Springe nei ynhâld

Amerikaanske Yndiaanske oarloggen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Flakte-Yndiaanske Oarloggen)
Amerikaanske Yndiaanske oarloggen

It klassike byld fan 'e Amerikaanske Yndiaanske oarloggen: de Amerikaanske kavalery efterfolget Yndiaanske krigers.
datum: 16221924 (mei tuskenskoften)
plak: Noard-Amearika
útkomst: hjoeddeiske foarm fan 'e Feriene Steaten;
de Yndianen opsletten yn reservaten
konfliktpartijen
Yndianen











Keninkryk Ingelân
   (1622-1707)
Rep. f.d. Fer. Prov.
   (1643-1663)
Grut-Brittanje
   (1707-1783)
Feriene Steaten
   (1775-1924)
Republyk Teksas
   (1836-1845)
Konfederearre St.
   (1861-1865)

De Amerikaanske Yndiaanske oarloggen wiene in lange rige fan oarloggen en oare wapene konflikten mei tuskenskoften fan frede, tusken de Yndianen, de lânseigen befolking fan Noard-Amearika, en de kolonisten fan Jeropeesk komôf dy't har yn dat wrâlddiel fêstigen. Dizze rige fan konflikten duorre mear as trije iuwen, fan it begjin 'e fan 'e kolonisaasje fan Noard-Amearika, yn 1622, oant 1924, doe't it hiele wrâlddiel fêst yn 'e hannen fan 'e blanken kommen wie.

De redens foar it oanhâldende útbrekken fan almar nije konflikten tusken de Yndianen en de kolonisten wie de geduerige befolkingsdruk fan 'e kolonisten, dy't dêrom harren gebiet hieltyd op 'e nij útwreidzje woene, yn it neidiel fan 'e Yndianen. Dêrby besochten se mei it sluten fan ferdraggen de Yndianen safier te krijen dat se har lân opjoegen yn ruil foar beskate ûnthjitten dy't lykwols mar selden neikommen waarden. As de Yndianen net frijwillich of troch yntimidaasje harren lân opjaan woene, folge der in wapene konflikt, mei as net te mijen gefolch dat de Yndianen úteinlik dochs belies jaan moasten.

De stridende partijen dy't by de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen belutsen wiene, feroaren stadichoan, nei geraden dat de foargrins fan 'e kolonisaasje fierder nei it westen ta opskoode. Fan 1622 oant 1707 wie it Keninkryk Ingelân de wichtichtste partij oan 'e kant fan 'e blanken, hoewol't ek de Republyk fan 'e Feriene Provinsjes tusken 1643 en 1663 fia de WIC-koloanje Nij-Nederlân by de striid belutsen wie. Nei't Ingelân mei it Keninkryk Skotlân opgien wie yn Grut-Brittanje, wie dat fan 1707 oant 1783 de wichtichste partij oan 'e kant fan 'e blanken. Fan 1775 ôf waard dy rol stadichoan oernommen troch de Feriene Steaten, wêrfan't de Britten yn 1783 de ûnôfhinklikheid erkenden. Oare blanke machten dy't dielnamen oan 'e Amerikaanske Yndiaanske oarloggen wiene de ûnôfhinklike Republyk Teksas fan 1836 oant 1845 en de Konfederearre Steaten fan Amearika fan 1861 oant 1865.

De Amerikaanske Yndiaanske oarloggen kinne rûchwei opdield wurde yn trije inoar wat oerlaapjende tiidrekken: de koloniale tiid (1622-1783), wêrby't de konflikten mei de Yndianen har fierhinne ôfspilen oan of deunby de eastkust fan Noard-Amearika of yn 'e krite fan 'e Grutte Marren; de oarloggen eastlik fan 'e Mississippy (1775-1858), dy't útfochten waarden yn it Amerikaanske Suden en yn it gebiet fan 'e Grutte Marren; en de oarloggen westlik fan 'e Mississippy (1823-1924), yn it saneamde Wylde Westen. It binne de oarloggen yn it Wylde Westen, benammen de Flakte-Yndiaanske oarloggen, dy't it bekendst wurden binne.

Opsomming fan 'e Amerikaanske Yndiaanske oarloggen fan 1775 oant en mei 1924

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Slach by Fallen Timbers, yn 1794.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.