Springe nei ynhâld

Wovoka

Ut Wikipedy
Wovoka

Wovoka (ûnder Carson City, Nevada, om 1856 hinne – Yerington, Nevada, 20 septimber 1932) wie in Yndiaanske spiritueel lieder dy't fral ferneamd waard fan it op 'en baan bringen fan de Ghost Dance ('Geastdûns'). Hy hearde by de stam fan de Pajût, mar waard fan syn fjirdjende ôf oan (nei it ferstjerren fan syn heit) opbrocht yn de húshâlding fan David Wilson. Sa krige Wovoka ek de namme: Jack Wilson.

Om 1870 hinne rekke Wovoka belutsen by de leste stûpen fan de Yndianen yn harren striid tsjin de al mar optsjenjende Amerikanen. Under ynfloed fan de radikale mystikus Tavibo (ek fan Paiute komôf) sette Wovoka útein mei syn eigen missy. Hy foarsei de ein fan de oerhearsking fan it blanke ras en de fernijing fan de Yndiaan. De Yndiaan soe in sprituele oplibbing trochmeitsje en it rejaal hawwe. Dat moast neffens Wovoka oars tagelyk opgean mei in ynderlike oprjochtens: allinne moreel goed hâlden en dragen soe geastlike rêding bringe. Ien fan de middels dy Wovoka stipelearre – en dy’t er fan syn learmaster Tavibo hie – wie de Ghost Dance: in rituele dûns dy’t it gefoel fan ûnstjerlikens en freedsumens fersterkje moast.

De Ghost Dance fersprate him fluch troch it westen fan de Feriene Steaten. Fral de Yndiaanske stammen dy’t belies jaan moatten hiene tsjin de Amerikanen rekken fol fjoer oer de Ghost Dance en makken harren eigen farianten fan de dûns. Benammen de -Yndiaan Skoppende Bear brocht in bot radikale ferzje fan de rol fan de Ghost Dance. Hoewol’t Wovoka geweldleazens preke is syn namme dochs ferbûn rekke oan it bloedbad fan Wounded Knee. Yndianen dy’t tochten dat hja ûnkwetsber foar de blanken wienen, dy’t ommers dochs ûndergean soene, warden har tsjin dy blanken. It gefolch wie in massaslachting.

It betsjutte de ein fan Wovoka's sindingswurk. Hy bleau leauwen yn in pan-yndiaanske idintiteit, mar gie fierder as Jack Wilson troch it libben. Yn 1932 stoar er.

De band Redbone neamde in studio-album nei Wovoka.