Winnipeg
Winnipeg | ||
Mei de klok mei fan boppe: Sintrum mei it Legislative Building, The Forks, Portage and Main mei it Richardson-gebou en Canwest Place, it Assiniboine Park-paviljoen, Osborne Village, de Esplanade Riel | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Manitoba | |
Regio | Winnipeg Capital Region | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 633.451 (2006) | |
Oerflak | 448,92 km² | |
Befolkingsticht. | 1.365 / km² | |
Stêdekloft | 694.668 131/km² | |
Hichte | 238 m | |
Oar | ||
Stifting | 1738 (Fort Rouge) Nije namme 1822 (Fort Garry) 1873 (City of Winnipeg) | |
Tiidsône | CST (UTC−6) | |
Simmertiid | CDT (UTC−5) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
http://www.winnipeg.ca |
Winnipeg is de haadstêd en grutste stêd fan de provinsje Manitoba yn Kanada en foarmet de grutste mienskip yn de Winnipeg Capital Region, dêr't mear as de helte fan de befolking fan Manitoba's wennet. It leit tichtby it geografyske sintrum fan Noard-Amearika, op it plak fan de gearrin fan de rivieren de Red en de Assiniboine (dat punt hjit The Forks).
"Winnipeg" komt fan it Kree-wurd foar 'modderige wetters'. It gebiet om Winnipeg hinne wie in hannelssintrum foar de lânseigen befolking foardat de Jeropeanen kamen. It earste fort (Fort Rouge) waard dêr set yn 1738 troch Frânske fellehannelers. Nije hannelsposten waarden stifte troch de Hudsonbaai Kompanjy (Hudson's Bay Company) en de Noard West Kompanjy dy't elkoar fûl bekonkurrearren om de fellehannel yn de regio. De lêste kompanjy stifte Fort Garry yn 1809. Yn 1812 waard der in delsetting stifte troch de saneamde Selkirkpioniers, de Red Riverkoloanje ûntstie, dêr't de kearn fan yn 1873 de City of Winnipeg waard. Ein 19e iuw en begjin 20e iuw wie Winnipeg ien fan de hurst groeiende stêden yn Noar-Amearika. Yn dy tiid waard ek de Universiteit fan Manitoba stifte, de earste universiteit yn West-Kanada.
Winnipeg stiet fanâlds bekend as de 'Poarte nei it Westen' (Gateway to the West) en is fan belang as yndustry-, lânbou-, ferfiers-, en ûnderwiissintrum.
It is ien fan de kâldste grutte stêden yn de wrâld; de trochsneed temperatuer fan novimber oant maart leit ûnder it friespunt. Mids winter is it nachts trochstrings -18 °C. Troch de faak foarkommende sterke wyn leit de gefoelstemperatuer faak noch 5 oant 10 graden leger. Kanadezen hawwe it dêrom wol oer "Winterpeg" yn stee fan Winnipeg. Tusken maaie en septimber is it faak waarm yn Winnipeg; de temperatuer kin dan oprinne oant boppe de 35 °C.
Ald Winnipeg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Upper Fort Garry, begjin 1870
-
Ross House, it eardere postkantoar út 1855, no it âldste gebou fan Winnipeg.
-
Haadstrjitte yn 1887
-
Spoarstasjon Winnipeg, 1884