Springe nei ynhâld

Kromme Noas

Ut Wikipedy
Kromme Noas
persoanlike bysûnderheden
echte namme Vóhko’xénéhe
oare namme Roman Nose, Woqini
berne ±1823
berteplak ?
stoarn 17 septimber 1868
stjerplak by Wray (Kolorado)
etnisiteit Noardlik Sjajinsk
wurkpaad
aktyf as kriger
jierren aktyf ±18401868
reden
  bekendheid
mooglik it ynfloedrykste lid
    fan 'e Hûnskrigers

Kromme Noas (Sjajinsk: Vóhko’xénéhe, útspr.: [vohkoʔxɪnɪhɪ] (eins "heaknoas"); Ingelske oersetting: Roman Nose; ek wol Woqini neamd; ±1823 – by Wray (Kolorado), 17 septimber 1868) wie in man fan 'e Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie mooglik de grutste en ynfloedrykste Yndiaanske kriger út 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er jierren. Hy moat net betize wurde mei it lettere Súdlike Sjajinne-opperhaad Henry Roman Nose, noch mei de Minnikonzjû-Lakota-lieder dy't ek fan Kromme Noas neamd waard.

Kromme Noas moat om 1823 hinne berne wêze, en waard as jonge Flearmûs (Saote) neamd. Letter naam er de namme Kromme Noas oan. Hy groeide op ta in bear fan in fint fan goed 1.80 m (wat lang wie foar dy tiid en foar Flakte-Yndianen, dy't gauris mei lichemsgroei beheinende itenskrapte te krijen hiene), en ûntjoech him ta in formidabel kriger. Hy fersette him fûleindich tsjin 'e Amerikaanske kolonisaasje fan 'e Grutte Flakten en kaam ûnder syn folk sa heech yn oansjen te stean, dat de Amerikanen op in stuit mienden dat er it opperhaad fan 'e hiele Sjajinske naasje wie.

Kromme Noas trêde yn Sjajinske fermiddens op 'e foargrûn nei it saneamde Bloedbad fan Sand Creek, yn novimber 1864, wêrby't Amerikaanske milysjetroepen op ferriedlike wize in freedsum kamp fan 'e Súdlike Sjajinnen útmoarden. Hy focht mei yn 'e Slach by Julesburg, yn 1865, en joech dêrnei lieding oan ferskate Sjajinske wraakoefenings tsjin delsettings en boerespultsjes fan blanke kolonisten yn 'e delling fan 'e rivier de Platte, yn 'e hjoeddeiske Amerikaanske steaten Nebraska, Kansas en Kolorado, en by de Powder rivier lâns yn Wyoming. Charles Eastman, in publisist en dokter fan etnysk Dakota-komôf, soe letter oer Kromme Noas skriuwe: "Miskien is der wol gjin kriger dy't tusken 1860 en 1868 by it Oregon Trail lâns mear kolonisten oanfallen hat as hy."

Yn tsjinstelling ta wat yn 'e regel tocht wurdt, wie Kromme Noas lykwols gjin opperhaad, en hoewol't er lid wie fan it Kromme-Speargenoatskip, ien fan 'e seis krigersgenoatskippen fan 'e Sjajinnen, wied er dêrfan likemin in formeel lieder. Sterker noch, hy wegere stiiffêst liedingjaande posysjes (dy't him ferskillende kearen oanbean waarden), mei't er, nei eigen sizzen, better mear tiid op it slachfjild trochbringe koe as yn oerlis. Mar likegoed waard er troch freon en fijân erkend as in grut kriger, en op it slachfjild harken de oare krigers nei him. Ek ûnder de blanken groeide syn reputaasje, mar dêr waard er ornaris beskôge as ien dy't de duvel fan 'e kroade glide wie, en waard him de folsleine skuld op 'e lea skood foar alle wapene konfrontaasjes dêr't er by belutsen wie. Nimmen koe him lykwols dapperens ûntsizze; ien fan syn taktiken wie om binnen it berik fan in gewear hinne en wer by in kolonne soldaten lâns te fjouwerjen, om harren sa al har munysje fersjitte te litten.

Kromme Noas wie in tige leauwich man, dy't grut betrouwen stelde yn 'e foarâlderlike natoerreligy fan syn folk, en withoefolle tiid trochbrocht yn meditaasje. By de measte slaggen kaam er pas oan as se al geande wiene, om't er der de tiid foar nommen hie om himsels der spiritueel op ta te rieden. Hy hie in ferneamde fearretoai, dy't troch de Amerikanen in warbonnet neamd waard, wêrfan't er leaude dat dy him beskermje soe tsjin ferwûnings en ûnoerwinlik meitsje soe yn 'e striid. Dêrfoar moast er him oan in stikmannich strange betingsten hâlde; sa koed er nea mei wa dan ek fûstkje, en mocht syn iten út noch yn net mei metalen foarwerpen klearmakke wurde. (Neffens syn freonen waard syn úteinlike dea op it slachfjild feroarsake troch ferrie, doe't immen mei opsetsin it iten fan Kromme Noas mei in izerne foarke fan it fjoer helle hie.)

Behalven fan 'e blanken wie Kromme Noas ek in fijân fan 'e opperhaden dy't mei de blanken ûnderhannelje woene, lykas Swarte Tsjettel. Hy wie poer op it sluten fan lykfol hokker ferdrach mei it Amerikaanske regear tsjin, en nei't Swarte Tsjettel op 'e nij besocht hie om ta frede te kommen tusken de Súdlike Sjajinnen en de Amerikanen, troch it Ferdrach fan de Lytse Arkansas te ûndertekenjen, sette Kromme Noas fierder nei it suden ta mei syn freonen Lange Bolle en Griis Burd, fan 'e Hûnskrigers, it grutste en ynfloedrykste fan 'e Sjajinske krigersgenoatskippen, om harren âlde jachtgrûnen by de Smoky Hill Rivier en yn 'e Delling fan 'e Republican te ferdigenjen. Op 17 septimber 1868 kaam er dêr op 'e âldens fan likernôch 45 jier om doe't er ûnder de Slach om Beecher Island de posysje fan 'e Amerikanen op in eilantsje yn 'e rivier de Arikaree bestoarme, deunby it tsjintwurdige plak Wray.

De dea fan Kromme Noas hie jammerdearlike gefolgen foar it krewearjen fan 'e Sjajinnen om harren lân te ferdigenjen tsjin ynkringing fan blanke kolonisten. In jier letter, yn 1869, doe't de Hûnskrigers frijwol oan 'e lêste man ta útrûge waarden yn 'e Slach by Summit Springs, waard dêrmei it Sjajinske ferset yn it suden frijwol brutsen, al fochten se yn it noarden as bûnsgenoaten fan 'e Lakota noch troch oant 1877.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.