Leien
| Leien Leiden Leyden | ||
| Rapenburg | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| Boargemaster | Peter Heijkoop (CDA) | |
| Stedsyndieling | 4 stedsdielen, 10 wiken en 54 buerten | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 130.179 (1 jannewaris 2024[1] | |
| Oerflak | 23,27 km² (21,91 km² lân, 1,36 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 5.937 ynw./km² | |
| Stêdekloft | agglomeraasje: 215.602 stedsgewest: 365.913 | |
| Hichte | 0 m | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | A4 A44 N11 N206 N434 N445 N447 Alde line, Skipholline, Spoar fan Utert nei Leien | |
| Postkoade | 2311–2318, 2321–2324, 2331–2334 | |
| Netnûmer | 071 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 52° 9' NB 4° 30' EL | |
| Steenschuur | ||
| Aalmarkt | ||
| Offisjele webside | ||
| www.leiden.nl | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lizzing fan 'e gemeente Leien yn Súd-Hollân | ||
Leien[2] (Nederlânsk en offisjeel: Leiden, ferâldere: Leyden) is in stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân, mei 130.179 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 23,16 km², wêrfan 1,16 km² wetter. Neffens ynwennertal is Leien nei Rotterdam, De Haach en Zoetermeer de fjirde gemeente fan Súd-Hollân. It oaninoar fêstwoeksen stedsgebiet fan Leien mei de buorplakken Oegstgeest, Voorschoten, Leiderdorp en Zoeterwoude hat 215.602 ynwenners. De stedske agglomeraasje, sa't dy troch it CBS definiearre is, dat Katwyk omfiemet hat 282.207 ynwenners. It stedsgewest Leien omfiemet ek Teylingen en Noardwyk en hat yn totaal 365.913 ynwenners. Dêr heart it stedsk gebiet fan Leien mei ta de tsien grutste agglomeraasjes yn Nederlân.
Sleutelstad ('Kaaistêd') is de bynamme fan de stêd, ferwizend nei it stêdswapen.
Leien hat de âldste universiteit fan Nederlân, dy't yn 1575 oprjochte waard. Leien is dêr in typyske studintestêd troch. Ek jout de universiteit in grutte bydrage nei in grut tal wittenskiplike ûntdekkings yn de stêd, dêr't er de namme "Stêd fan Untdekkings" (Stad van de Ontdekkingen) troch krigen hat. Dêrneist is de stêd bekend om syn rike skiednis en de âlde binnenstêd. De binnenstêd hat in soad grêften, monumintale bouwurken en hofkes en ferskate museums dy't alle jierren tûzenen besikers oanlûke. Yn 2021 krige it Romeinske part fan Leien, Park Matilo, as part fan de Romeinske limes de status fan UNESCO-Wrâlderfgoed
Nammejouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Leithon komt foar it earst foar yn in list fan 'e Utertske Sint-Martentsjerke dy't tusken 777 en 866 opsteld waard. In populêre ferklearring foar de namme Leien is dat dy ôflaat wêze soe fan de âlde Romeinske delsetting Lugdunum Batavorum, mar yn werklikheid lei dy mear yn de buert fan Katwijk. By Leien lei Matilo. Dy ferklearring giet werom nei de 16e iuw doe't der yn 'e Renêssânse fannijs ynteresse ûntstie foar de Romeinske tiid.
In oare ferklearring is dat Leien syn namme te tanken hat oan it rivierke 'De Leyte', dy't yn de Ryn ôfwettere.[3]
Letter ûndersyk op taalkundich mêd joech dat de namme ôflaat is fan in Germaansk sterk namwurd leitha[4], itjinge yn it Midnederlânsk lede waard. Underwilens is der in sterk ûnderskaat makke tusken natuerlike en groeven wetterrinnen. Yn 'e werklikheid is it ferskil staadichoan. Al yn 'e midsiuwen is der in soad oan 'e rin fan 'e rivieren feroare, bygelyks troch bochten ôf te snijen om it ôfwetetrjen of de skipfeart makliker te meitsjen. In gearfetsjende namme foar soksoarte hiel of foar in part groeven wetterrinnen is it wurd lede, dat oarspronklik deselde stamme hat as it meartal ûnfolsleine tiid fan leiden, yn 'e betsjutting fan "gean" foar in wettergong. Dat lede komt werom yn plaknammen lykas Leardaam (daam yn de lede), Haarlemmerliede (lede rjochting Haarlim), Schipluiden (mei skippen befarre lede) en Westerlee (lede dy't westlik leit).
Bynamme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sleutelstad (Kaaistêd) is de bynamme fan de stêd. Dy bynamme giet werom op Sint-Piter, de patroanhillige fan 'e haadtsjerke, de Pitertsjerke, en dêr dus ek de beskermhillige mei fan 'e stêd. Tsjin Petrus wurdt yn it Evangeelje fan Mattéus sein: "Ik sil jo de kaaien jaan fan it Keninkryk fan 'e himels(...). Dêr binne syn attributen twa kaaien troch, dy't op it stedswapen en de flagge fan Leien kruse ôfbylde stean. Sleutelstad is de bijnaam van de Zuid-Hollandse stad Leiden.
Ferskate saken yn 'e stêd ferwize nei kaaien en de bynamme, lykas de namme fan in koar, De Leidse Sleuteltjes; de eardere moalfabryk De Sleutels; de pleatslike omrop foar Leien en in lokale politike partij.
Wapen en flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stêdswapen fan Leien bestiet út in wyt of sulveren skyld mei twa krúste kaaien. It wapen ferwiist nei Sint Piter, de patroan fan de stêd en nammejouwer fan de grutste tsjerke yn Leien, de Piterstsjerke. Petrus hie de kaaien fan de himel fan Jezus krigen.
It offisjele wapen fan Leien bestiet út in reade liuw op in festingmuorre mei de Latynske spreuk 'Haec liberatis ergo' ('dit omwille fan de frijheid'), ferwizend nei it ferset yn de Nederlânske Opstân. De linker klau fan de liuw leit op it skyld mei de twa kaaien en yn de oare hat er in sulveren swurd.
De stedsflagge bestiet út trije horizontale banen yn de kleuren read-wyt-read. Oan de kant fan de flaggestôk sit in reade sirkel mei, opnij, de twa reade kaaien út it wapen. De flagge waard yn 1949 fêststeld troch de gemeenteried.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd ûntstie as dykdoarp oan de gearrin fan de Alde Ryn en Nije Ryn. De âldste fernijing datearret fan om en by 860, doe't it doarp Leithon neamd waard. By it doarp waard in keunstmjittige hichte opsmiten, dêr't in boarch op kaam te stean. Dy boarch wie alderearst de sit fan de lienman fan de biskop fan Utert, letter kaam dy yn hannen fan de greve fan Hollân. De delsetting krige yn 1266 befêstiging fan de stedsrjochten, mar nei alle gedachten binne dy âlder. Letter yn de midsiuwen groeide de stêd út ta it grutste plak fan Hollân, ûnder oare troch de oplibjende lekkenyndustry. Yn 1389, mei in befolking fan likernôch 4.000, wreide de sted him yn 't suden út, dat wie nedich yn ferbân mei de groeiende befolking.
By de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen waard de stêd in 1420 ynnaam troch Jan sûnder Genede. Op 1 maart 1512 stoarte de hûndert meter hege toer fan de Piterstsjerke yn, oant dat momint ien fan de heechste tuorren yn Nederlân. De toer waard nea wer boud, de tsjerke sels stiet der noch hieltyd.
Nettsjinsteande dy tsierderijen wie Leien yn 1514 útwoeksen ta de grutste stêd fan Hollân mei likernôch 14.000 ynwenner. Neitiids wie dêr in stilstean troch bygelyks konkurrinsje fan plattelânsniverheid, dy't goedkeapere tekstyl as de Leienske gilden levere.

Yn 1572 keas de stêd foar de kant fan 'e opstân tsjin Spanje. As reaksje op dat beslút waard de sted belegere troch de Spaanske lânfâd Requenses, yn it jier 1574. Nei't de belegering ôfslein wie, op 3 oktober 1574, kriich it plak de Universiteit Leien kado fan Willem fan Oranje (al wurdt ek wol sein dat Willem dêr polityk/bestjoerlike reden foar hie: der wie ferlet fan heech oplate folgelingen).
Fan de 17e iuw ôf kaam de sted ta grutte bloei, feroarsake troch flechtelingen út Flaanderen, dy't de tekstylyndustry fuortsterken. Troch in grutte befolkingsgroei yn dy perioade (fan 15.000 nei 70.000 ynwenners) wiene nije útwreidingen fan 'e stêd nedich. Yn 'e Gouden Iuw wie Leien nei Amsterdam sels de twadgrutte stêd fan Nederlân. Dêr waarden nije grêften en singels foar oanlein. It hjoeddeistige sintrum fan Leien, werom te kennen oan it singelpatroan, waard in 1695 foltôge.
Fan de 18e iuw ôf rekke de tekstylyndustry yn it neigean, ûnder oaren troch hege leanen en proteksjonistyske maatregels fan Frankryk. Gefolch wie it omleech gean fan it tal ynwenners fan de sted: nei 30.000 yn 'e 18e iuw nei in djiptepunt fan 27.000 om 1815 hinne.

Op 12 jannewaris 1807 wie de Leienske Sjitkrûtramp, dêr't likernôch 150 minsken by om kamen. Kening Loadewyk Napoleon besocht it plak fan de ramp om de help oan de slachtoffers te stypjen. In grut part fan de sted waard rekke ferwoastge troch de ûntploffing: op it plak waard it Van der Werfpark oanlein en in laboratorium set.
Yn deselde iuw waard Leien oansletten op it spoar: yn 1842 waard de wichtige spoarline nei Alkmar yn gebrûk naam. Troch dat spoar bloeide Leien wer in bytsje op, mar it ynwennertal kaam oant en mei 1900 net wer boppe de 50.000. Pas om 1896 wreide de sted bûten de singels út.

Yn 'e fjirde fearns iuw fan de 19e iuw wie der in grutte foarútgong yn 'e Nederlânske wittenskip, dy't ek wolris as de Twdde Gouden Iuw oantsjut waard. Leien spile yn dy ûntjouwing de haadrol. Johannes van der Waals, Hendrik Lorentz, Heike Kamerlingh Onnes, Pieter Zeeman wiene wittenskippers dy't warber yn Leien wiene. Leien waard doe as "Stêd fan 'e Untdekkings" neamd. Yn 1861 waard dêr in folslein nije stjerrewacht boud, dy't hjoed-de-dei ien fan 'e meast ikoanyske gebouwen fan de stêd is. De Leienske Stjerrewacht, dy't hjoed-e-dei e âldste noch besteande universitêre stjerrewachten yn 'e wrâld is, dêr't de widze fan stie fan astronomyske ûntdekkings (Willem de Sitter, Jan Oort, Henk van de Hulst), Albert Einstein (doe bysûnder heechlearaar yn Leien) ûntwurp tegearre mei De Sitter it Einstein-De Sittermodel (1932), dy't op 'e doe kreklyn ûntwikkele algemiene relativiteitsteory basearre wie.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard ek Leien swier rekke: benammen it gebiet om it Sintraal Stasjon en de Marewyk hinne waarden troch bombardeminten fernield. It histoarysk sintrum fan de sted bleau sparre. Oan de Morsweg stiet noch hieltiten in Dútske bunker.
It hjoeddeistige Leien is in sintrum fan wittenskip en nije technology. Dêrneist spilet ek it toerisme in wichtige rol foar de âlde fêstingsstêd.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2021 hie 67,8% fan 'e Leienske befolking twa âlden dy't yn Nederlân berne waarden. 16,9% hat op syn minst ien fan 'e âldelju dy't yn in net-westersk lân berne waard, en 15,2% hat op syn minst ien fan 'e âldelju dy't yn in westersk lân berne waard.
