Tongue (rivier yn Montana)

Ut Wikipedy
Tongue
geografy
lân Feriene Steaten
steat Montana
Wyoming
ûntspringt yn it Bighorn-berchtme
lokaasje boarne noardlik Wyoming
mûnet út yn de Yellowstone (rivier)
lokaasje mûning by Miles City
sydstreamen Pumpkin Creek
sifers
lingte 426 km
ôfwetteringsgeb. 13.978 km²
ôffier (mûning) 11 m³/s

De rivier de Tongue (Assiniboin: Tacéži Wakpá, útspr.: [ta'ʧe:ʒi 'wakpa:]; Sjajinsk: Vetanoveo’he, útspr.: [vɪtanovɪoʔhɪ]) is in likernôch 426 km lange sydstream fan 'e rivier de Yellowstone, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Montana en it noardeasten fan Wyoming, dy't in gebiet fan krapoan 14.000 km² ûntwetteret.

De Tongue ûntspringt yn 'e Bighornbergen fan Wyoming en rint troch noardeastlik Wyoming en súdeastlik Montana om by Miles City út te mûnjen yn 'e Yellowstone. Dêrby streamt de rivier troch in ferskaat oan lânskippen dat optilt fan natuerskientme, lykas it Nasjonaal Wâld Bighorn, it Ravyn fan de Tongue en it mei nullebeammen begroeide heuvellân fan Montana. Teffens foarmet de rivier de eastgrins fan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat.

It ôfwetteringsgebiet fan de Yellowstone mei de Tongue.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.