Sû-Oarloggen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sû-Oarloggen
Custer's last charge.jpg
De Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, de bekendste episoade út 'e Sû-Oarloggen.
datum: 18541891
plak: op 'e noardlike Grutte Flakten fan
Noard-Amearika
útkomst: lân ferovere troch de Feriene Steaten; de 
opsletten yn reservaten
konfliktpartijen
Flagge United Sioux Tribes.PNG Lakota
Flagge United Sioux Tribes.PNG Eastlike Dakota
Flagge United Sioux Tribes.PNG Westlike Dakota
Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG Noardlike Sjajinnen
Flagge fan de Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat.PNG Noardlike Arapaho
Flagge fan de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.png Súdlike Sjajinnen
Flagge fan de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.png Súdlike Arapaho
Flagge fan de Kajowa Stamme fan Oklahoma.PNG Kajowa
Flagge fan de Komantsje Naasje fan Oklahoma.PNG Komantsjen
Flagge fan de Apache Stamme fan Oklahoma.png Flakte-Apachen
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flagge fan de Mandan, Hidatsa & Arikara Naasje.png Arikara
Flagge fan de Kro Stamme.png Krieën
Flagge fan de Pâny Naasje fan Oklahoma.PNG Pâny
Flagge fan de Eastlike Sjosjoanestamme.PNG Sjosjoanen





befelhawwers
Bûnte Sturt
Bûnte Wapity
Gal
Grutte Earn
Hege Rêchbonke
Jongeman-Dy't-Bang-Is-
   foar-Syn-Hynders

Kromme Noas
Lytse Krie
Lytse Rots
Lytse Wolf
Mâl Hynder
Oerwinnende Bear
Reade Mûtse
Reade Wolk
Rein-yn-'t-Gesicht
Sittende Bolle
Stomp Mês
Swarte Tsjettel
Twa Moannen
Henry B. Carrington
John M. Chivington
Nelson D. Cole
Patrick E. Connor
George Crook
George A. Custer
William Fetterman
James W. Forsyth
John Gibbon
John L. Grattan
Nelson A. Miles
Frank North
John Pope
Marcus Reno
Joseph J. Reynolds
Henry H. Sibley
Alfred Sully
Alfred Terry
Samuel Walker
Henry W. Wessells sr.

De Sû-Oarloggen of Sioux-Oarloggen wiene in rige wapene en bytiden tige bloedige konflikten tusken de Feriene Steaten en ferskate subgroepen (en bûnsgenoaten) fan 'e (Sioux), in lânseigen Yndiaansk folk fan it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De ierste fan dizze oarloggen briek út yn 1854, en de lêste einige yn 1891. De ynset wie de kolonisaasje troch de Amerikanen fan it wengebiet fan 'e Sû, en it einresultaat wie de definitive en folsleine ûnderwerping fan 'e Yndianen en harren opsluting yn reservaten.

De Earste Sû-Oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Earste Sû-Oarloch.

De Earste Sû-Oarloch begûn yn 1854 nei't in Minnikonzjû-kriger yn Nebraska in ko stellen hie fan in mormoanske karafaan op trochreis nei it Westen. Doe't in ôfdieling kavalery fan it Amerikaanske Leger nei in grut doarp fan 'e Sû ried om ferhaal te heljen, laten de nûmerike oermacht fan 'e Yndianen en de senuweftigens fan 'e soldaten ta in sjitpartij dy't útrûn op it saneamde Grattan-bloedbad, wêrby't 29 fan 'e 31 leden fan 'e kavalery-ienheid omkamen. De folgjende twa jier waarden der oer en wer oanfallen dien.

De Dakota-Oarloch fan 1962[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Dakota-Oarloch fan 1862.

De Dakota-Oarloch fan 1862, soms ek wol de Oarloch fan Lytse Krie (Little Crow's War) neamd, wie in wapene konflikt yn 'e simmer en it neijier fan 1862, tusken de Feriene Steaten en in diel fan 'e Eastlike Dakota yn it súdwesten fan 'e steat Minnesota. It wie eins gjin oarloch, mar in út need berne opstân, dy't oan tusken de 530 en 880 Amerikanen en 150 Dakota it libben koste, en einige mei de massale eksekúsje troch ophinging fan 38 Dakota-lieders.

