Springe nei ynhâld

Yndiaansk agint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yndiaanske aginten)

In Yndiaansk agint wie foarhinne yn 'e Feriene Steaten in amtner dy't oansteld wie troch de Amerikaanske oerheid om as tuskenpersoan te fungearjen tusken in beskate groep of stamme Yndianen en oare fertsjintwurdigers fan 'e oerheid.

De funksje fan Yndiaanske agint waard yn 1793 skepen ûnder de Twadde Wet op de Hannel en it Ferkear mei Yndianen. Neffens de tekst fan dy wet hie de presidint fan de Feriene Steaten it foech en beneam beskate persoanen as "tydlike aginten om mank de Yndianen te wenjen", mei as doel om 'e oangeande Yndianen te helpen by harren oanpassing oan en úteinlike assimilaasje yn 'e blanke Amerikaanske kultuer. Nei ferrin fan tiid waard de oantsjutting 'tydlik' weilitten.

Yn 't earstoan foelen Yndiaanske aginten ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Oarloch, mei't it Amerikaanske regear ornearre dat it de ferantwurdlikheid fan it leger wie om 'e Yndianen te beskermjen tsjin 'e blanke befolking. Doe't yn 1824 it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) oprjochte waard, kamen hja dêrta te hearren. Dy ynstânsje waard yn 1848 oerhevele fan it Ministearje fan Oarloch nei it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken, en sadwaande kamen de Yndiaanske aginten yn 1849 ûnder boargerlik tafersjoch te stean.

Om't de Yndiaanske aginten diel útmakken fan deselde oerheid dy't de Yndianen harren lân ôfnimme en harrensels "beskave" woe, wiene se mar komselden de ûnpartijige funksjonarissen dy't se achte waarden te wêzen. Fral yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wiene in protte fan harren korrupt en beneidielen se de Yndianen troch subsydzjes en jierjilden te fertsjusterjen dy't foar de Yndianen bedoeld wiene.

Ek kaam it geregeldwei foar dat aginten mei oerheidsjild it goedkeapste iten kochten dat der te krijen wie om oan 'e yn ferdraggen fêstleine rantsoenen foar de Yndianen te foldwaan, en dan it jild dat se dêrmei útsparren yn eigen bûse stieken. Sokke praktiken wiene foar in part debet oan 'e hongersneed dy't der yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw bytiden yn 'e reservaten hearske. Der wiene lykwols ek goede Yndiaanske aginten, dy't oprjocht besochten it libben yn 'e reservaten te ferbetterjen, mar dêrby ornaris op alderlei mêd tsjinwurke waarden troch de Amerikaanske oerheidsburokrasy.

Under it regear presidint Theodore Roosevelt (1901-1909) waard it amt fan Yndiaansk agint ôfskaft, en alle Yndiaanske aginten dy't der doe noch wiene, waarden ferfongen troch of werbeneamd as skoalynspekteurs.

Yn in ynstruksje út 1880 omfieme de funksje-omskriuwing fan Yndiaanske aginten:

  • derop tasjen dat de Yndianen yn jins gerjochtichheid net wurkeleas binne om't der gjin wurk foarhâns is of om't se net witte hoe't beskate soarten wurk útfierd wurde moatte;
  • derop tasjen dat der yn 'e reservaten beslist gjin wurk oan blanken útbestege wurdt dat troch Yndianen dien wurde kin;
  • derop tasjen dat de Yndianen yn jins gerjochtichheid mei súkses lânbou bedriuwe kinne om dêr útslutend mei harren eigen gesin fan te bestean [om't de prizen fan 'e lânbouprodukten fan blanke boeren beslist net te lijen hawwe mochten ûnder konkurrinsje mei produkten út 'e reservaten];
  • derop tasjen dat it ferbod op alkoholkonsumpsje yn it reservaat neilibbe wurdt;
  • derop tasjen dat der Ingelsktalich algemien ûnderwiis en niverheidsûnderrjocht jûn wurdt oan Yndiaanske bern;
  • derop tasjen dat it Yndianen inkeld tastien wurdt harren reservaat te ferlitten as harren dêrfoar in fergunning takend is [wat hast nea barde].

Fan july 1884 ôf waarden Yndiaanske aginten ek achte om op jierlikse basis in statistysk rapport gear te stallen fan 'e Yndianen yn harren gerjochtichheid, mei sokke gegevens as Yndiaanske namme, Ingelske namme, geslacht, famyljerelaasjes en boargerlike steat. (Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw soene sokke rapporten troch de Yndianen tsjin 'e Amerikaanske oerheid brûkt wurde om federale erkenning te winnen op grûn fan histoaryske ôfstamming.)

De post fan in Yndiaansk agint waard in "agintskip" neamd, yn it Ingelsk in agency. Dat is de reden dat ferskate plakken yn Yndianereservaten yn 'e Feriene Steaten noch altyd it wurd Agency yn 'e namme hawwe. Foarbylden binne Agency Village, Crow Agency en Fort Belknap Agency.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.