Buffalo soldiers

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Buffalo soldiers fan it Amerikaanske 25e Ynfanteryrezjimint yn 1890.

Buffalo soldiers (Ingelsk foar 'bizonsoldaten'; útspr.: ['bʌfəloʊ 'soʊlʤəɹz], likernôch: "baffe-loo sool-dzjurs") is in histoaryske oantsjutting foar de leden fan beskate folslein út Afro-Amerikaanske manskippen gearstalde rezjiminten fan it Amerikaanske Leger. Dizze term waard betocht troch de Yndianen, wêrby't krigers fan ferskate folken (Sjajinnen, Komantsjen, Apachen en oaren) de negroïde soldaten mei de Amerikaanske bizon assosjearren, mei't beide koart swart kroeshier hawwe. De namme buffalo soldiers waard troch de leden fan it Amerikaanske 10e Kavaleryrezjimint as in geuzenamme oannommen, en neitiid waard de term brûkt foar alle fjouwer rezjiminten fan it Amerikaanske Leger dy't nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1866, út Afro-Amerikanen gearstald waarden (mar oanfierd waarden troch blanke ofsieren). Dat wiene:

  • it Amerikaanske 9e Kavaleryrezjimint
  • it Amerikaanske 10e Kavaleryrezjimint
  • it Amerikaanske 24e Ynfanteryrezjimint
  • it Amerikaanske 25e Ynfanteryrezjimint

In protte fan 'e soldaten dy't yn dy fjouwer rezjiminten tsjinnen, hiene earder yn saneamde 'kleurlingerezjiminten' yn 'e Boargeroarloch meifochten. De term buffalo soldiers is lykwols net fan tapassing op dy eardere frijwilligersrezjiminten, dy't meast oprjochte waarden troch de ûnderskate Noardlike steaten. De fjouwer buffalo soldier-rezjiminten bestiene út beropssoldaten fan it reguliere Amerikaanske Leger, en waarden oprjochte troch it Amerikaanske Kongres.

Buffalo soldiers yn Kuba ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch (1898).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1866 oant de 1890-er jierren tsjinnen de buffalo soldiers op ferskate legerposten yn it Wylde Westen, dêr't hja dielnamen oan 'e Sû-Oarloggen, de Komantsje-Oarloggen, de Apache-Oarloggen en ferskate kampanjes tsjin 'e Sjajinnen. Yn 1892 makken buffalo soldiers fan 'e 9e Kavalery boppedat in ein oan 'e Prêrje-oarloch fan Johnson County, yn Wyoming. Letter wiene alle fjouwer rezjiminten behelle yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch (1898), wêrby't se op Kuba tsjinnen, en by de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch (1899-1902), yn 'e Filipinen.

Teffens wiene de buffalo soldiers yn 1916 belutsen by de Meksikaansk-Amerikaanske Grinsoarloch, en yn 1918 focht de 10e Kavalery ûnder de Meksikaanske Strafekspedysje yn 'e Slach by Ambos Nogales. Datselde jiers namen buffalo soldiers ek diel oan 'e Slach by Bear Valley, yn súdlik Arizona, tsjin 'e Jaky, dat it alderlêste treffen út 'e Amerikaanske Yndiaanske oarloggen wie. De ynfantery fan 'e buffalo soldiers focht yn dyselde tiid yn Jeropa yn 'e Earste Wrâldoarloch.

Under de Twadde Wrâldoarloch wiene buffalo soldiers benammen belutsen by de striid tsjin Japan, yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan. De lêste kear dat se ynset waarden, wie ûnder de Koreaanske Oarloch, foar't it lêste Afro-Amerikaanske rezjimint yn desimber 1951 opheft waard en de soldaten yntegrearre waarden yn mingde legerienheden. De lêste libbene buffalo soldier wie Mark Matthews, dy't op 6 septimber 2005 yn 'e hege âlderdom fan 111 jier kaam te ferstjerren en begroeven waard op it Nasjonaal Begraafplak Arlington.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.