De Strafekspedysje tsjin de Sû (1863)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Strafekspedysje tsjin de Sû (1863).

Guon fan 'e Dakota-krigers hiene har net oerjûn, mar ynstee út eigen beweging de wyk nommen nei it Dakota-territoarium, dêr't se har by de troep fan Reade Mûtse joegen, in beruchte kriichslieder fan 'e Wahpekûte-substamme fan 'e Eastlike Dakota, dy't al earder út Minnesota ferdreaun wie. Amerikaanske troepen hjitfolgen har dêrhinne en fersloegen de Dakota en harren westliker libjende sibben, de Lakota, yn 'e simmer fan 1863 yn fjouwer fjildslaggen by Big Mound, Dead Buffalo Lake, Stony Lake en Whitestone Hill.

De Strafekspedysje tsjin de Sû (1864)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Strafekspedysje tsjin de Sû (1864).

Yn 1864 folge in twadde Amerikaanske militêre ynfal yn it Dakota-territoarium, wêrby't generaal Alfred Sully de Dakota en Lakota fersloech yn 'e Slach by Killdeer Mountain. De strafekspedysjes fan 1863 en 1864 wiene de opmjitte foar de Flakte-Yndiaanske Oarloggen mei de Lakota, dy't fuort letter yn alle ferheftichheid losbarste soene.

De Kolorado-oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Kolorado-oarloch.

De Kolorado-oarloch wie in konflikt yn Kolorado dat benammen útfochten waard tusken de Feriene Steaten oan 'e iene kant en de Sjajinnen en Arapaho oan 'e oare kant. Noardlik fan 'e rivier de Platte waarden dy lêsten lykwols sterk stipe troch de Lakota, wylst se yn súdlik Kolorado help krigen fan 'e Kajowa en de Komantsjen (en yn mindere mjitte de Flakte-Apachen). De oarloch begûn yn 1864 mei in ferriedlik oanfal troch de territoriale milysje fan Kolorado op it winterkamp fan it Súdlik Sjajinske opperhaad Swarte Tsjettel, dy't bekend kaam te stean as it Bloedbad fan Sand Creek. Dat barren sette de Sjajinnen en harren bûnsgenoaten oan ta aksje tsjin 'e blanke kolonisten yn Kolorado. Hoewol't dizze oarloch oant 1868 trochgie, wiene de Lakota benammen belutsen by de oerwinning yn 'e Slach by Julesburg, begjin 1865, en lytsere oan- en oerfallen yn 'e krite by de Platte lâns.

De Ekspedysje nei de Powderrivier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Ekspedysje nei de Powderrivier (1865).

De Ekspedysje nei de Powderrivier wie in Amerikaanske strafekspedysje tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho yn it gebiet fan 'e Powderrivier fan súdlik Montana. Hjirby teagen trije grutte legerkolonnes dy krite binne, mar dy wiene te traach en loch om 'e Yndianen ta in iepen fjildslach te twingen, en de meagere súkseskes dy't behelle waarden, wiene eins folslein ta te skriuwen oan 'e ynset fan Yndiaanske ferkenners.

De Oarloch fan Reade Wolk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Oarloch fan Reade Wolk.

De Oarloch fan Reade Wolk (Red Cloud's War), ek wol bekend as de Bozemanoarloch of de Oarloch fan de Powderrivier, wie in konflikt tusken de Feriene Steaten en de Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho, dy't ferneamd is nei it Lakota-opperhaad Reade Wolk (Red Cloud). Dizze oarloch briek yn 1866 út, nei't it Amerikaanske Leger tsjin 'e ôfspraken fan it earste Ferdrach fan Fort Laramie yn in rige forten by it Bozeman Trail lâns boude, op it grûngebiet fan 'e Yndianen, om 'e almar oanwaaksende stream blanke kolonisten út it Easten te beskermjen. Nei twa jier oarlochfiering bûnen de Amerikanen yn en sleaten se yn 1868 it twadde Ferdrach fan Fort Laramie mei de Yndianen, wêrby't se dermei ynstimden om 'e forten ôf te brekken en de Yndiaanske lânoanspraken tenei te respektearjen.

