Fort Belknap Agency (Montana)
Fort Belknap Agency | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Montana | |
County | Blaine County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.293 (2010) | |
Oerflak | 118,5 km² (ynkl. wetter) 117,8 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 11,0 / km² | |
Hichte | 724 m | |
Oar | ||
Stifting | 1878 | |
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | UTC-6 | |
Koördinaten | 48°28′08″N 108°45′19″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Fort Belknap Agency yn Blaine County en yn 'e steat Montana. |
Fort Belknap Agency [fɔɹt 'bɛlnæp 'e:ʤǝnsi] is in plak yn Blaine County, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Chinook), is it wol it haadplak fan it Fort Belknap Yndianereservaat (Fort Belknap Indian Reservation), fan 'e Fort Belknap Yndianemienskip (Fort Belknap Indian Community). Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Fort Belknap Agency doe op krapoan 1.300 minsken. Yn Fort Belknap Agency binne û.m. it Aniiih Nakoda Kolleezje en it Belknap Sikehûs fêstige.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fort Belknap Agency waard yn 1878 stifte as in agintskip fan it Amerikaanske Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) dêr't de stammen fan 'e Assiniboin (Assiniboine) en de Gro Wânt (Gros Ventre) harren yn ferdraggen taseine rantsoenen ôfhelje koene en jierjilden útkeard krigen. Yn 1888 waard it Fort Belknap Yndianereservaat oprjochte, in reservaat dat sûnt troch de Gro Wânt en de Assiniboin dield wurdt.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Fort Belknap Agency 4,3% âlder as 65 jier en 41,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 16,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 38,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (foar it befolkingssegmint fan boppe de 65 jier wie dat sels 56,1%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 95,6% Yndianen; 1,5% Latino's; 1,1% blanken; 0,3% swarten; 1,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |