Little Bighorn (rivier)
De Little Bighorn is in 138 km lange sydrivier fan de rivier de Bighorn yn de Feriene Steaten fan Amearika, dy't troch de steaten Wyoming en Montana rint. Yn 1876 waard de Slach fan Little Bighorn oan de ouwers fan de rivier útfjochte.
De Little Bighorn begjint yn it fierste noarden fan Wyoming, oan de noardkant fan de it Bighornberchtme, dêrnei rint er it nei noarden Montana yn en troch it Crow Reservaat de stêden Wyola, Lodge Grass en Crow Agency by lâns om by it plak Hardin yn de Bighorn út te kommen.
It eardere slachfjild, dêr't no it Nasjonaal monumint Little Bighorn Battlefield stiet, is sa'n 7 kilometer besuden Crow Agency, op de eastouwer fan de rivier.
Nammefarianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Little Bighorn is ek bekend as de Custer, Greasy Grass River (de Lakota namme) en Great Horn River.