De Yellowstone-ekspedysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Yellowstone-ekspedysje (1873).

De Yellowstone-ekspedysje wie in militêre ekspedysje fan it Amerikaanske Leger yn 1873 yn 'e Dakota's en Montana, mei as doel om in gaadlike rûte te sykjen foar de oanlis fan it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad by de rivier de Yellowstone lâns. De ekspedysje stie ûnder befel fan kolonel David S. Stanley, dy't luitenant-kolonel George Armstrong Custer as ûnderbefelhawwer hie. Yn it begjin waard de ekspedysje teheistere troch min waar, mar ienris oankommen by de Yellowstone foarmen de Lakota in grutter probleem. Der fûnen twa wapene konfrontaasjes plak, wêrby't de Amerikanen beide kearen de oerwinning behellen.

De Ekspedysje nei de Black Hills[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Ekspedysje nei de Black Hills.

De Ekspedysje nei de Black Hills of de Black Hills-ekspedysje wie in militêre ekspedysje fan it Amerikaanske Leger yn 1874 nei de Black Hills fan súdwestlik Dakota, dy't as ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen beskôge wurde kin, hoewol't der net by fochten waard. It doel wie om 'e Black Hills te ferkennen en de mooglike oanwêzigens fan weardefolle mineralen lykas goud te ûndersykjen, in misje dy't útfierd waard troch it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, ûnder befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Doe't der yndie goud fûn waard yn 'e Black Hills, in gebiet dat hillich wie foar de Lakota, joech dat oanlieding ta de Goudkoarts fan de Black Hills, dy't op syn beurt wer late ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Grutte Sû-Oarloch fan 1876.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876, ek wol de Black Hills-oarloch neamd, briek út doe't blanke goudsikers it lân fan 'e Lakota yn 'e Black Hills binnenkrongen nei't dêr yn 1874 goud fûn wie, en de Amerikaanske oerheid wegere om dêrtsjin fanwegen te kommen. Dêrmei brieken de Amerikanen it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, út 1868, wêrby't se dat gebiet 'foar ivich' oan 'e Lakota ôfstien hiene. Tradysjoneel hawwe Amerikaanske histoarisy en militêren de klam lein op 'e striid tsjin 'e Lakota, mar guon Yndiaanske saakkundigen binne fan betinken dat it wiere doelwyt fan 'e Amerikanen yn 'e Grutte Sû-Oarloch net de wiene, mar harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen.

Fan 'e withoefolle slaggen, gefjochten en skermutselings út dizze oarloch is de Slach oan de Little Bighorn, fan ein juny 1876, it bekendst wurden, dêr't de Lakota, Sjajinnen en guon Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer foar in grut diel útrûgen. Nettsjinsteande dy grutte oerwinning foar de Yndianen, moasten se úteinlik yn 'e rin fan 1877 belies jaan doe't de Amerikanen alles op alles setten om 'e skande fan harren nederlaach oan 'e Little Bighorn út te wiskjen. Sadwaande einige de oarloch yn 'e definitive nederlaach fan 'e Flakte-Yndianen.

De Geastedûnsoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Geastedûnsoarloch.

De Geastedûnsoarloch wie in wapene konflikt yn desimber 1890 en jannewaris 1891 tusken de Feriene Steaten en de Lakota. Hoewol't it in oarloch neamd wurdt, foldocht dy namme mar amperoan, om't it konflikt der eins te lyts en te iensidich foar wie. It draaide om 'e ûnderdrukking troch it Amerikaanske Leger fan 'e geastedûnsbeweging, dy't beskôge waard as in opstannige organisaasje. De Geastedûnsoarloch omfieme trije wapene konfrontaasjes, wêrfan't it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee it bekendst wurden is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.