Religy en libbensbeskôgings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Út ûndersyk docht bliken dat om 40 persint hinne fan de ynwenners fan Leien in leauwensoertsjûgings hat: 33% rekkenet harren ta it Kristendom, 5% ta de Islam en 2% ta wat oars. Fan de befolking besiket 25 persint wol ris in tsjerke, moskee of in oare leauwensromte (dêr't moslims faker nei de moskee by gean as kristenen nei de tsjerke).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leien leit yn it noarden fan de provinsje Súd-Hollân, op likernôch 45 kilometer súdwestlik fan Amsterdam en 18 kilometer noardlik fan De Haach. Troch Leien streamt de Alde Ryn, dy't him oan de râne fan de stêd ôfspjalt fan de Nije Ryn. Alletwa rivieren komme yn it sintrum fan de stêd wer byinoar. Fierder takje it Ryn-Skiekanaal en de Zijl harren ôf út Leien wei.
| Districtnr. | District | Inwoners[5] | |
|---|---|---|---|
| 0 | Binnenstêd-súd | 8.177 | |
| 1 | Binnenstêd-noard | 14.994 | |
| 2 | Stationsdistrict | 1.925 | |
| 3 | Leien-Noard | 13.327 | |
| 4 | Roodenburgerdistrict | 20.226 | |
| 5 | Bos- en gasthuisdistrict | 19.598 | |
| 6 | Morsdistrict | 11.126 | |
| 7 | Boerhaavedistrict | 4.545 | |
| 8 | Merenwijkdistrict | 14.343 | |
| 9 | Stevenshofdistrict | 11.546 |
Wetter en grien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei namme yn 'e binnenstêd is it wetter wichtich. Neist de Âlde en Nije Ryn hat Leien ek in soad grêften en singels. De bekendste grêft is it Rapenburg, dêr't in soad steatlike hûzen oan stean. Bûten de stêd ferbine tal fan rivierkes en kanaaltsjes de sted mei de grutte wetterplassen, sa as Vlietland, de Kagerplassen en it Valkenburgse Meer.
De singels foarmje ek in wichtige grienfoarsjenning yn de stêd: in soad parken binne op it plak fan de eardere stedswâlen kaam. Bûten it sintrum leit it Leidse Hout, in grut stedspark, en binne lytsere wykparkjes, sa as it Bosk fan Bosman en it Park Merenwijk mei bernebuorkerij.
Bysûndere gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de ekonomyske delgong fan 'e ein fan 'e 17e oant it midden fan 'e 19e iuw is in grut part fan it 16e en 17e iuwske stedssintrum noch yntakt bleaun. It is it op ien nei grutste 17e iuwske stedssintrum fan Nederlân, nei dy fan Amsterdam.
Hûndert gebouwen yn it sintrum binne ferierd mei grutte muorskilderings mei gedichten, part fan in muorgedichteprojekt dat sûnt 1992 rint en noch hieltyd trochrint.
Fortifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it strategysk wichtich krúspunt fan de twa tûken fan 'e Alde Ryn stiet it kastiel Burcht, in rûne toer op in ierden wâl. De wâl wie nei alle gedachten in taflechtsoarde tsjin heech wetter foar't der yn 'e 11e iuw in lyts houten fort op boud waard. De sitadel is in saneamd mottekastiel. Fan de âlde stedspoarten fan Leien binne der noch twa fan oer, de Zijlpoort en Morspoort, alletwa fan 'e ein fan 'e 17e iuw. Mei útsûndering fan in lytse wachttoer oan de Singel is der fan 'e âlde stedsmuorren neat mear fan oer. In oare eardere fêsting is it Gravensteen. It warad yn 'e 13e iuw as fort boud en hat sûnt tsjinne as wenhûs, bibleteek en finzenis. Hjoed-de-dei is it ien fan 'e gebouwen fan 'e universiteit.
