Steande Bear

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Steande Bear
Chief Standing Bear.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maⁿchú-Naⁿzhíⁿ
oare namme Standing Bear
nasjonaliteit Flagge fan de Ponka Stamme fan Nebraska.PNG Ponka
berne 1839
berteplak oan 'e Niobrara (Nebraska)
stoarn 1908
stjerplak Niobrara (Nebraska)
etnisiteit Flagge fan de Ponka Stamme fan Nebraska.PNG Ponka
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Ponka
aktyf as aktivist
jierren aktyf ±18651908
reden
  bekendheid
Standing Bear v. Crook

Steande Bear (Ponka: Maⁿchú-Naⁿzhíⁿ, útspr.: [mãʧuꜜnãʒĩꜜ], likernôch: "mangtsjû-nangzjyng"; Ingelske oersetting: Standing Bear; oan 'e igge fan 'e rivier de Niobrara (Nebraska), 1839Niobrara (Nebraska), 1908) wie in opperhaad fan 'e Ponka, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard ferneamd doe't er yn 1879 yn Nebraska mei súkses in rjochtsaak oanspande om Yndianen ûnder de Amerikaanske wet erkend te krijen as persoanen, foar wa't dêrtroch in befelskrift nedich wie om se finzen te nimmen.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Steande Bear waard berne yn 1839, wierskynlik yn it eastlike part fan wat letter de Amerikaanske steat Nebraska wurde soe. Syn folk, de Ponka, wie in etnyske groep dy't yn 'e achttjinde iuw frij machtich west hie, mar troch in epidemy fan 'e pokken wiene se tsjin 1807 yn oantal belune ta heechút 800 minsken. Under Steande Bear syn jonkheid waarden de Ponka troch oerfallen fan 'e Brulee-Lakota twongen om foar harren libbensûnderhâld mear op lânbou te fertrouwen as op 'e bizonjacht.

Nei 1854 soarge Kansas-Nebraskawet foar in tafloed oan blanke kolonisten dy't har yn Nebraska fêstigjen woene. It regear fan 'e Feriene Steaten sette de lânseigen Yndiaanske folken yn dy krite dêrom ûnder druk om har lân ôf te stean. Om't de gebieten fan 'e stammen inoar oerlapen, rekken de Ponka yn 1854 in 113 km brede stripe lân tusken de Aowa Creek en de rivier de Niobrara kwyt doe't de nau oan harren besibbe Omaha in diel fan harren lân oan 'e Amerikanen ferkochten. Yn deselde snuorje hiene de Ponka slim te lijen ûnder oanfallen fan 'e Brulee- en de Oglala-Lakota. Fan twa kanten ûnder druk set, besleaten se yn 1858 om it meastepart fan harren lân oan 'e Feriene Steaten ôf te stean.

Hoewol't de Ponka in gebiet tusken de Niobrara en de Ponca Creek beholden (likernôch tusken de hjoeddeistige plakken Butte en Lynch), die al rillegau bliken dat de grûn dêr ûngeskikt wie foar lânbou. Om't se troch de Brulee ôfsnien wiene fan harren eardere jachtgrûnen, late dat ta oanhâldende hongersneed. Pas yn 1865 soarge in nij ferdrach derfoar dat de Ponka har in stik mear nei it easten nei wenjen sette mochten, noch altyd tusken de Ponca Creek en de Niobrara, mar oan 'e eastkant begrinzge troch de rivier de Missoury, op lân dat folle fruchtberder wie.

Steande Bear en syn gesin.

Trije jier letter lykwols, doe't de Oarloch fan Reade Wolk tusken de Lakota en de Feriene Steaten beëinige waard mei it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, joegen de Amerikanen it lân fan 'e Ponka yllegaal wei as ûnderdiel fan it nije Grutte Sû Reservaat. Fan gefolgen besleat it regear yn Washington, D.C. neitiid dat de Ponka nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) ferfarre moasten. Tsjin dy tiid wie Steande Bear in opperhaad fan syn folk wurden. Hy wie troud mei in Zazette Primeau (of Susette Primoux), mei wa't er ferskate bern krigen hie.

Deportaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1875 hiene Wite Earn, it heechste opperhaad fan 'e Ponka, en Steande Bear en ferskate oare foaroanlju in moeting mei de Yndiaanske agint A.J. Carrier, wêrby't se in dokumint ûndertekenen dat harren deportaasje nei it Yndiaanske Territoarium omfieme. Wite Earn, Steande Bear en de oaren holden letter út dat de ôfspraken ferkeard foar harren fertaald wiene, en dat sy begrepen hiene dat se ynstimden mei in ferhuzing nei it Omaha Yndianereservaat yn Nebraska. Mar mei harren protesten bedijden se neat, dat yn febrewaris 1877 reizgen acht opperhaden fan 'e Ponka, wêrûnder Steande Bear, mei ynspekteur Edward C. Kemble nei it Osadzje Yndianereservaat yn it Yndiaanske Territoarium om in gaadlik plak foar harren eigen reservaat te sykjen. Om't de pleatslike Yndiaansk agint it spul net taret hie, koe dêr neat fan komme. Kemble joech de Ponka de skuld fan it misferstân en liet se dêr yn 'e steek sadat se nei Nebraska weromrinne moasten.

Mar Kemble sette syn plannen al troch, en yn april fan datselde jier reizge er nei it Kwapou Yndianereservaat, yn 'e neite fan it hjoeddeiske Peoria (Oklahoma), mei dat diel fan 'e Ponka dat min ofte mear frijwillich út Nebraska wei woe. Yn maaie deportearre it Amerikaanske Leger de rest fan it folk ûnder twang, wêrûnder Steande Bear en syn húshâlding. De Ponka arrivearren te let yn it Yndiaanske Territoarium om dat jiers noch te plantsjen en te rispjen, en it Amerikaanske regear fersomme boppedat om harren te foarsjen fan it lânbougereid dat de Ponka ûnthjitten wie as ûnderdiel fan it oarspronklike ferhuzingsferdrach. Yn 1878 ferfearen se goed 240 km nei it westen ta, nei de rivier de Arkansas, súdlik fan it hjoeddeiske Ponca City. Tsjin 'e maityd fan 1879 wie hast in trêdepart fan 'e stamme omkommen oan honger, malaria en oanbesibbe oarsaken.

Standing Bear v. Crook[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Steande Bear te'n fuotten út.

Under de deaden wie ek Beareskyld (Bear Shield), de âldste soan fan Steande Bear. Dyselde hie syn soan ûnthjitten dat er him begrave soe yn 'e Delling fan 'e Niobrara, yn harren heitelân, dat dêrom sette er mei syn frou en 65 folgelingen út it Yndiaanske Territoarium ôf nei it noarden. Doe't de groep fan Steande Bear it Omaha Yndianereservaat yn Nebraska berikte, waarden se dêr troch harren sibben, de Omaha, gastfrij ûnthelle. It nijs fan 'e oankomst fan 'e Ponka dêre berikte lykwols al rillegau Washington, D.C., en minister fan Binnenlânske Saken Carl Schurz, dy't ek oer it Buro fan Yndiaanske Saken gie, joech brigadegeneraal George Crook opdracht om Steande Bear-en-dy te arrestearjen om't se sûnder tastimming harren reservaat yn it Yndiaanske Territoarium ferlitten hiene.

Steande Bear en syn folgelingen waarden nei Fort Omaha ta brocht, dêr't se yn 'e hechten set waarden. Crook griisde derfan doe't er hearde ûnder hokker omstannichheden oft de Ponka yn it Yndiaanske Territoarium libje moasten, en hoewol't er befel hie om Steande Bear-en-dy sa gau mooglik dêrhinne werom te stjoeren, trainearre er de saak mei opsetsin. Boppedat fertelde er it ferhaal fan 'e Ponka troch oan Thomas Tibbles, in redakteur foar de krante de Omaha Daily Herald, dy't deroer publisearre en syn artikel ek trochferkocht oan oare kranten. De abbekaat John L. Webster bea dêrop de Ponka pro deo syn tsjinsten oan, en Andrew J. Poppleton, de haadjurist fan 'e spoarmaatskippij Union Pacific Railroad, sleat him dêrby oan.

Yn april 1879 stiene dy beide mannen Steande Bear by, doe't dy foar de rjochtbank yn Omaha (Nebraska) de ferneamde rjochtsaak Standing Bear v. Crook begûn tsjin 'e Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan brigadegeneraal Crook, foar ûnrjochtlike finzenname ûnder de Habeas Corpus-wet fan 1679. Ek by de rjochtsaak belutsen wiene Steande Bear syn frou Zazette Primeau, dy't mei him ien fan 'e oanspanners wie, en Susette LaFlesche, in Omaha-frou dy't ûnderwiis genoaten hie en floeiend wie yn sawol it Omaha-Ponka as it Ingelsk, en sadwaande as tolk fan Steande Bear fungearre. Under de rjochtsaak spriek Steande Bear wylst er syn hân omheech hold de wurden: "Dizze hân is net deselde kleur as jowes, mar as ik deryn stek, dan sil der bloed út komme, en sil ik pine fiele. Dat bloed is deselde kleur as jowes. God hat my makke, en ik bin in minske."

Op 12 maaie 1879 die rjochter Elmer S. Dundy de útspraak dat in Yndiaan in persoan is yn 'e betsjutting fan 'e Habeas Corpus-wet. Dêropta fûn er dat it Amerikaanske federale regear net oantoand hie dat der in wetlike basis bestie foar de finzenname fan 'e Ponka. Dat wie foar dy tiid in revolúsjonêre útspraak, mei't Yndianen sjoen waarden as wylden en barbaren, op wa't de wet, dy't bedoeld wie foar beskaafde lju, net fan tapassing wêze koe. Dat feroare no yn ien klap, mei't yn it ferlingde fan dizze útspraak Yndianen deselde beskerming ûnder de Amerikaanske wet tametten wurde moast as bygelyks Meksikanen of Dútsers. De rjochter die dêr noch oan ta: "It rjocht om jin bûten jins eigen gerjochtichheid te bejaan is in natuerlik, ynherint en ûnferfrjemdber rjocht, dat him sawol útwreidet nei de Yndiaan as nei it fortúnliker blanke ras."

It stânbyld fan Steande Bear yn Ponca City (Oklahoma).

Op reis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de útspraak liet it leger Steande Bear-en-dy daliks gean. Troch de belangstelling fan 'e parse foar syn rjochtsaak hie it opperhaad in beskate bekendheid krigen, en it regear fan presidint Rutherford B. Hayes joech him en in diel fan 'e Ponka tastimming om foargoed werom te kearen nei de Delling fan 'e Niobrara. Fan oktober 1879 oant 1883 makke Steande Bear in rûnrêis troch de eastlike Feriene Steaten en Jeropa, dêr't er lêzings joech en taspraken hold op gearkomsten dy't foar in grut part organisearre waarden troch de abolysjonist Wendell Phillips. Hy waard dêrby beselskippe troch Susette LaFlesche en har broer Francis LaFlesche, dy't letter in folkekundige foar it Smithsonian Ynstitút wurde soe. Dy beiden fungearren om bar as tolk foar it opperhaad. Susette LaFlesche wie tsjin dy tiid troud mei sjoernalist Thomas Tibbles, dy't ek meireizge. Under syn omdoarmings mette Steande Bear ferskate foaroansteande blanke Amerikanen, wêrûnder de ferneamde dichter Henry Wadsworth Longfellow, dy't syn stipe útspriek foar it krewearjen fan it opperhaad.

Lettere jierren en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er weromkeard wie út it Easten, sette Steande Bear him nei wenjen yn syn âlde hûs oan 'e Niobrara. Dêr buorke er yn 'e neite fan likernôch 170 oare Ponka dy't út it Yndiaanske Territoarium weromkeard wiene. Hy kaam dêr yn 1908, yn 'e âlderdom fan 69 jier, te ferstjerren, en waard begroeven op in heuvel dy't útseach op it plak dêr't er berne wie. Hjoed de dei erkend de Amerikaanske oerheid twa stamme-organisaasjes fan 'e Ponka: de Ponka Stamme fan Nebraska dy't bestiet út 'e neikommelingen fan Steande Bear en de oaren dy't nei Nebraska weromkearden, en de Ponka Stamme fan Oklahoma, dy't foarme wurdt troch de neiteam fan 'e Ponka dy't yn it Yndiaanske Territoarium bleaune.

Steande Bear is opnommen yn 'e Nebraska Hall of Fame, en der binne ferskate dingen nei him ferneamd, lykas de Standing Bear-mar, in kearmar dy't yn 1977 ûntstie; de Chief Standing Bear Memorial Bridge, in brêge oer de rivier de Missoury by de grins fan Nebraska mei Súd-Dakota; en it Standing Bear Park yn Ponca City, yn Oklahoma, dêr't ek it Standing Bear Museum and Education Center fêstige is en dêr't in 6.70 m heech brûnzen stânbyld fan Steande Bear stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.