Platte (rivier)

Ut Wikipedy
Streamgebiet fan de (Noard en Súd) Platte

De Platte (Ingelsk: Platte River) is in 499 kilometer lange rivier yn it westen fan de Feriene Steaten. De rivier ûntstiet by de stêd North Platte yn Nebraska, troch de gearrin fan de Noard Platte mei de Súd Platte, en mûnet acht kilometer benoarden Plattsmouth út yn de Missoury.