Slach by Summit Springs

Ut Wikipedy
Slach by Summit Springs
(ûnderdiel fan 'e Komantsjekampanje)

It plak fan 'e Slach by Summit Springs mei trije tinkstiennen.
datum: 11 july 1869
plak: noardeastlik Kolorado (40°25′58″N
103°8′21″W)
útkomst: Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
Noardlike Sjajinnen
Súdlike Sjajinnen
Noardlike Arapaho
Súdlike Arapaho
Lakota
Feriene Steaten
Pâny



befelhawwers
Lange Bolle

Eugene A. Carr
Frank North
sterkte
±450 krigers

244 soldaten
  50 Pâny-ferkenners
ferliezen
34 deaden
17 kriichsfinzenen
1 ferwûne

kaart
Slach by Summit Springs (Kolorado)
Slach by Summit Springs
Lokaasje fan 'e Slach by Summit Springs yn 'e Amerikaanske steat Kolorado.

De Slach by Summit Springs wie in fjildslach yn it ramt fan 'e Komantsjekampanje, dy't op 11 july 1869 plakfûn yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Kolorado. Dêrby foel de Amerikaanske kavalery, ûnder oanfiering fan kolonel Eugene A. Carr, it kamp fan 'e militante Sjajinske Hûnskrigers en harren Arapaho- en Lakota-bûnsgenoaten oan by wize fan ferjilding foar in rige oerfallen troch de Hûnskrigers op blanke delsettings yn noardlik sintraal Kansas. Carr en syn troepen kamen de Hûnskrigers folslein oer it mad en wisten se by dit treffen sa'n slach ta te bringen dat se foargoed útskeakele wiene as militêre macht fan betsjutting. Lange Bolle, ien fan 'e foarnaamste lieders fan 'e Hûnskrigers, kaam yn 'e Slach by Summit Springs om.

De slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Pâny-ferkenners fan it Amerikaanske Leger, ûnder lieding fan majoar Frank North, de Amerikaanske kavalery nei it kamp fan 'e Hûnskrigers ta laat hiene, stelde Carr syn troepen sa op dat er de fijân fan trije kanten tagelyk oer it mad komme koe. Hy hie 244 man fan it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint by him, mei dêrop ta 50 Pâny (Pawnee), foar wa't de Sjajinnen, Arapaho en Lakota tradisjonele fijannen wiene. De Amerikanen en Pâny wiene al hiel deun by it kamp ear't se opmurken waarden troch in Sjajinske jonge dy't hynders oan it weidzjen wie. Doe't dy alaarm sloech, kamen de krigers nei de râne fan it kamp ta om 'e fijân tsjin te kearen, wylst harren froulju en bern besochten te ûntkommen.

Yn 'e striid skeat majoar North in Yndiaan dea dy't him ûnder skot naam; neitiid die bliken dat dat Lange Bolle wie, ien fan 'e foarnaamste oanfierders fan 'e Hûnskrigers. Underwilens besingelen de Pâny tweintich Hûnskrigers yn in ravyn. De Sjajinnen wiene inkeld bewapene mei pylk-en-bôge, mar wisten har de fijân fan it liif te hâlden oant har pylken op wiene. Doe krongen de Pâny it ravyn yn en deaden harren allegear. Ek de fuortflechtsjende froulju en bern waarden troch de Pâny efterfolge en sa mooglik deade.

Neffens de antropolooch en folkekundige George Bird Grinnell, dy't begjin tweintichste iuw mei help fan 'e heal-Sjajinske keapman George Bent tsjûgeferslaggen fan oerlibbenen fan 'e Slach by Summit Springs sammele, waarden der by it treffen njonken de tweintich krigers yn it ravyn noch njoggen oare minsken deade troch de Pâny: twa krigers (Ienlike Bear en Bonkebulte), in heechbejierre Sûtajo-frou op in stadich hynder, twa Lakota-froulju dy't geandefoets besochten te ûntkommen, in Sjajinske frou mei twa lytse bern (in jonkje en in famke), en in âldere Lakota-frou dy't mei har hynder kaam te fallen. Der waarden neffens Grinnell njonken Lange Bolle mar fjouwer persoanen troch Amerikaanske soldaten deade, nammentlik de mem, skoanmem en twa jonge bern fan in man dy't fan Reade Kersen hiet.

Yn totaal komt dat op 34 deaden oan Yndiaanske kant (hoewol't Carr rapportearre dat der 52 Yndianen deade wiene). Dêropta waarden der 17 Yndiaanske froulju en bern kriichsfinzen nommen en mear as trijehûndert hynders en mûldieren bútmakke. De Amerikanen hiene gjin deaden en mar ien ferwûne te betreurjen, mar ien blanke frou dy't yn it Yndiaanske kamp finzen holden waard, Susanna Alderdice, kaam yn 'e slach om, wylst in oarenien, Maria Weichell, ferwûne rekke. Ien Sjajinske kriger wist te ûntkommen op it opfallende wite hynder fan Lange Bolle, mar kaam in dei letter om yn in skermutseling mei Buffalo Bill Cody. Cody miende dêrom lange tiid dat hy dejinge wie dy't Lange Bolle deade hie, mar dat berêste op in misferstân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.