Springe nei ynhâld

Adjudant (funksje)

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer de funksje adjudant. Foar de militêre rang, sjoch: adjudant (rang).

In adjudant is de persoanlik assistint fan in heechpleatst persoan, wêrby't it yn 'e regel giet om in hege militêr, in politikus, in hege geastlike of in steatshaad. De term komt fan it Latynske adiutor, fan it tiidwurd adiuvare, dat "helpe" betsjut. Yn it leger wurdt ûnderskie makke tusken in fjildadjudant, faak bekend ûnder de Frânske oantsjutting aide de camp, dy't in militêre befelhawwer op it slachfjild bystiet, en in fleugeladjudant, dy't in foarst assistearret en diel útmakket fan 'e hofhâlding. Dêrby giet it beide kearen om in funksje en net om in rang; ofsieren mei de rang fan adjudant steane folle leger yn oansjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.