn eigen ûnderfinings as adjudant fan George Crook.
Yn 1881 wie Bourke te gast by de Sûny (Zuni) fan Nij-Meksiko, dy't him tastiene om in seremoanje by te wenjen fan harren medisynman. U.m. oer dy ûnderfining publisearre Bourke yn 1888 it artikel The Use of Human Ordure and Human Urine in Rites of a Religious of Semi Religious Character among Various Nations ("It Gebrûk fan Minsklik Húskeguod en Minsklike Urine yn Rituëlen mei in Religieus of Semy-Religieus Karakter mank Ferskate Folken"). Ferskillende neifolgjende stúdzjes laten Bourke ta it skriuwen fan syn bekendste wurk, Scatalogic Rites of All Nations ("Skatalogyske Rituëlen fan Alle Folken"), dat er yn 1891 publisearre. Fanwegen it gefoelige ûnderwerp waard dit boek inkeld yn in lyts fermidden fan wittenskippers útbrocht. Pas yn 1913 waard Scatalogic Rites of All Nations foar in breder publyk publisearre, mei in foarwurd fan 'e Eastenrykske psychiater Sigmund Freud.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 25 july 1883, doe't er al fjirtich jier wie, troude Bourke mei in Mary F. Horbach, út Omaha. Ut dat houlik waarden trije dochters berne.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bourke kaam yn 1896 yn in sikehûs yn syn bertestêd Philadelphia te ferstjerren, yn 'e âldens fan noch mar 49 jier. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan Washington, D.C. Syn frou waard dêr letter njonken him beïerdige.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1884 – The Snake-Dance of the Moquis of Arizona: Being A Narrative of a Journal from Santa Fe, New Mexico, to the Villages of the Moqui Indians of Arizona
- 1886 – An Apache Campaign in the Sierra Madre: An Account of the Expedition in Pursuit of the Hostile Chiricahua Apaches in the Spring of 1883
- 1888 – Compilation of Notes and Memoranda Bearing Upon the Use of Human Ordure and Human Urine in the Rites of a Religious or Semi-Religious Character Among Various Nations
- 1890 – Mackenzie's Last Fight with the Cheyennes: A Winter Campaign in Wyoming and Montana (oer Ranald S. Mackenzie)
- 1891 – Scatalogic Rites of All Nations
- 1892 – On the Border with Crook
- 1892 – Medicine-Men of the Apache
- 1894 – The Laws of Spain in their Application to the American Indians
- 1895 – Folk-Foods of the Rio Grande Valley and of Northern Mexico
- 1896 – Notes on the Language and Folk-Usage of the Rio Grande Valley (With Especial Regard to Survivals of Arabic Custom)
- 1920 – The Urine Dance of the Zuni Indians of New Mexico
- 2003-2013 – The Diaries of John Gregory Bourke (red. Charles M. Robinson III)
- 2003 – Vol. I - November 20, 1872, to July 28, 1876
- 2005 – Vol. II - July 29, 1876 to April 7, 1878
- 2007 – Vol. III - June 1, 1878 to June 22, 1880
- 2009 – Vol. IV - July 3, 1880 to May 22, 1881
- 2013 – Vol. V - May 23, 1881 to August 26, 1881
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |
- Amerikaansk ofsier
- Noardlik Amerikaansk militêr yn de Amerikaanske Boargeroarloch
- Persoan yn de Grutte Sû-Oarloch fan 1876
- Persoan yn de Apache-Oarloggen
- Persoan yn it Wylde Westen
- Amerikaansk deiboekskriuwer
- Amerikaansk publisist
- Amerikaansk etnolooch
- Amerikaansk antropolooch
- Amerikaansk skiedkundige
- Amerikaansk autobiograaf
- Amerikaansk persoan fan Iersk komôf
- Persoan berne yn 1846
- Persoan stoarn yn 1896