- Morspoort
- Zijlpoort
- Burcht van Leiden
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste fan de tsjerken yn Leien binne de Hooglandse Kerk, boud yn 'e 15e iuw en de Pitertsjerke fan 1315. Ek de Maretsjerke fan 1639, ûntwurpen troch Arent van 's Gravesande yn styl fan it Hollânsk klassisisme is nijsgjirrich. De Hillige Loadewyktsjerke is de earste Roomsk-katolike tsjerke dy't yn Leien nei de Reformaasje boud waard. Dy tsjerke waard oan 'e katoliken jûn nei de buskrúdûntploffing fan 1807, dêr't 150 ynwenners by omkamen en in grut part fan it stedssintrum ferwoastge rekke. De Waalske Tsjerke wie oarspronlik part fan it Katarina-sikehûs en waard yn 1584 waard it de tsjerke fan protestantske flechtlingen út 'e Súdlike Nederlannen en Frankryk. Lettere tsjerken yn it sintrum binne ûnder oaren de Sint-Joazeftsjerke yn ekspresjonistyske styl.
- Pitertsjerke
- Hillige Loadewyktsjerke
- Maretsjerke
- Sint-Joazeftsjerke
Universiteitsgebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e binnenstêd steane in soad gebouwen dy't troch de Universiteit Leien brûkt wurde. It Akademygebou is fêstige yn in earder 16e iuwsk kleaster. Ta de ynstellings dy't oan 'e universiteit ferbûn binne, hearre it nasjonaal ynstitút foar Eastyndyske talen, Etnology en Geografy, de Botanyske Tunen, oprjochte yn 1587, de Stjerrewacht (1860), it Ryksmuseum fan Aldheden en it Etnografysk Museum. De Bibliotheca Thysiana is fêstige yn in âld rennêssânsegebou út 1655. Dy bibleteek is benammen ryk oan juridysk wurk en folkstalige kroniken. Nijsgjiirich binne ek de bysûndere samlingen fan de Universiteitsbibleteek Leien, lykas dy fan de Feriening foar Nederlânske Letterkunde (1766) en de samling ôfjitsels en gravueren. Yn 'e ôfrûne jierren hat de universiteit oan 'e râne fan 'e stêd it Leiden Bio Science Park boud om de wittenskiplike fakulteiten te húsmanjen.
Oare gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stedhûs, in 16e iuwsk gebou dy't swier skansearre rekke by in brân yn 1929, mar syn renêssânse-foargevel, ûntwurpen troch Lieven de Key stiet noch hieltyd.
- Mienlânshûs fan Rynlân (1596, restaurearre yn 1878)
- De Waach
- Gravensteen, in earder finzenisgebou út 'e 14e iuw
- Stedsk Gymnasium (of Latynske Skoalle) (1599)
- Heilige Geest Weeshuis (Hillige Geastweeshûs), in kompleks gebouwen út 'e 16e iuw
- Mûne de Valk, in nôtmûne, hjoed-de-dei in museum (1743)
- Pesthuis, dy't boud waard tusken 1657-1661 doetiids justjes bûten de stêd foar genêzjende pasjinten dy't de pest hiene.
- Stedstimmerwerf, it wurkplak fan 'e stedstimmerman (1612), boud troch Lieven de Key.
- Stedstimmerwerf
- De Waach
- Mienlânshûs fan Rynlân
- Maretsjerke
- Mûne De Valk
Underrjocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Leien hat twa universiteiten en in hegeskoalle. De Universiteit Leien waard yn 1575 oprjochte en is dêr de âldste universiteit fan Nederlân mei. De universiteit hat sân fakulteiten, en mear as 32.000 studinten. It hert fan 'e universiteit is it Akadeemjegebou oan it Rapenburg. De Universiteit Leien hat fierders in eigen botanyske tún, in eigen observatoarium en in eigen universiteitsbibleteek.
Sûnt 1983 hat ek de Amerikaanske Webster University in fêstiging yn Leien. De Hegeskoalle Leien is in hbû-ynstelling mei goed 12.000 studinten fêstige yn it Leiden Science Park. Yn dat park binne fêstigings fan ferskate kennisynstituten, mank mei in tal biotechnyske bedriuwen.
Ek foar middelber beropsûnderwiis binne der ferskate ynstellings. Regionale opliedingssintrums biinne it ROC Leiden, mei goed 10.000 studinten, it ROC Mondriaan en ID-kolleezje. De Leienske Ynstrumitmakersskoalle fersoarget opliedings fynmeganika.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leien leit oan trije spoarlinen: de Alde line, de Skipholline en de line nei Utert. Der binne trije spoarstasjons: Leien Sintraal, De Vink en Leien Lammenschans.
