Springe nei ynhâld

Bûnte Wapity

Ut Wikipedy
Bûnte Wapity
It stoflik omskot fan Bûnte Wapity nei it Bloedbad fan Wounded Knee.
It stoflik omskot fan Bûnte Wapity nei
it Bloedbad fan Wounded Knee.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Heȟáka Glešká
oare namme Spotted Elk, Big Foot
berne ±1826
berteplak ?
stoarn 29 desimber, 1890
stjerplak Wounded Knee (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Minnikonzjû
jierren aktyf 18771890

Bûnte Wapity (Lakota: Heȟáka Glešká, útspr.: [he'χa:ka gleʃka:]; Ingelske oersetting: Spotted Elk; ±1826Wounded Knee (Súd-Dakota), 29 desimber, 1890) wie in Yndiaansk opperhaad fan 'e Minnikonzjû-substamme fan 'e Lakota- (Lakota Sioux). Hy is better bekend ûnder de lytsachtsjende bynamme Grutte Foet (Lakota: Si Tȟáŋka, útspr.: [si 'tˣã:ka]; Ingelsk: Big Foot), dy't in Amerikaanske soldaat te Fort Bennett him joech. Oan 'e ein fan 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wied er ien fan 'e lieders fan 'e geastedûnsers. Hy waard mei in grut part fan syn folgelingen deade troch Amerikaanske troepen by it Bloedbad fan Wounded Knee, ein desimber 1890.

Bûnte Wapity waard berne om 1826 hinne, en groeide op as de oannommen soan fan Inkele Hoarn (Lone Horn), in opperhaad fan 'e Minnikonzjû-Lakota. Hy hie trije bruorren: Kromme Noas (Roman Nose; net te betiizjen mei de Sjajinske kriger mei deselde namme), Kikkert en Reitsje-de-Wolkens-Oan, dy't elk lieder fan in Minnikonzjû-troep wurde soene. Yn 1877 waard Bûnte Wapity, nei't syn heit op 'e âlderdom fan 87 jier ferstoarn wie, sels ek opperhaad. As Yndiaansk foaroanman waard Bûnte Wapity rûnom beskôge as in kundich lieder fan syn folk, en in grut foarstanner fan frede mei de Amerikanen. Hy stie bekend om syn diplomasy, wêrmei't er withoefolle rûzjes en ûnderlinge deilisskippen tusken de ferskillende Lakota-stammen en -troepen oersljochte.

Oarloch mei de Amerikanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't er him ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 ferbûn mei de Lakota dy't har net deljaan woene ûnder de oerhearsking troch de Feriene Steaten, wêrûnder syn healbroer Sittende Bolle, syn neef Mâl Hynder en syn broer Reitsje-de-Wolkens-Oan, naam er diel oan gjin inkeld grut militêr treffen. Dat behindere de Amerikanen lykwols net om him nei ôfrin fan 'e oarloch as in fijân te beskôgjen, en nei't se har oerjûn hiene, waarden de Minnikonzjû, ek dy fan syn eigen troep, min behannele.

Yn it reservaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se waarden nei in krite yn it Grutte Sû Reservaat ta stjoerd dy't úteinlik, yn 1889, nei de opdieling, it Cheyenne River Yndianereservaat wurde soe. Dêr moedige Bûnte Wapity ûnder syn folgelingen de oanpassing ta it libben yn in reservaat oan, en sels wied er ien fan 'e earsten dy't der nôt begûn te ferbouwen, krekt sa't it Amerikaanske regear it hawwe woe. Ek sette er him yn foar de stifting fan skoallen foar de Yndiaanske bern, en lei er him fannijs ta op it bewarjen fan 'e frede mei de blanken.

De libbensomstannichheden yn 'e reservaten wiene sels yn 'e bêste tiden net om oer nei hûs te skriuwen, mar doe't oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren ferskate jierren efterinoar de rispinge mislearre, rekken de Lakota foar har iten folslein ôfhinklik wiene fan it Amerikaanske regear, dat har lykwols (troch korrupsje yn ít Buro fan Yndiaanske Saken) in grut part fan 'e tiid net mear as heale of twatrêde rantsoenen ferskafte. De Lakota hiene der klauwen oan om te oerlibjen, en benammen winterdeis kamen hûnderten fan harren om fan 'e honger.

Tsjin dy eftergrûn moat de opkomst fan 'e geastedûns sjoen wurde, in synkretistyske religy dy't it troch de misjonarissen brochte kristendom fermong mei de lânseigen leauwensoertsjûgings fan 'e Yndianen, en dy't ferspraat waard troch de Pajût-profeet Wovoka. De oanhingers fan 'e geastedûns leauden dat se de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje koene. It wie feitliks net mear as it lêste, patetyske besykjen fan in ferrinnewearre kultuer om mei himsels yn it reine te kommen, mar it Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast, en griep it boppedat oan om it ferneamde Lakota-opperhaad Sittende Bolle op te pakken, dy't nettsjinsteande syn âlderdom en it feit dat er him ûnder it Amerikaanske bewâld deljûn hie, troch de Amerikanen noch altyd as in ûnrêststokelder beskôge waard. Dy arrestaasje, op 15 desimber 1890, rûn lykwols út op in sjitpartij wêrby't de âldman omkaam.

Tsjin dy tiid hie Bûnte Wapity him al ûntjûn ta in lieder fan 'e geastedûnsbeweging, en nei de dea fan Sittende Bolle ûntflechten sa'n twahûndert leden fan dy syn Hûnkpapa-stamme, dy't fierdere repressaillemaatregels fan 'e Amerikanen frezen, it Standing Rock Reservaat om har yn it oangrinzgjende Cheyenne River Reservaat by Bûnte Wapity en dy syn Minnikonzjû te jaan. Mar Bûnte Wapity sels fielde him ek neat te feilich nei de gewelddiedige dea fan syn healbroer, en doe't it âlde Oglala-opperhaad Reade Wolk him beskûl oanbea yn it Pine Ridge Reservaat, sette er op 23 desimber ôf dêrhinne, mei by him syn rom trijehûndert minsken tellende Minnikonzjû-troep en 38 fan 'e Hûnkpapa. Om't it Cheyenne River Reservaat lykwols sûnt it foargeande jier net mear oan it Pine Ridge Reservaat grinzge, en de Yndianen dus troch lân tsjen moasten dat al troch blanken kolonisearre wie, waard dit troch de Amerikanen beskôge as in útbraak út it reservaat.

It Bloedbad fan Wounded Knee

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 28 desimber 1890 waard de troep fan Bûnte Wapity, dy't ûnderweis in longûntstekking oprûn hie, by Porcupine Butte yn it Pine Ridge Reservaat ûnderskept troch in detasjemint fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Bûnte Wapity en syn folgelingen fersetten har net, en waarden begelaat nei in plak oan 'e Wounded Knee Creek, dêr't se har kamp opsloegen en de nacht trochbrochten. Letter dy jûns joech kolonel James W. Forsyth him mei de rest fan it 7de Kavaleryrezjimint by harren, wat it tal soldaten op 500 brocht. De Minnikonzjû en Hûnkpapa wiene sa'n 350 yn oantal, mei dêrûnder sa'n 120 manlju en 230 froulju en bern.

Op 'e moarn fan 29 desimber waard it Yndiaanske kamp besingele troch de soldaten, dy't de Yndianen ûntwapenje woene. Doe't se de dôve kriger Swarte Kojoate syn nije gewear ôfkrije woene, ûntstie der, wierskynlik troch misbegryp, in lyts opstjitsje. It gewear gie ôf, wat foar Amerikaanske soldaten it teken wie om fan alle kanten daliks it fjoer op 'e fierhinne ûntwapene Yndianen te iepenjen. Doe't dejingen dy't net daliks omkamen, besochten om út te naaien, waarden se troch de kavaleristen op harren hynders neisitten, wylst fan 'e heuvel ôf mei kanonnen op har sketten waard. Dizze slachtpartij, dy't bekend kaam te stean as it Bloedbad fan Wounded Knee, koste oan 290 fan 'e 350 Yndianen it libben. Dêrûnder wiene 90 manlju en 200 froulju en bern. Ek Bûnte Wapity kaam om.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.