Bloedbad fan Fort Robinson
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It Bloedbad fan Fort Robinson (Ingelsk: Fort Robinson Massacre) of de Trageedzje fan Fort Robinson, is de oantsjutting foar in rige foarfallen yn jannewaris 1879 by Fort Robinson, in Amerikaanske militêre bûtenpost yn it noardwesten fan 'e steat Nebraska. Dêrby besochten de Noardlike Sjajinnen, dy't dêr belâne wiene nei harren ferneamde úttocht út it Yndiaanske Territoarium, ûnder barre winterske omstannichheden te ûntkommen oan in nije deportaasje nei it suden, wat resultearre yn ferskate tige bloedige gefjochten.
Foarskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 waarden de Noardlike Sjajinnen nei it Yndiaanske Territoarium (Oklahoma) ta deportearre, dêr't se te min te iten hiene en al rillegau begûnen te beswiken oan ûnderfieding en sykten as malaria. Yn 1878 besochten se ûnder lieding fan 'e opperhaden Stomp Mês en Lytse Wolf út harren reservaat te ûntsnappen en werom te kearen nei harren heitelân yn it noarden, in barren dat bekend kommen is te stean as de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen. Dêrby teagen se dwers troch de hjoedddeiske Amerikaanske steaten Oklahoma, Kansas en Nebraska hinne, wylst se hjitfolge waarden troch it Amerikaanske leger.
It bloedbad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 23 oktober waard de troep fan Stomp Mês by Fort Robinson, yn noardwestlik Nebraska, besingele troch Amerikaanske troepen. Stomp Mês en de oare lieders, Wylde Baarch en Sterke Lofterhân, besleaten har oer te jaan, fanwegen de minder wurdende waarsomstannichheden en de grutte oermacht fan 'e fijân. Se hellen doe har bêste gewearen útinoar; de lopen waarden troch de froulu ûnder de klean ferstoppe, wylst de lytsere ûnderdielen oan klean en mokassins hongen waarden by wize fan fersiering. Op 25 oktober berikten se Fort Robinson, dêr't se mei syn hûndertfyftigen húsfêste waarden yn barakken dy't boud wiene foar 75 soldaten.
Yn desimber hellen de Amerikanen it Lakota-opperhaad Reade Wolk nei it fort ta om te bemiddeljen, en nei in ûnderhâld mei him stimden Stomp Mês en de oare haadlju dermei yn om nea wer de wapens tsjin 'e Amerikanen op te nimmen as de Grutte Heit yn Washington (de presidint) harren tastean soe om har by it Pine Ridge Agintskip mank de Lakota, dat fan âlds harren bûnsgenoaten wiene, nei wenjen te setten. Mar dêr koe neffens it Amerikaanske regear gjin sprake fan wêze, en op 3 jannewaris 1879 kaam fan hegerhân it befel yn Fort Robinson oan dat de Noardlike Sjajinnen wer werom moasten nei it Yndiaanske Territoarium.
Doe't de Sjajinnen dúdlik makken dat dat foar harren ûnbesprekber wie, waarden de finsters fan harren barakken fan traaljes foarsjoen, en krigen se gjin iten of branje mear. Nei seis dagen fan honger lijen yn 'e kjeld woe Stomp Mês op 9 jannewaris noch altyd fan gjin wiken witte, mar Wylde Baarch en Sterke Lofterhân stimden dermei yn om te praten. Nei't hja mei har folk oerlein hiene, kamen hja lykwols sûnder wat bedijd te hawwen werom: de minsken ferpoften it om wer nei it suden ta.
Dyseldichste jûns om kertier foar tsienen prebearren de Sjajinnen in útbraak mei har wer yninoar sette gewearen. Dêrby rekken in stikmannich fan harren ferwûne, dat de Amerikanen hiene gjin swierrichheden om 'e bloedspoaren troch de snie te folgjen. De Sjajinnen waarden binnen in pear oeren al ynhelle, en yn it gefjocht dat dêrop folge waard in grut tal fan harren deade. Tsjin 'e moarn waarden 65 Sjajinnen, wêrûnder 23 ferwûnen, as finzenen werombonsjoerd nei Fort Robinson. Net mear as 38 Yndianen wiene ûntsnapt, wêrfan't seis, mei dêrûnder Stomp Mês, har deunby it fort ferskûle hiene, en wisten te ûntkommen doe't de soldaten de oare 32 Sjajinnen efterfolgen. Dit groepke fan seis wist úteinlik op eigen manneboet it Pine Ridge Agintskip te berikken.
De oerbleaune 32 Sjajinnen waarden úteinlik op 22 jannewaris ynsletten by Hat Creek Bluff, op in plak dat neitiid ek wol The Pit ("It Gat") neamd waard, 55 km fan Fort Robinson ôf. Under lieding fan in kriger dy't Lytse Fingerneil hiet, besochten dêr yn totaal 18 manlju en opslûpen jonges en 14 froulju en bern har yn it bêd fan in opdrûge beek fjouwer kompanjyen soldaten, likernôch 150 man, fan it liif te hâlden, dy't oanfierd waarden troch kaptein Henry W. Wessells jr. De Sjajinnen waarden út trije rjochtings wei oanfallen, en nettjinsteande harren fûleindige ferdigening wisten de soldaten ferskate kearen de kant fan it streambêd te berikken om oer de râne te sjitten. Harren oproppen oan 'e Yndianen om har oer te jaan, waarden beäntwurde mei kûgels. Uteinlik waarden alle krigers deade of deadlik ferwûne, krekt-en-gelyk as fjouwer froulju en twa bern. Seis soldaten kamen ek om, en Wessells sels rekke mei fjouwer oare Amerikanen ferwûne. Nei ôfrin fan it gefjocht waarden der acht Sjajinske oerlibbenen ûnder de liken fan harren deade en stjerrende maten weiskuord. Dy waarden mei werom nommen nei Fort Robinson.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch dit bloedbad kearde foar de Noardlike Sjajinnen lykwols it tij. Nei moannen fan opûnthâld, feroarsake troch politike strideraasje yn Washington, waarden de finzenen fan Fort Robinson úteinlik frijlitten en waard it harren tastien om har by harren sibben yn Fort Keogh, yn Montana, te jaan, dêr't de troep fan Lytse Wolf úteinlik bedarre wie. Oan it begjin fan 'e 1880-er jierren begûnen de Sjajinnen har bytsje by bytsje nei wenjen te setten yn 'e krite fan 'e rivier de Tongue, yn Montana, dy't it uterste noarden fan harren eardere wengebiet op 'e Grutte Flakten markearre. Op 16 novimber 1884 waard dêre yn opdracht fan 'e Amerikaanske presidint Chester A. Arthur it Tongue River Yndianereservaat stifte, dat letter it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat kaam te hjitten. De Noardlike Sjajinnen hoegden nea wer werom te kearen nei it suden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |