Fort Belknap Yndianemienskip
Fort Belknap Yndianemienskip | ||
Ingelsk | Fort Belknap Indian Community | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Montana | |
haadkertier | Harlem (Montana) | |
etnisiteit | Gro Wânt, Assiniboin | |
ledetal | 6.400 (2013) | |
oprjochting | 1888 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Fort Belknap Yndianereservaat | |
lokaasje | noardeastlik Montana | |
oerflak | 2.626,4 km² | |
ynwennertal | 2.851 (2010) | |
offisjele webside | ||
www.ftbelknap.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Montana.
|
De Fort Belknap Yndianemienskip (Ingelsk: Fort Belknap Indian Community) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Montana. De organisaasje waard oprjochte waard yn 1888, en it haadkertier is fêstige yn Harlem, yn Montana.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fort Belknap Yndianemienskip hat 6.400 leden. Dat binne etnyske Gro Wânt (Gros Ventre), in Algonkwynsk folk, en Assiniboin, in Sûaansk folk. De opspjalting fan 'e stamme neffens etnyske linen komt del op sa'n 3.700 Gro Wânt en likernôch 2.600 Assiniboin.
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It reservaat fan 'e Fort Belknap Yndianemienskip is it Fort Belknap Yndianereservaat (Fort Belknap Indian Reservation) fan noardlik Montana. Dêr wennen yn 2010 krapoan 2.900 minsken. It reservaat hat in oerflak fan goed 2.600 km² en it haadplak is Fort Belknap Agency, dat oan 'e noardlike grins fan it reservaat leit, 6½ km besuden de stêd Harlem, dêr't it fan skaat wurdt troch de rivier de Milk.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]● (in) Offisjele webside fan 'e Fort Belknap Yndianemienskip
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |