Springe nei ynhâld

Portage la Prairie

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Portage la Prairie (Manitoba))
Portage la Prairie
Crescent Lake, by Portage la Prairie.
Crescent Lake, by Portage la Prairie.
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Kanada
Provinsje Manitoba
Regio Sintrale Flakten
Sifers
Ynwennertal 12.996 (2011)
Oerflak 24,7 km²
Befolkingsticht. 526,7 / km²
Stêdekloft 20.494 (2006)
Hichte 261 m
Oar
Stifting 1738
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 49°58′22″N 98°17′31″W
Offisjele webside
www.city.portage-la-prairie.mb.ca
Kaart
Portage la Prairie (Manitoba)
Portage la Prairie
Lizzing yn Manitoba.

Portage la Prairie (útspr.: ['pɔɹtəʤ lə 'prɛ:ɹi]) is in stêd yn 'e regio Sintrale Flakten fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba. It leit likernôch 75 km bewesten Winnipeg, oan 'e Trans-Canada Highway en de rivier de Assiniboine. De stêd Portage la Prairie wurdt omjûn troch de plattelânsgemeente Portage la Prairie. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de stêd doe krapoan 13.000 ynwenners, wylst de stêdekloft, dus mei foarstedsjes derby, yn 2006 op in ynwennertal fan goed 20.000 útkaam.

De namme fan 'e stêd is ôflaat fan it Frânske wurd portage, dat in plak oantsjut dêr't men in kano oer lân fan it iene wetter nei it oare drage moat (in klúnplak dus, om it yn reedriidtermen te sizzen). By Portage la Prairie moasten de kano's fan 'e rivier de Assiniboine nei de Manitobamar ta droegen wurde, oer de prêrje (la prairie); dêrfandinne Portage la Prairie (oftewol "it Prêrjedraachplak").

In mole yn Portage la Prairie.

Yn septimber 1738 stifte Pierre Gaultier de Varennes, hear fan La Vérendrye, in Frânsk-Kanadeeske ûntdekkingsreizger en pelskeapman, oan 'e noardkant fan 'e rivier de Assiniboine, op it plak dêr't Portage la Prairie no leit, it Fort La Reine, in hannelspost dy't bedoeld wie om 'e pelshannel te fasilitearjen. Oan 'e ein fan 'e 1840-er jierren setten de earste blanke kolonisten har yn it gebiet nei wenjen, en yn 1851 krige Portage la Prairie offisjeel de status fan doarp. Nei in perioade fan flugge befolkingsgroei yn 'e 1870-er jierren waard it yn 1881 in stedsje (town), wylst it yn 1907 de status fan stêd taparte krige. Fan 'e Twadde Wrâldoarloch oant 1990 lei besuden Portage la Prairie de Kanadeeske loftmachtbasis mei deselde namme.

Portage la Prairie hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pleatlike ekonomy fan Portage la Prairie is fierhinne ôfhinklik fan 'e lânbou en lânbou-ûnderstypjende aktiviteiten lykas frachtferfier, keunstmestproduksje, ferkeap fan lânbewurkingsmasinery, ensfh. Dêrnjonken steane yn 'e stêd de McCain Foods- en Simplot-jirpelferwurkingsfabriken, dy't patat leverje oan 'e restaurantkeatlings McDonald's en Wendy's.

Op it mêd fan toerisme en ferdivedaasje hat Portage la Prairie de 5,2 km lange Community Walkway om it pittoreske Crescent Lake hinne, dêr't men kuierje, fytse, skateboarde en skeelerje kin. Fierders beskikt de stêd oer wrâlds grutste Coca-Cola-blik, dat makke is fan in âlde wettertoer. It Manitoba Softball Hall of Fame/Museum is tawijd oan 'e skiednis fan it softbal yn Manitoba. It is húsfêste yn 'e barakken fan it âlde Fort la Reine, dat op himsels ek al in histoaryske besjensweardichheid is.

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Portage la Prairie doe sa: 74,2% blanken; 23,0% lânseigen befolking (wêrfan 12,1% Métis en 10,5% Yndianen); 1,1% Súdeastaziaten (meast Filipino's); 0,6% Súdaziaten; 0,5% swarten; 0,3% Latino's; 0,1% Arabieren; 0,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Ikkers bûten Portage la Prairie.

Op taalkundich mêd waard yn 2011 fêststeld dat 89,9% fan 'e befolking fan Portage la Prairie yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek, wylst it Frânsk mei 2,5% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Dútsk, ek mei 2,5%. Wat godstsjinstige oertsjûgings oanbelangje, belieden de measte ynwenners fan 'e stêd in foarm fan it kristendom (66,4%), wylst it twadde plak ynnommen waard troch de ateïsten en agnosten (30,9%). In lyts groepke (1,7%) beliede in foarm fan lânseigen Yndiaansk leauwe.

Portage la Prairie hat in wiet lânklimaat, mei strange winters en mylde simmers. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,5 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –9 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 500 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 149,3 sm snie. Neffens it Kanadeeske Ministearje fan Miljeu hat Portage la Prairie simmerdeis de measte sinneskyndagen fan hiele Kanada.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.