Springe nei ynhâld

Birdtail Sû Earste Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Birdtail Creek Reservaat 57)
Birdtail Sû Earste Naasje
Ingelsk Birdtail Sioux First Nation
lânseigen Caŋ Kaġa Dakhóta Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Manitoba
haadkertier Beulah (Manitoba)
etnisiteit Eastlike Dakota, Westlike Dakota
ledetal 810 (2013)
oprjochting 1875
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Birdtail Creek Reservaat 57
Birdtail Haailannen Reservaat 57A
Fishing Station Reservaat 62A
lokaasje súdlik Manitoba
oerflak 28,9 km²
ynwennertal 460 (2013)
offisjele webside
www.birdtailsioux.ca
kaart
Birdtail Sû Earste Naasje (Manitoba)
Birdtail Sû Earste Naasje
Lokaasje yn Manitoba.

De Birdtail Sû Earste Naasje (Ingelsk: Birdtail Sioux First Nation; Dakota: Caŋ Kaġa Dakhóta Oyáte, letterlik: "it Folk fan 'e Langhuzen") is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan 'e provinsje Manitoba. De "earste naasje" (in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep), waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1875, en hie neffens gegegevens út 2013 810 leden. It haadkertier is fêstige yn Beulah, yn Manitoba, in útbuorren dy't sa'n 50 km noardlik fan 'e stêd Virden leit. De leden fan 'e Birdtail Sû Earste Naasje besteane út etnyske (Sioux), nammentlik Eastlike Dakota fan 'e Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen, en Westlike Dakota fan 'e Janktonai-stamme.

De Birdtail Sû Earste Naasje hat twa eigen reservaten, te witten: it Birdtail Creek Reservaat 57 (Birdtail Creek 57 Reserve) en it Birdtail Haailannen Reservaat 57A (Birdtail Hay Lands 57A Reserve), wylst se fierders it Fishing Station Reservaat 62A (Fishing Station 62A Reserve) diele mei de Canupawakpa Dakota Naasje en de Sioux Valley Dakota Naasje. Mei-inoar hawwe dy reservaten in oerflak fan 28,9 km². Se grinzgje oan 'e plattelânsgemeenten Miniota en de Archie.

Fan 'e 810 leden fan 'e Birdtail Sû Earste Naasje wennen der yn 2013 461 yn 'e reservaten. De wichtichste delsetting fan 'e stamme is sitewearre op 50°16′ noarderbreedte by 101°09′ westerlingte. Birdtail heart ta de Dakota-Odjibwe Stammeried (Dakota Ojibway Tribal Council), in gearwurkingsferbân fan Dakota- en Odjibwe-stammen yn súdlik Manitoba. De stamme beskikt oer in eigen bestjoersgebou, beukerskoalle (de Čan Kaǧa Otína Dakhóta Wayáwa Tipi-Skoalle), pjutteboartersplak, opliedingssintrum, klinyk, griene-krúsgebou, warehûs en in plysjedetasjemint dat ressortearret ûnder de Dakota-Odjibwe Plysjetsjinsten (Dakota Ojibway Police Services).

De Birdtail Sû Earste Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Manitoba en Saskatchewan, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Manitoba en Saskatchewan, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

Koartby is de Birdtail Sû Earste Naasje ûnder it liederskip fan opperhaad Ken Chalmers partnerskippen oangien mei it Kanadeeske federale regear en mei grutte bedriuwen lykas Enbridge en de Canadian National Railway om nijbouprojekten yn it reservaat mei te bekostjen (wêrûnder in nije klinyk, in winkelsintrum en de renovaasje fan 62 wenten). De oare Sû-stammen yn Kanada binne bang dat Birdtail dêrmei op 'e lange termyn de belangen fan 'e Sû yn Kanada skea tabringe sil foar winst op 'e koarte termyn. Chalmers sei dêroer yn in fraachpetear: "De iennichste manear om dingen lykas de renovaasjes dien te krijen [...] dat kin ik allinnich mar foarinoar krije troch gear te wurkjen, en net troch te tsieren." Opperhaad Frank Brown, fan 'e Canupawakpa Dakota Naasje, reägearre dêrop troch te sizzen: "Ferdiel en hearskje is in spultsje dat Yndiaanske Saken allegeduerigen spilet. [...] It skeppen fan banen is in goed ding, mar it lost neat op, it is krekt in pleister, wylst wy krewearje foar de takomst fan ús folk." By ferkiezings yn maart 2013 waard opperhaad Ken Chalmers ferslein en moast er wer plak meitsje foar syn foargonger, opperhaad Kelly Bunn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota