Springe nei ynhâld

Ferdrach fan de Lytse Arkansas

Ut Wikipedy

It Ferdrach fan de Lytse Arkansas is de beneaming foar in rige ferdraggen dy't op 14 oktober 1865 oan 'e igge fan 'e rivier de Lytse Arkansas yn 'e Amerikaanske steat Kansas sletten waarden troch folmachten it regear fan 'e Feriene Steaten en ferskate Yndiaanske folken fan it súdlike part fan 'e Grutte Flakten. Dêrby gie it om 'e Kajowa (Kiowa), Komantsjen (Comanche), Flakte-Apachen, Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne) en Súdlike Arapaho.

It doel fan 'e ferdraggen wie om 'e súdlike Grutte Flakten te pasifisearjen troch de Yndianen ûnder te bringen yn reservaten yn it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma), sadat se de kolonisaasje fan harren âlde wengebieten troch de Amerikanen net langer foar de fuotten rinne soene. It Ferdrach fan de Lytse Arkansas waard lykwols nea ymplimintearre, en de reservaten dy't it hiet te skeppen, waarden nea stifte. Twa jier letter waard it ferfongen troch it Ferdrach fan Medicine Lodge, dat de foarstelde reservaten mei 90% ynkromp.

Foar it Amerikaanske regear waard it Ferdrach fan de Lytse Arkansas û.m. tekene troch Kit Carson en William Bent. Fertsjintwurdigers foar de Yndianen wiene û.o. Sittende Bear en Satanta foar de Kajowa, Swarte Tsjettel foar de Súdlike Sjajinnen, en Lytse Raven foar de Súdlike Arapaho.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.