Springe nei ynhâld

Standing Buffalo Dakota Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Standing Buffalo Reservaat 78)
Standing Buffalo Dakota Naasje
Ingelsk Standing Buffalo Dakota Nation
lânseigen Tatáŋka Nažíŋ Dakhóta Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Saskatchewan
haadkertier Fort Qu'Appelle (Saskatchewan)
etnisiteit Eastlike Dakota
ledetal 1.100 (2006)
oprjochting 1881
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Standing Buffalo Reservaat 78
lokaasje súdeastlik Saskatchewan
oerflak 221/2 km²
ynwennertal 410 (2006)
offisjele webside
www.standingbuffalodakotanation.com
kaart
Standing Buffalo Dakota Naasje (Saskatchewan)
Standing Buffalo Dakota Naasje
Lokaasje yn Saskatchewan.

De Standing Buffalo Dakota Naasje (Ingelsk: Standing Buffalo Dakota Nation; Eastlik Dakota: Tatáŋka Nažíŋ Dakhóta Oyáte, útspr.: [ta'tã:ka na'ʒĩ: da'kʰo:ta o'ja:te]) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De stamme wurdt ek wol de Standing Buffalo Earste Naasje (Standing Buffalo First Nation) of de To-tay-go-nai Earste Naasje (To-tay-go-nai First Nation) neamd. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Standing Buffalo Dakota Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1881, en hie neffens gegegevens út 2006 1.062 leden. It haadkertier is fêstige yn Fort Qu'Appelle, yn Saskatchewan. De leden fan 'e Standing Buffalo Dakota Naasje besteane út etnyske (Sioux), nammentlik Eastlike Dakota fan 'e Sisseton- en Wahpeton-stammen.

De Standing Buffalo Dakota Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Standing Buffalo Reservaat 78 (Standing Buffalo 78 Reserve), dat in oerflak hat fan 22½ km². Fan 'e krapoan 1.100 leden fan 'e stamme wennen der yn 2006 411 yn it reservaat. Standing Buffalo heart ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.

De Standing Buffalo Dakota Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Saskatchewan en Manitoba, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Saskatchewan en Manitoba, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

De Standing Buffalo Dakota Naasje is neamd nei Steande Bizon (yn it Ingelsk Standing Buffalo en yn it oarspronklike Dakota Tatáŋka Nažíŋ), in kriger dy't yn 1871 opperhaad waard fan in Dakota-troep. Yn 1877 krige er tastimming fan it Kanadeeske regear om him mei syn folgelingen nei wenjen te setten oan 'e noardkant fan 'e Qu'Appelle-marren yn súdlik Saskatchewan, en yn 1881 waard dêre in reservaat foar de troep stifte. Tsjin 1901 wie de Standing Buffalo-troep selsfoarsjennend, mar in fersyk om mear lân waard yn 1903 ôfwiisd, ek al hiene de leden fan 'e troep oarspronklik mar 80 acres grûn per gesin fan fiif minsken krigen ynstee fan 'e gewoanlike 640 acres. Doe't de oerheidsgrûnen om it reservaat hinne, dy't de Standing Buffalo-troep foarhinne as haailannen brûkt hie, yn 1907 ferkocht waarden oan partikuliere eigners, hold dat in grutte tebeksetter foar de stamme yn, dy't fan dy tiid ôf ôfhinklik wie fan deihierarbeid om itende te bliuwen. Yn 1920, in jier foar syn dea, reizgje Steande Bizon noch hielendal nei it fiere Ottawa ta, om it Kanadeeske regear derta te bewegen en jou syn stamme mear lân, mar dat barde pas in fearnsiuw letter, yn 1956. Hjoed de dei binne buorkjen en deihierarbeid noch altiten de wichtichste ynkomsteboarnen fan 'e Standing Buffalo Dakota Naasje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota