Stomp Mês

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stomp Mês
Dull Knife (Morning Star).jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Vóóhéhéve
oare namme Morning Star, Tamílapéšni,
Dull Knife
berne ±1810
berteplak  ? (Montana)
stoarn 1883
stjerplak yn it Noardlike Sjajinne
Reservaat
(Montana)
etnisiteit Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG Noardlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Noardlike Sjajinnen
jierren aktyf ±18351883

Moarnsstjer (Sjajinsk: Vóóhéhéve, útspr.: ['vo:hɪhɪvɪ]; Ingelske oersetting: Morning Star; Montana, ±1810 – yn it Noardlike Sjajinne Reservaat (Montana), 1883) wie yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy is lykwols benammen bekend wurden ûnder de namme dy't de (Sioux), de tradysjonele bûnsgenoaten fan 'e Sjajinnen, him joegen: Stomp Mês (: Tamílapéšni, útspr.: [ta'mi:lape:ʃni]; Sjajinske oersetting: Motšêške Ôhnêxahpo, útspr.: [mot'ʃɪʃkɪ o'hnɪxahpo]; Ingelske oersetting: Dull Knife). Hy wie al by syn libben wiid ferneamd om syn ferset tsjin 'e kolonisaasje fan it Wylde Westen troch de Feriene Steaten, en waard sels troch blanke auteurs út dy tiid gauris omskreaun as "an admirable outlaw" (frij fertaald "in wurdearre smjunt"), dy't wolris ferlike waard mei de ferneamde Skotske rôvershaadman Rob Roy. De Noardlike Sjajinnen tankje it grutdiels oan Stomp Mês dat se hjoed de dei in reservaat yn harren oarspronklike wengebiet hawwe.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stomp Mês waard nei gedachten om 1810 hinne berne. Yn 1868 loek er foar it earst de oandacht fan 'e Amerikanen, doe't er de Noardlike Sjajinnen fertsjintwurdige by it sluten fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie. Yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wied er in stânheft bûnsmaat fan Lakota-opperhaden as Sittende Bolle en Mâl Hynder, mar nei de Slach oan de Little Bighorn, op 25 juny 1876, wêrby't de Sû, Sjajinnen en Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrochten, waarden de Sjajinnen troch de Amerikanen slim yn 'e benearing brocht. Ein novimber 1876 ferneatigen de Amerikanen 153 tipys fan 'e Noardlike Sjajinnen en makken se 500 fan harren hynders bút yn it foar de Yndianen rampsillich ferrûne Gefjocht fan Stomp Mês. Sadwaande wie Stomp Mês, dy't trouwens sels net oanwêzich west hie by de Little Bighorn, twongen om him begjin 1877, yn 'e mande mei de measte oare leden fan syn folk, oer te jaan.

Stomp Mês.

De Noardlike Sjajinnen ferwachten dat se, no't se de striid opjûn hiene, neffens de ôfspraken fan it Ferdrach fan Fort Laramie nei it Grutte Sû Reservaat yn 'e Black Hills stjoerd wurde soene, mar ynstee waarden se nei it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) deportearre om har yn it reservaat fan 'e Súdlike Sjajinnen nei wenjen te setten. De libbensomstannichheden dêre wiene poermin, der wie net genôch iten en der hearske malaria.

Sadwaande laten Stomp Mês en in oar opperhaad, Lytse Wolf, op 9 septimber 1878 in grutte troep Noardlike Sjajinnen werom nei it noarden, in barren dat bekend stiet as de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen. Se wisten de Amerikaanske troepen, dy't har hjitfolgen, te ûntwiken en yn in rige skermutelings op in ôfstân te hâlden, mar nei't se útinoar gien wiene, waard de groep fan Stomp Mês ein septimber besingele en finzen nommen by Fort Robinson, yn 'e steat Nebraska. Doe't dúdlik waard dat se weromstjoerd wurde soene nei it Yndiaanske Territoarium, besochten se op 9 jannewaris 1979 ûnder barre winterske omstannichheden út te brekken, wêrby't in grut part fan harren, fral froulju en bern, omkamen, wylst 65 de oare deis al wer finzen nommen waarden. Stomp Mês, syn frou, soan, skoandochter, pakesizzer en in opslûpen jonge dy't fan Reade Fûgel hiet, hiene har deunby it fort ferskûle, en wisten te ûntkommen doe't de soldaten de restearjende groep fan 32 Sjajinnen folgen. Dy waarden op 22 jannewaris ynsletten by Hat Creek Bluff, dêr't se harsels suver deafochten. Der wiene mar acht oerlibbenen. Dizze hiele opienfolging fan foarfallen kaam bekend te stean as it Bloedbad fan Fort Robinson.

Uteinlik waarden alle oerlibbenen frijlitten en waard harren tastien om werom te kearen nei har heitelân yn Montana, dêr't de groep fan Lytse Wolf ûnderwilens al oankommen wie. Stomp Mês, dy't op eigen krêft it Pine Ridge Agintskip witten hie te berikken, stoar fjouwer jier letter, yn 1883, as frij man yn Montana. Uteinlik waard de Noardlike Sjajinnen yn 1884 in eigen reservaat yn súdeastlik Montana tawiisd. Stomp Mês leit begroeven op in hege heuvel dy't útsjocht oer de rivier de Stillwater, deunby Lame Deer, dat no it haadplak fan it reservaat is. De universiteit fan it reservaat, it Opperhaad Stomp Mês Kolleezje (Chief Dull Knife College), is nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.