Springe nei ynhâld

Dakota Tipi Earste Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dakota Tipi Reservaat 1)
Dakota Tipi Earste Naasje
Ingelsk Dakota Tipi First Nation
lânseigen Dakhóta Thípi Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Manitoba
haadkertier Portage la Prairie (Manitoba)
etnisiteit Eastlike Dakota
ledetal 370 (2012)
oprjochting 1972
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Dakota Tipi Reservaat 1
lokaasje súdlik Manitoba
oerflak 1,5 km²
ynwennertal 180 (2012)
offisjele webside
www.dakotatipi.ca
kaart
Dakota Tipi Earste Naasje (Manitoba)
Dakota Tipi Earste Naasje
Lokaasje yn Manitoba.

De Dakota Tipi Earste Naasje (Ingelsk: Dakota Tipi First Nation; Dakota: Dakhóta Thípi Oyáte, útspr.: [da'kʰo:ta 'tʰi:pi o'ja:te], letterlik: "it Dakotafolk dat yn tinten tahâldt") is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Manitoba. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Dakota Tipi Earste Naasje waard oprjochte yn 1972, en hie neffens gegegevens út 2012 368 leden. It haadkertier is fêstige yn Portage la Prairie, yn Manitoba. De leden fan 'e stamme besteane út etnyske (Sioux), te witten Eastlike Dakota, fan 'e Wahpeton-stamme.

De Dakota Tipi Earste Naasje hat in eigen reservaat, dat goed 4 km súdwestlik fan Portage la Prairie leit. It Dakota Tipi Reservaat 1 (Dakota Tipi 1 Reserve) bestie oarspronklik út twa dielen, Parish Lot (letterlik: "Parochyperseel") 25 en 24, mar yn 1985 wist de stamme dêr Parish Lot 16, 17 en 18 oan ta te foegjen, sadat de totale grutte fan it reservaat no justjes mear as 1,5 km² is. It wurdt alhiel omsletten troch de plattelânsgemeente Portage la Prairie.

Fan 'e 370 leden fan 'e stamme wennen der yn 2012 183 yn it reservaat. Dakota Tipi beskikt û.m. oer in eigen pjutteboartersplak, skoalle, klinyk, sportskoalle en bingohal. Foar wetshanthavening en brânbestriding hat de stamme in oerienkomst mei de RCMP, resp. de brânwacht yn Portage la Prairie.

De Dakota Tipi Earste Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Manitoba en Saskatchewan, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Manitoba en Saskatchewan, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

It ûntstean fan 'e Dakota Tipi Earste Naasje sels datearret lykwols fan 1972, doe't de Sioux Village-stamme útinoar foel yn twa ôfsûnderlike stamme-organisaasjes: de Dakota Tipi Earste Naasje en de Dakota Plains Wahpeton Naasje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota