Oerlis:Griis Burd

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Opperhaad, hmm. Soe dat net Heechste Haad, Oerhaad as gewoan Haad wêze moatte? Drewes (talk) 7 jun 2014, 23.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Jo hawwe gelyk dat wurden mei it foarheaksel opper- net yn 'e âlde oersetwurdboeken Ned.-Fr. en Fr.-Ned. steane. Dat ha ik altyd hiel ferfelend fûn, want in foar in oersetting fan in wurd as opperhoofd moasten je der dan fan needs wol "oerhaad" fan meitsje, en dan ferliest it dochs in grut stik "wurdherkenning" (ik skriuw it hjir mar even mei in h, om it werkenber te meitsjen). Dêrom wie ik by de útjefte fan it nije Frysk Hânwurdboek yn 2008 ek sa bliid ferrast dat dêr it foarheaksel "opper-" just wól yn stiet. Ik sil hjir it lemma even foar jo úttype, dan sjogge jo sels hoe't it krekt sit:

"opper- (foarh. [opr]-) 1. (ûngebr.) (yn hw.) (om oan te jaan dat it neamde heger leit as wat troch it grûnwurd bedoeld wurdt, of dêr it boppeste part fan is) bgl. opperflak, opperhûd, opperlear; 2. (yn hw.) (om oan te jaan dat it neamde in hegere graad fan weardichheid, rang, macht, ensfh. hat as wat troch it grûnwurd neamd wurdt) bgl. opperbefel, opperhaad, oppermacht, opperwêzen; 3. (ûngebr.) (yn ew.) (om oan te jaan dat it neamde de heechste graad fan hoedanichheid hat dy't yn it grûnwurd neamd wurdt) blg. opperbêst, oppermachtich."

Fierderop stiet "opperhaad" sels ek noch: "opperhaad (hw. it [oprha:t]) heechste haad, haad mei de measte sizzenskip." Ieneach fan 'e Esk (talk) 8 jun 2014, 00.30 (CEST)[beäntwurdzje]
Tanke. Dat ik sil it mar net hawwe oer neder. Drewes (talk) 8 jun 2014, 01.18 (CEST)[beäntwurdzje]