Ranald S. Mackenzie

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ranald S. Mackenzie
RSMackenzie.jpg
persoanlike bysûnderheden
namme folút Ranald Slidell Mackenzie
bynamme Bad Hand
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 27 july 1840
berteplak yn Westchester Cty. (New York)
stoarn 19 jannewaris 1889
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18621884
yn tsjinst fan Flag of the United States.svg Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Flag of the United States Army.svg Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (1865-66)
befel 2e Swiere Art.reg. f. Konn.
Am. 41e Ynfanteryregimint
Am. 24e Ynfanteryregimint
Am. 4e Kavaleryregimint
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
Apache-Oarloggen
Oarloch fan de Reade Rivier
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Twadde Slach by Bull Run
Slach by Antietam
Slach by Gettysburg
Belis fan Petersburg
Slach by Cedar Creek
Slach by it Gerjochtsgebou
   fan Appomattox

Slach by Blanco Canyon
Slach oan de Noardfoarke
Slach by Palo Duro Canyon
Gefjocht fan Stomp Mês

Ranald S. Mackenzie (folút: Ranald Slidell Mackenzie; yn Westchester County (New York), 27 july 1840New York (stêd), 19 jannewaris 1889) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Skotsk komôf, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Komantsjekampanje, de Oarloch fan de Reade Rivier en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Yn 'e Boargeroarloch ferlear er ûnder it Belis fan Petersburg twa fingers fan syn rjochterhân, wat foar de Yndianen letter reden wie om him de namme 'Minne Hân' (Bad Hand) ta te partsjen. Mackenzie waard troch de generaal en lettere presidint Ulysses S. Grant ûnder de Boargeroarloch omskreaun as syn meast ûnthjittende ofsier.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mackenzie waard yn 1840 berne yn Westchester County, yn 'e Amerikaanske steat New York, as de soan fan Alexander Slidell Mackenzie, in kommandeur by de Amerikaanske Marine, en dy syn frou Catherine Alexander Robinson. Hy wie de omkesizzer fan 'e diplomaat en politikus John Slidell en de âldere broer fan skout-by-nacht Morris Robinson Slidell Mackenzie en luitenant-op-see 1e klasse Alexander Slidell Mackenzie. Teffens wied er de pakesizzer fan 'e bankier John Slidell.

As opslûpen jonge studearre Mackenzie oan it Williams Kolleezje yn Williamstown. Neitiid akseptearre er in nominaasje foar in ofsiersoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1862 as bêste kadet fan syn klasse ôfstudearre. Daliks neitiid naam er tsjinst yn it Noardlike Leger, om yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, dy't yn 1861 útbrutsen wie, tsjin 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika te fjochtsjen.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mackenzie waard mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Korps Sjeny, en tsjinne oan it eastlike front yn Firginia, Marylân en Pennsylvania yn 'e Twadde Slach by Bull Run, de Slach by Antietam, de Slach by Gettysburg en de Oerlânske Kampanje. Under it Belis fan Petersburg rekke er yn 1864 syn wiisfinger en middelfinger fan 'e rjochterhân kwyt. Tsjin juny fan dat jier wied er fanwegen betoande moed op it slachfjild opklommen ta de rang fan luitenant-kolonel.

Yn july 1864 waard Mackenzie befoardere ta kolonel en kommandant fan it 2e Regimint Swiere Artillery fan Konnetikut. Mei de rest fan Amerikaanske VIe Korps blokkearre er letter dat jiers yn 'e Slach by Fort Stevens de wraam op Washington, D.C. fan 'e Konfederearre generaal Jubal Early. Neitiid rekke er op 'e nij ferwûne yn 'e Slach by Opequon. Doe't er opbettere wie, krige er it befel taparte oer de 2e Brigade fan 'e 1e Difyzje fan it VIe Korps, mar yn 'e Slach by Cedar Creek rekke er foar de trêde kears ferwûne. Dêrop waard er op 30 novimber 1864 troch presidint Abraham Lincoln mei weromwurkjende krêft fanôf 19 oktober oansteld as brigadegeneraal fan 'e frijwilligers. Mackenzie krige doe it kommando oer de kavalerydifyzje fan it Leger fan de James, dy't er er oanfierde yn 'e Slach by Five Forks en de Slach by it Gerjochtsgebou fan Appomattox. De Noardlike legerkommandant, generaal Ulysses S. Grant, dy't it letter ta presidint bringe soe, skreau yn syn memoires dat er Mackenzie beskôge hie as syn meast ûnthjittende ûnderhearrige.

