Lytse Raven

Ut Wikipedy
Lytse Raven
Lytse Raven (tusken 1868 en 1874).
Lytse Raven (tusken 1868 en 1874).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ohustii
oare namme Little Raven
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ±1810
berteplak oan 'e Platte (Nebraska)
stoarn 1889
stjerplak Cantonment (Oklahoma)
etnisiteit Súdlik Arapaho
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Súdlike Arapaho
jierren aktyf ±18351889

Lytse Raven (Arapaho: Ohustii, útspr.: [ɔhʊstɪ:]; Ingelske oersetting: Little Raven; oan 'e rivier de Platte (Nebraska), ±1810Cantonment (Oklahoma), 1889), wie in opperhaad fan 'e Súdlike Arapaho, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie belutsen by it fredesferdrach fan 1840, dat in ein makke oan 'e tradisjoneel wurden oarlochfiering tusken de Súdlike Arapaho en harren bûnsgenoaten en de stammen fan 'e súdlike flakten. Yn 1867 stelde er by it Ferdrach fan Medicine Lodge in reservaat foar syn folk yn westlik Oklahoma wis. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e grutste lieders fan 'e Arapaho.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytse Raven, dy't ek wol bekend stie as Jonge Krie (Hosa), waard om 1810 hinne berne, wierskynlik oan 'e igge fan 'e rivier de Platte, yn wat no de Amerikaanske steat Nebraska is. Yn syn jonkheid wied er in grut kriger, mar hy ûntjoech him al rillegau ta in haadman dy't benammen bekend stie om syn feardichheden op it mêd fan wolsprekkendheid en diplomasy. Yn 1840, doe't er noch mar in jier as tritich wie, spile er in grutte rol by it ta stân kommen fan it fredesferdrach dat foargoed in ein makke oan 'e tradisjonele oarlochfiering op 'e súdlike flakten tusken de Súdlike Arapaho en harren bûnsgenoaten, de Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne) oan 'e iene kant, en de Kajowa (Kiowa), Komantsjen (Comanche) en Flakte-Apachen oan 'e oare kant.

Yn 1858 brocht de Goudkoarts fan Pike's Peak in tafloed fan blanke goudsikers nei it lân fan 'e Súdlike Arapaho yn wat letter Kolorado wurde soe. Dêr leine se in grutte delsetting oan dy't se Denver neamden. Lytse Raven brocht in besyk oan Denver, dêr't er de goudsikers fertelde dat er in grut foarstanner wie fan freedsum gearlibjen mei de blanken. Dat hy hiet de goudsikers wolkom, al spriek er wol de hope út dat se har wer ôfjaan soene as se genôch goud opdold hiene. Dat barde lykwols net – krektoarsom: Denver groeide as koal en waard ta in stêd, en de Arapaho wiene dat lân foargoed kwyt. Fan Denver út waard neitiid troch de blanken almar mear Arapaho-lân yn Kolorado kolonisearre.

Yn 1861 tekene Lytse Raven mei trije oare opperhaden fan 'e Súdlike Arapaho en seis fan 'e Súdlike Sjajinnen it Ferdrach fan Fort Wise, mar hy rekke frustrearre doe't de Amerikanen har net oan 'e ôfspraken holden. Yn 1863 reizge er alhiel nei it fiere Washington, D.C. ta om ferhaal te heljen, mar dat joech him neat. Nei it Bloedbad fan Sand Creek, wêrby't yn it neijier fan 1864 in freedsum doarp fan 'e Súdlike Sjajinnen op ferriedlike wize troch de territoriale milysje fan Kolorado útmoarde waard, feroare syn frustraasje yn lulkens. Likegoed besocht er de frede te bewarjen troch yn oktober 1865 it Ferdrach fan de Lytse Arkansas te tekenjen, en doe't de blanken dat ferdrach oardel jier letter brieken, akseptearre er dêrfoar yn 't plak yn 1867 it Ferdrach fan Medicine Lodge, dat er lykwols pas tekenje woe doe't de Súdlike Sjajinnen dat ek dien hiene. Dêrmei stelde er in eigen reservaat foar de Súdlike Arapaho wis yn it westen fan it doetiidske Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma), tusken de rivieren de Arkansas en de Cimarron.

Nei de Slach oan de Washita, yn novimber 1868, wêrby't it Amerikaanske 7de Kavaleryrezjimint fan generaal George Armstrong Custer it Súdlike Sjajinske doarp fan it opperhaad Swarte Tsjettel útmoarde wylst dat no just in grut foarstanner fan frede mei de Amerikanen wie, late Lytse Raven syn Súdlike Arapaho-troep nei Fort Sill ta, om sels sa'n lot te ûntrinnen. Yn 1871 makke er fannijs de lange reis nei Washington, wêrby't er diskear ek New York en oare eastlike stêden oandie. Presidint Ulysses S. Grant woe him in fredesmedalje tahawwe, mar Lytse Raven betanke dêr freonlik foar, mei't er sei dat er nea mei de Feriene Steaten yn oarloch west hie en dus ek net beleanne hoegde te wurden foar it sluten fan frede. Under de Oarloch fan de Reade Rivier, yn 1874-1875, holden de Súdlike Arapaho har fanwegen de ynfloed dy't Lytse Raven útoefene fierhinne bûten de striid. Uteinlik sette it opperhaad him op jierren nei wenjen yn Cantonment, yn Oklahoma, dêr't er yn 1889 stoar. Yn Denver is de Little Raven Street nei him ferneamd (tusken 15th en 20th Street, deunby de wetterkant fan 'e Súdlike Platte).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.