Nasjonaal Begraafplak Arlington
Nasjonaal Begraafplak Arlington Arlington National Cemetery | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Firginia | |
county | Arlington County | |
koördinaten | 38°52′48″ N 77°04′12″ W | |
bysûnderheden | ||
type begraafplak | earebegraafplak | |
yn gebrûk | 1864 | |
útwreiding(s) | 1960-er jierren, 1991, 1996, 1999, 2001, 2004, 2005, 2007 | |
oerflak | 253 ha | |
tal grêven | ±400.000 | |
monumintale status | NRHP | |
monumintnûmer | 14000146 | |
eigner | Amerikaanske oerheid | |
offisjele webside | ||
www.arlingtoncemetery.mil | ||
kaart | ||
It Nasjonaal Begraafplak Arlington (Ingelsk: Arlington National Cemetery) is in militêr begraafplak yn 'e Feriene Steaten, dat yn Arlington County yn 'e steat Firginia leit, oare kant de rivier de Potomac oan 'e grins fan 'e federale haadstêd Washington, D.C. It begraafplak beslacht 253 ha en waard yn 1864, ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch troch it Noardlike Leger stifte op 'e plantaazje fan 'e Súdlike legerkommandant Robert E. Lee. Sûnt hat Arlington him, benammen troch de neite ta Washington, D.C., ûntjûn ta it wichtichste nasjonale begraafplak fan 'e Feriene Steaten. Hoewol't it yn it foarste plak in militêr begraafplak is, lizze der ek bekende Amerikanen lykas presidinten, astronauten, politisy en boargers mei grutte fertsjinsten, wêrûnder 367 ûntfangers fan de Medal of Honor binne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1802 krige George Washington Parke Custis, in beppesizzer fan Martha Washington (de frou fan 'e Amerikaanske presidint George Washington) út har earste houlik mei Daniel Parke Custis, it lân yn besit dat no it Nasjonaal Begraafplak Arlington foarmet. Hy liet dêr yn 1803 Arlington House sette, dat noch altyd stiet, en dat no in monumint is dat wijd is oan Robert E. Lee. Nei Custis syn ferstjerren, yn 1857, kaam de plantaazje yn it besit fan syn dochter Mary Anna Custis Lee, dy't troud wie mei de Amerikaanske generaal Robert E. Lee. By it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1861, naam dyselde ûntslach út it Amerikaanske Leger om tsjinst te nimmen yn it leger fan 'e nije Konfederearre Steaten fan Amearika, in ferbûn fan alve Súdlike steaten (wêrûnder Firginia) dy't har fan 'e Feriene Steaten besochten ôf te skieden. Neitiid klom Lee op ta de kommandant fan it Leger fan Noardlik Firginia, dat de wichtichste militêre formaasje fan 'e Konfederaasje wie.
Op 7 maaie 1861 waard de Arlington-plantaazje beset troch troepen fan 'e steatsmilysje fan Firginia. Om't dy dêrwei oer de rivier de Potomac de Noardlike haadstêd Washington, D.C. ûnder fjoer nimme koene, wie dat in ûntwikkeling dy't it Noarden net talitte koe. Lee syn frou Mary Anna seach yn dat har plantaazje mei gauwens yn Noardlike hannen falle soe, en dêrom begroef se alle kostberheden dy't se net meinimme koe en naam doe op 14 maaie de wyk nei de plantaazje fan suster yn it súdliker leine Fairfax County. Op 24 maaie naam it Noardlike leger ûnder brigadegeneraal Irvin McDowell de stêd Alexandria en de Arlington-plantaazje yn. Dat gebiet soe de hiele fierdere oarloch troch yn Noardlike hannen bliuwe.
Oan it begjin fan 'e Boargeroarloch waarden de militêren dy't deunby Washington, D.C. kommen wiene te sneuveljen, begroeven op Nasjonaal Begraafplak fan it Amerikaanske Soldatetehûs yn 'e haadstêd sels, of op it Nasjonaal Begraafplak Alexandria, yn Alexandria. Tsjin 1863 begûn dêr lykwols gebrek oan romte te kommen. Dêrop joech de kertiermaster-generaal fan it Amerikaanske Leger, Montgomery C. Meigs, befel dat der útsjoen wurde moast nei oare gaadlike plakken om 'e deaden te beïerdigjen. It die bliken dat Arlington fanwegen syn hege lizzing tige geunstich wie (de grêven koene dêr net fuortspiele by oerstreamings) en dêropta seach it út op Washington, D.C. en wie it in estetysk ynnimlike krite. Dêr kaam noch by dat it eigendom wie fan 'e fijannige legerkommandant, en Meigs skepte der sadwaande in bysûnder soad fernoegen yn om Robert E. Lee it gebrûk fan syn plantaazje nei ôfrin fan 'e oarloch te ûntsizzen.
De earste begraffenis dy't op it nije begraafplak te Arlington plakfûn, wie dy't fan soldaat William Henry Christman, op 13 maaie 1864, deunby wat no de noardeastlike tagongspoarte is. Meigs joech lykwols pas op 15 juny fan dat jier formeel tastimming om Arlington as militêr begraafplak yn gebrûk te nimmen. De earste Afro-Amerikaan dy't te Arlington beïerdige waard, wie in William H. Johnson, dy't tsjinstfeint west hie fan 'e Amerikaanske presidint Abraham Lincoln. It wie Lincoln sels dy't derfoar soarge dat Johnson te Arlington begroeven waard, en hy liet it wurd citizen ("steatsboarger") yn 'e grêfsark kervje. Lykwols wie Arlington in segregearre begraafplak, dêr't blanken by blanken en swarten by swarten beïerdige waarden, oant presidint Harry Truman yn 1948 in ein makke oan dy praktyk.
It Amerikaanske regear krige de Arlington-plantaazje yn 1864 yn besit foar $26.800 (yn hjoeddeisk jild $410.000), doe't it by opbod ferkocht waard om't Lee al jierren gjin ûnreplikgoedbelesting oan it Noardlike regear betelle hie. Hoewol't Lee syn frou in fertsjintwurdiger stjoerde dy't besocht om 'e efterstallige belesting fan $92,07 te beteljen, wegeren de Amerikaanske autoriteiten dat jild yn ûntfangst te nimmen. Yn 1874 late dat ta in rjochtsaak, wêrby't Lee syn soan Custis Lee de Amerikaanske oerheid oanklage oer it besit fan Arlington.
Yn desimber 1882 besleat it Amerikaansk Heechgerjochtshôf dat Arlington yndie op ûnrjochtlike wize ûnteigene wie, wêrnei't it Amerikaanske Kongres de plantaazje oan Custis Lee weromjaan moast. Op 3 maart 1883 ferkocht Lee Arlington werom oan it Amerikaanske regear foar $150.000 (yn hjoeddeisk jild $3.235.000). It súdlike diel fan 'e plantaazje wie ûnder en nei de Boargeroarloch brûkt om mear as 1.100 befrijde negerslaven op te fêstigjen, dy't dêr wennen en buorken yn harren saneamde Freedman's Village. Nei't Arlington yn 1883 wer yn it besit fan it Amerikaanske regear kaam, waarden sy lykwols sûnder pardon fan har lân set.
Doe't grutte oantallen feteranen út û.m. de Twadde Wrâldoarloch, de Koreaanske Oarloch en de Fjetnamoarloch oanjoegen te Arlington begroeven wurde te wollen, rekke it begraafplak geandewei de twadde helte fan 'e tweintichste iuw almar foller. Yn 1990 waard 5,3 ha lân by it begraafplak lutsen dy't earder as parkearplak tsjinst dien hie, folge troch 4,9 ha bosklân yn 1996 dy't foarhinne by it monumint Arlington House heard hie, en 15 ha grûn fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje yn 1999. Datselde jiers waard nochris 3,2 ha oan Arlington tafoege dy't earder by de legerbasis Fort Myer heart hie, folge troch nochris krapoan 4 ha fan Fort Myer yn 2005. Yn 2007 waard by it saneamde Millennium Project foar $35 miljoen oan bosklân oankocht om by it begraafplak foege te wurden, hoewol't de National Park Service him dêr fûleindich tsjin fersette en ek út oare hoeken swiere krityk kaam. In fierdere útwreiding folge yn 2013, wêrby't lân hinne en wer skood waard tusken it begraafplak, it Ministearje fan Definsje en Arlington County. Yn maaie 2014 waard it 150-jierrich bestean fan it Nasjonaal Begraafplak Arlington fierd. In moanne earder, yn april fan 2014 wie it hiele begraafplak opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken, wêrmei't it in monumintale status krige.
Ferneamde beïerdigings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne fiif steatsbegraffenissen holden op it Nasjonaal Begraafplak Arlington: dy fan 'e presidinten William Howard Taft (1930) en John F. Kennedy (1963), dy fan Kennedy syn bruorren minister fan Binnenlânske Saken Robert Kennedy (1968) en senator Ted Kennedy (2009), en dy fan generaal John J. Pershing (1948), dy't it befel hie oer de Amerikaanske Striidkrêften ûnder de Earste Wrâldoarloch. Hoewol't begroeven wurde te Arlington yn prinsipe foarbeholden is oan oarlochsfeteranen, komme presidinten fan 'e Feriene Steaten der altyd foar yn oanmerking, om't se de oerbefelhawwers fan 'e Amerikaanske Striidkrêften binne. De meast besochte grêven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington binne dy fan 'e fermoarde presidint John F. Kennedy en syn frou Jackie Kennedy, dy't yn 1994 njonken him begroeven waard. It Nasjonaal Begraafplak Arlington is ek de lokaasje fan it Grêf fan de Unbekende Soldaat yn 'e Feriene Steaten.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|