Hast in jier nei de ein fan 'e Boargeroarloch, op 15 jannewaris 1866, waard Mackenzie ûntslein út 'e frijwillige troepemacht, dy't doe stadichoan ôftanke waard. Twa dagen earder, op 13 jannewaris, waard er troch presidint Andrew Johnson noch befoardere ta generaal-majoar, in rang dy't mei weromwurkjende krêft fan 31 maart 1865 ôf jildich waard. Under de Boargeroarloch stie Mackenzie mank it sljochtwei soldatefolk bekend om syn hurde dissipline, en wied er sadwaande net tige populêr. Syn ûnderhearrigen parten him de bynamme fan Perpetual Punisher ("Ivige Bestraffer") ta. Nettsjinsteande dat stied er ûnder syn gelikensen en oerhearrigen yn heech oansjen fanwegen syn strategysk en taktysk ynsjoch.

Tsjinst ûnder de Yndiaanske oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er ôfswaaid wie út 'e frijwillige tsjinst kaam Mackenzie wer ta it reguliere Amerikaanske Leger te hearren. Dêrby waard er fanwegen it oerskot oan ofsieren dat him troch de ôfslanking fan it leger nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch foardie, yn rang weromset nei kolonel. Yn 1867 waard er oansteld as kommandant fan it Amerikaanske 41e Ynfanteryregimint, dat letter omneamd waard ta it Amerikaanske 24e Ynfanteryregimint. Dat wie in regimint dat opmakke wie út frije swarten, de saneamde buffalo soldiers. In protte blanke ofsieren wegeren út rasistyske redens om lieding te jaan oan sokke regiminten, mar Mackenzie hie dêr gjin muoite mei.

Op 25 febrewaris 1871 krige Mackenzie it befel oer it Amerikaanske 4e Kavaleryregimint, dat doe legere wie yn Fort Richardson, yn noardlik Teksas. Mei dy ienheid naam er diel oan 'e Komantsjekampanje, in oarloch fan lege yntinsiteit tsjin 'e Komantsjen. Hy focht dêrby yn 'e Slach by Blanco Canyon en yn 'e Slach oan de Noardfoarke fan de Reade Rivier. Yn oktober 1871 rekke er foar de sânde kears yn syn militêre karriêre ferwûne, doe't er by in skermutseling troch in pylk yn syn skonk rekke waard. Letter late er fanút fan Fort Clark, yn westlik Teksas, in strafekspedysje tsjin 'e Apachen dy't fanút Meksiko operearren.

Under de Oarloch fan de Reade Rivier (1874-1875) fersloech Mackenzie mei it 4e Kavaleryregimint yn 'e Slach by Palo Duro Canyon in Yndiaanske koälysje besteande út Komantsjen, Kajowa, Flakte-Apachen, Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho. Teffens naam er yn it neijier fan 1876 diel oan 'e Grutte Sû-Oarloch, wêrby't er yn noardlik Wyoming yn it Gefjocht fan Stomp Mês it doarp fan 'e Noardlike Sjajinnen fan 'e opperhaden Stomp Mês en Lytse Wolf ferwuostge en dyselden dêrmei twong om 'e striid op te jaan. Mei troch dy oerwinning waard er yn 1881 beneamd ta kommandant fan it legerdistrikt fan Nij-Meksiko. Yn 1882 waard er befoardere ta brigadegeneraal, en yn 1883 krige er it befel oer it legerdistrikt fan Teksas.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mackenzie kocht dêrop in feepleats yn Teksas oan en ferloofde him mei de bedoeling om te trouwen. Ear't it dêr lykwols ta komme koe, begûn er him nuver te hâlden en te dragen, wat taskreaun waard oan in fal fan in kapwein yn Fort Sill, yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), wêrby't er ferwûne rekke wie oan 'e holle. Om't er symptomen fan geastlike ynstabiliteit fertoande, waard er op 24 maart 1884 út it Amerikaanske Leger ûntslein. Mackenzie waard neitiid fersoarge troch in suster fan sines, yn 'e Newyorkske borough Staten Island, dêr't er op 19 jannewaris 1889 yn 'e âldens fan 48 jier kaam te ferstjerren. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak fan West Point. Yn 1964 publisearre de Teksaanske skiedkundige Ernest Wallace oer Mackenzie de djipdollende biografy Ranald S. Mackenzie and the Texas Frontier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.