Springe nei ynhâld

Hûnskrigers

Ut Wikipedy
In moderne fearretoai fan in Hûnskriger op in powwow.

De Hûnskrigers (Sjajinsk: Hotamétaneo’o, útspr.; [hotamɪtanɪoʔo]; Ingelske oersetting: Dog Soldiers) wiene ien (en fierwei de machtichste) fan 'e seis krigersgenoatskippen fan 'e Sjajinnen (Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De organisaasje ûntstie earne yn 'e tritiger jierren fan 'e njoggentjinde iuw, en ûntjoech him ûnder it oanhâldende opkringen fan 'e blanken úteinlik, oars as de oare Sjajinske krigersgenoatskippen, ta in selsstannige Yndianetroep op militaristyske grûnslach, dy't in krúsjale rol spile yn 'e wapene konflikten tusken de Sjajinnen en de Amerikanen yn wat no de Amerikaanske steaten Kansas, Nebraska, Kolorado en Wyoming binne.

Nei't de Masikota, ien fan 'e meast foaroansteande fan 'e tsien troepen fan 'e Sjajinnen, yn 1849 hast hielendal útrûge wiene troch in goalera-epidemy, waard harren sit yn 'e Rie fan Fjouwerenfjirtich, dy't min ofte mear it regear fan 'e Sjajinske naasje foarme, oernommen troch de Hûnskrigers, dy't tsjin 1850 frijwol in aparte troep wurden wiene. Under lieding fan mannen as Lange Bolle en Griis Burd kanten se har allegeduerigen oan tsjin fredesopperhaden lykas Swarte Tsjettel en Stiennen Keal, en namen it foartou yn 'e striid tsjin 'e blanke kolonisten en militêren. Troch de groeiende kleau tusken de Hûnskrigers en de Rie fan Fjouwerenfjirtich waard it genoatskip úteinlik suver ta in trêde diel fan 'e Sjajinske naasje, dat it lân beset hold dat tusken de wengebieten fan 'e Noardlike en de Súdlike Sjajinnen yn lei.

De Hûnskrigers wiene berucht om harren agressive (en dêrtroch ek tige effektive) manear fan fjochtsjen. Neffens ien tradysje soene se spesjale, lange muldoeken of "efterskelken" droegen hawwe, wêrfan't se yn 'e slach de útein oan 'e grûn fêstspeetsten, sadat se by wize fan sprekken oan it tsjoar stiene. Dat sil grif mear in symboalyske as praktyske betsjutting hân hawwe, mar it idee wie dat tebekwiken dêrtroch ûnmooglik waard. Tsjin 'e 1860-er jierren giene de Hûnskrigers in bûnsgenoatskip oan mei de Komansjen (Comanche) en de Kajowa (Kiowa), dat tradisjonele fijannen fan 'e Sjajinnen wiene. Yn 1869 waarden de Hûnskrigers troch it Amerikaanske leger hast oan 'e lêste man ta útrûge yn 'e Slach by Summit Springs, wat de ein fan it genoatskip as militêre macht betsjutte.

Yn 'e ienentweintichste iuw binne der berjochten oer in weroplibbing fan it Hûnskrigers-genoatskip yn it Noardlike Sjajinne Reservaat fan Montana en ûnder de leden fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.