Hege Rêchbonke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hege Rêchbonke
persoanlike bysûnderheden
echte namme Čáŋku Wakátuya
oare namme Bochel, High Backbone, Hump
berne ±1820
berteplak  ?
stoarn 1870
stjerplak  ? (Montana)
etnisiteit Flagge United Sioux Tribes.PNG Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Minnikonzjû
jierren aktyf ±18651870

Hege Rêchbonke of Bochel (Lakota: Čáŋku Wakátuya, útspr.: ['ʧã:ku wa'ka:tuja]; Ingelske oersetting: High Backbone of Hump; ±18201870) wie in opperhaad fan 'e Minnikonzjû-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 'e Oarloch fan Reade Wolk wie hy ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn it Fetterman-bloedbad en it Weinboarchgefjocht.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't guon boarnen hawwe wolle dat Hege Rêchbonke fan deselde âldens wie as it grutte opperhaad Mâl Hynder, wat syn bertejier om 1840 hinne pleatse soe, beweare oaren dat er oansjenlik âlder wie. De betizing is nei gedachten feroarsake troch it feit dat Mâl Hynder syn heit ek Mâl Hynder hiet, en Hege Rêchbonke sil dus fan dy syn generaasje west hawwe, wat betsjut dat er om 1820 hinne berne wêze moat. Dat wurdt befêstige troch it ferhaal dat er in kola (bloedbroer) fan Mâl Hynder de Aldere wie, en in soarte fan mentor foar de jonge Mâl Hynder.

Under de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), wêrby't de Lakota ûnder lieding fan it opperhaad Reade Wolk en stipe troch de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, besochten om foar te kommen dat it Amerikaanske leger forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn, wie Hege Rêchbonke ien fan 'e oanfierders fan 'e Yndianen. Hy focht mei yn it it saneamde Fetterman-bloedbad of Fetterman-gefjocht, yn desimber 1866, wêrby't de Yndianen yn 'e neite fan Fort Phil Kearney, yn Wyoming, in Amerikaansk kavalerydetasjemint fan 81 man ûnder lieding fan kaptein William J. Fetterman oan 'e lêste man ta útrûgen.

Ek naam er diel oan it saneamde Weinboarchgefjocht, yn augustus 1867, alwer yn 'e neite fan Fort Phil Kearny. Dêrby foelen de Lakota in groep soldaten oan dy't derop útstjoerd wiene om hout te hakjen. De soldaten namen har taflecht yn in weinboarch en trochdat se tarist wiene mei nije repeteargewearen, dy't net nei elts skot werladen hoegden te wurden, rjochten se in slachting ûnder de Yndianen oan doe't dy harren posysje bestoarmen. Sadwaande einige it gefjocht yn in ympasse.

Nei't yn 1868 it twadde Ferdrach fan Fort Laramie tekene wie, behold Hege Rêchbonke syn posysje fan respektearre oarlochslieder. Yn 'e hjerst of de winter fan 1870 kaam er lykwols om by in oanfal op 'e Sjosjoanen (Shoshone), dat erffijannen fan 'e Lakota wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.