Wounded Knee Creek
Appearance
Wounded Knee Creek is in sydrivierke fan de White River, fan sa'n 80 km langte, yn it súdwesten fan de Amerikaanske steat Súd-Dakota. Yn de taal fan de Lakota hjit de rivier Čhaŋkpé Ópi Wakpála; útspr.: ['ʧʰãkpe: 'o:pi wak'pa:la]).
Wounded Knee Creek ûntspringt yn de súdeasthoeke fan it Pine Ridge Indian Reservation oan de grins mei Nebraska en streamt nei it noardwesten, it plak bylâns dêr't yn 1890 it Bloedbad fan Wounded Knee wie en de plakken Wounded Knee en Manderson. De rivier rint troch it reservaat nei it noardwesten en mûnet út yn de White River besuden it Badlands National Park.