Manitobamar

Ut Wikipedy
Manitobamar
geografy
type wetter mar
lokaasje midden fan Noard-Amearika
lân Kanada
provinsje Manitoba
koördinaten 51°00′N 98°50′W
sifers
maks. lingte 200 km
maks. breedte 45 km
oerflak 4.624 km²
djipste punt 7 m
wetterfolume 14,1 km³
kaart
Manitobamar (Manitoba)
Manitobamar
Lokaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba.

De Manitobamar (Ingelsk: Lake Manitoba; Frânsk: Lac Manitoba), is in grut binnenwetter yn it sintrale diel fan it Noardamerikaanske kontinint, en de op twa nei grutste fan 'e mear as 110.000 marren yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba (nei de Winnipegmar en de Winnipegosismar).

It wetter leit likernôch 75 km benoarden Winnipeg, de haadstêd fan Manitoba, en hat in oerflak fan rom 4.600 km², mei it djipste punt op 7 m ûnder it wetteroerflak. De Manitobamar hat in langwerpige foarm, wêrby't de beide úteinen rûchwei nei it noarden en suden wize. Op it langste punt mjit de mar 200 km en op it breedste punt 45 km. De Manitobamar wetteret ôf fia de Winnipegmar en de rivier de Nelson, dy't úteinlik útmûnet yn 'e Hudsonbaai.

Fan 'e namme "Manitoba" leaud men dat dy ôflaat is fan 'e oantsjutting manitu-wapow, út 'e taal fan 'e Kry-Yndianen, of fan manidoobaa, út 'e taal fan 'e Odjibwe, dat beide "de strjitte fan Manitu" betsjut en ferwize soe nei in plak dat no The Narrows ("De Ingte" of "It Nau") neamd wurdt, yn 'e midden fan 'e Manitobamar. Manitu, of yn 'e Frânske stavering Manitou, is de Grutte Geast (de wichtichste godheid) fan 'e Algonkwynske folken.

Yn 'e Manitobamar wurdt kommersjele fiskerij bedreaun, wêrby't de wichtichste fangst út breedbekbears, smelbekbears en Amerikaanske giele bears bestiet. Jiers wurdt der mei de fiskerij yn 'e mar foar K$30 miljoen fertsjinne. Sûnt lange tiid giet fierders it ferhaal dat der him in meunster yn 'e Manitobamar beskûl hâlde soe, krekt sa't dat mei Loch Ness, yn Skotlân, it gefal is. Dy leginde lûkt frijwat toeristen. Sûnt likernôch 1908 binne der út en troch ûnbefêstige waarnimmings fan it slangeftige meunster, dat de namme Manipogo krigen hat.

Steile rotskliffen foarmje op guon plakken de kust fan 'e Manitobamar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.