Kanadeeske dollar

Ut Wikipedy
Wikselkoers tusken de CAD en de Euro sûnt 1999

De Kanadeeske dollar (Ingelsk: Canadian dollar, Frânsk: dollar canadien) is de munt fan Kanada. De ôfkoarting fan de Kanadeeske dollar is $, of C$ om ûnderskie mei oare dollars te meitsjen. De ynternasjonale koade foar de Kanadeeske dollar is CAD (ISO 4217).

Munten en bankbiljetten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien Kanadeeske dollar is ferdield yn hûndert sint. Der binne munten fan 1, 5, 10, 25, 50 sint, en fan 1 en 2 dollar. Bankbiljetten binne der fan 5, 10, 20, 50 en 100 dollar.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]