Griis Burd

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Griis Burd
persoanlike bysûnderheden
oare namme Grey Beard
berne 18??
berteplak westlike Feriene Steaten
stoarn 1875
stjerplak Sint-Augustinus (Floarida)
etnisiteit Flagge fan de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.png Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt haadman fan de Hûnskrigers
jierren aktyf 18571875

Griis Burd (Ingelsk: Grey Beard; ?, 18?? – Sint-Augustinus (Floarida), 1875), wie in opperhaad en medisynman fan 'e Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie in lieder fan 'e Hûnskrigers, it grutste en ynfloedrykste fan 'e seis krigersgenoatskippen fan 'e Sjajinnen.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is ûnbekend wannear't Griis Burd berne waard. Yn 1857 wied er belutsen by de skermutseling mei de Amerikaanske troepen fan Edwin Vose Sumner, oan 'e rivier de Kansas. Tsien jier letter, yn 1867, krige er ferneamdheid ûnder de blanken troch syn fûleindige striid tsjin troepen ûnder de generaals Winfield Scott Hancock en George Armstrong Custer om foar te kommen dat it spoar fan 'e Kansas Pacific Railroad troch Yndiaansk gebiet oanlein wurde soe. It Ferdrach fan Medicine Lodge, fan oktober 1867, wegere er te ûndertekenjen. Hy wie net oanwêzich by de Slach by Summit Springs, dêr't yn 1869 de Hûnskrigers frijwol útrûge waarden, en sette de striid tsjin 'e Amerikanen fuort oant 1871, doe't er him mei syn folgelingen yn it reservaat fêstige dat de Súdlike Sjajinnen tawiisd wie yn it westen fan it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma).

Yn wat bekend kommen is te stean as de Oarloch fan de Reade Rivier begûn er yn 1874 mei guon oare Súdlike Sjajinske opperhaden boerespultsjes en delsettings fan blanke kolonisten te oerfallen, út frustraasje oer de oanhâldende blanke jacht op 'e Amerikaanske bizon, dy't dat bist úteinlik op it rântsje fan it útstjerren bringe soe, en dy't doe by 't winter al hongersneed yn 'e reservaten feroarsake. Nei harren dielname oan 'e Twadde Slach by Adobe Walls, yn juny 1874, holden hy en syn folgelingen har in hoart beskûl yn wat no de Oklahoma Panhandle is (it "panhânsel" of útstykjende part fan dy steat yn it westen).

Ofbyld fan 'e bestoarming fan it doarp fan Griis Burd troch Amerikaanske troepen ûnder lieding fan luitenant Frank Baldwin.

Ein 1874 waarden yn Griis Burd syn kamp Julia en Adelaide, twa dochters fan 'e blanke kolonist John German, fêstholden, wa harren gesin fierders fierhinne útmoarde wie troch in groep Súdlike Sjajinnen ûnder lieding fan opperhaad Medisynwetter en dy syn frou Bizonkeal. De beide lytse famkes waarden op 8 novimber befrijd by in ferrassingsoanfal op it kamp troch Amerikaanske troepen ûnder lieding fan luitenant (letter generaal) Frank Baldwin. De oerlibbenen fan Griis Burd syn troep moasten flechtsje en rekken fersille op 'e flakten, dêr't se twa dagen lang efterfolge waarden troch de soldaten. In pear moanne letter wie Griis Burd fan needs út honger twongen om him oer te jaan by it agintskip te Darlington.

Hy waard mei ferskate oare lieders fan 'e Súdlike Sjajinnen deportearre nei Floarida, dêr't se fêstholden waarden yn Fort Marion, by Sint-Augustinus. Neffens it ferhaal soed er dêr de fortkommandant, kaptein Richard Henry Pratt, frege hawwe en skriuw foar him in brief oan syn folk, wêryn't er har op it hert drukte om har net mear tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking te fersetten. Hy besocht selsmoard te dwaan, mar dat mislearre. Yn 1875 waard er deasketten doe't er besocht te ûntsnappen. Griis Burd waard as opperhaad opfolge troch syn soan Prêrje-Opperhaad (Prairie Chief), waans neiteam yn in rjochte line oft hjoed de dei noch yn Oklahoma libbet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.