Njonken treinen ride yn Leien bussen foar steds- en streekferfier fan Qbuzz, dy't op 'e konsesje Súd-Hollân-Noard en twa linen fan EBS as útrinner fan Streekferfier Haachlannen.
Leien is út it noarden en suden wei te berikken oer de A4 en A44, út it noardwesten en súdeasten oer de N206 en út it easten wei oer de N11 en N445. Simmers 2024 waard de N343 iepene dy't de east-westferbining tusken de A4 en A44 foarmet om de stêd te ûntlêstigjen.
Bekende Leienaren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In soad minsken hawwe, troch dat se berne binne yn Leien, of om't se der wenne hawwe, in bân mei de stêd. De ferneamdste fan dy minsken is Rembrandt, dy't yn 1606 berne waard yn de stêd. Der binne ek oare bekende skilders yn Leien berne, sa as Jan Steen, Gerrit Dou en Frans van Mieris de Oudere.
Troch de oanwêzigens fan 'e universiteit kamen ek in soad wittenskippers nei Leien. Jin moatte tinke oan Justus Lipsius (nei wa't in fakulteit neamd is), Sebald Justinus Brugmans, Carolus Clusius, Constantijn Huygens en René Descartes. Jacobus Arminius en Franciscus Gomarus begoan harren diskusje oer predestinaasje oan de Universiteit Leien. Fjirder wienen oan de universiteit ferbûn: Herman Boerhaave, Heike Kamerlingh Onnes, Hendrik Lorentz, Pieter Zeeman, Willem Einthoven en Nicolaas Meerburgh. Yn 1920 waard Albert Einstein bysûnder heechlearaar oan de Universiteit. Fjirder hawwe in tal leden fan it Nederlânsk Keninklik Hûs yn Leien wenne en studearre.
Polityk en bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gemeenteried
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeenteried fan Leien bestiet út 39 sitten. Hjirûnder de gearstelling sûnt 1994:
| Gemeenteried | |||||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Partij | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | 2014 | 2018 | 2022 | |||||||
| GroenLinks | 5 | 6 | 6 | 4 | 4 | 4 | 8 | 10 | |||||||
| D66 | 7 | 4 | 5 | 2 | 10 | 12 | 9 | 6 | |||||||
| VVD | 8 | 9 | 7 | 6 | 6 | 5 | 6 | 5 | |||||||
| PvdA | 8 | 9 | 8 | 10 | 6 | 5 | 4 | 4 | |||||||
| Partij voor de Dieren | - | - | - | - | 1 | 1 | 3 | 4 | |||||||
| Partij Sleutelstad | - | - | - | - | 0 | 0 | 2 | 3 | |||||||
| SP | 3 | 5 | 3 | 7 | 4 | 5 | 3 | 2 | |||||||
| CDA | 5 | 4 | 5 | 5 | 4 | 4 | 3 | 2 | |||||||
| Studenten voor Leiden | - | - | - | - | - | - | 2 | ||||||||
| ChristenUnie* | - | 1 | 1 | 2 | 1 | 1 | 1 | 1 | |||||||
| Stadspartij Leiden Ontzet | - | - | - | 1 | 2 | 0 | - | - | |||||||
| Leefbaar Leiden | - | - | 3 | 2 | 1 | 2 | - | - | |||||||
| Leiden Weer Gezellig-De Groenen | 1 | 1 | 1 | - | - | - | - | - | |||||||
| Centrum Democraten | 2 | - | - | - | - | - | - | - | |||||||
| Totaal | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | 39 | |||||||
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leien is ferbûn mei:
Oxford (Feriene Keninkryk)
Krefeld (Dútslân)
Torún (Poalen)
Juigalpa (Nikaragûa)
Buffalo City (Súd-Afrika).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan Leien
- Leiden.NU - Kultuer yn Leien (Nederlânsk)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leien fan Wikimedia Commons. |
| Súd-Hollân | |
|---|---|
| Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
