Springe nei ynhâld

Feriene Sû Stammen

Ut Wikipedy
Feriene Sû Stammen
IngelskUnited Sioux Tribes
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steaten Súd-Dakota
Noard-Dakota
Nebraska
haadkertierPierre (Súd-Dakota)
etnisiteitLakota, Westlike Dakota,
   Eastlike Dakota
ledetal144.000 (2013)
oprjochting1970
statusnet erkend
reservaat
reservaat11 ûnderskate reservaten
lokaasjenoardlike Grutte Flakten
oerflak42.6651/2 km²
ynwennertal92.000

De Feriene Sû Stammen (Ingelsk: United Sioux Tribes) is in koepelorganisaasje fan alve federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasjes fan 'e (Ingelsk: Sioux) yn 'e Feriene Steaten. Dêrby giet it om alle Sû-stammen yn 'e Amerikaanske steaten Súd-Dakota, Noard-Dakota en Nebraska. Sels genietsje de Feriene Sû Stammen gjin erkenning fan it Amerikaanske regear. De organisaasjes dy't mei-inoar de Feriene Sû Stammen foarmje, binne:

Oarspronklik wie de organisaasje inkeld bedoeld foar de Sû-stammen fan Súd-Dakota, mar sûnt binne ek dy fan Noard-Dakota en Nebraska deryn opnommen. De Santy Sû Naasje wie de lêste stamme dy't lid waard, om 2000 hinne. De alve lidorganisaasjes wurde op 'e flagge fan 'e Feriene Sû Stammen ôfbylde troch alve tipys.

De Feriene Sû Stammen waarden oprjochte yn maaie 1970, neffens eigen sizzen om it algemien wolwêzen, de sûnens, de ekonomyske ûntjouwing en de mooglikheden oangeande it folgjen fan ûnderwiis fan 'e lidorganisaasjes en harren leden te befoarderjen, en om help te bieden op alderlei mêd. Teffens is it in gearwurkingsferbân dat mei ien mûle foar alle Sû-stammen yn Noard- en Súd-Dakota en Nebraska sprekke kin (mar net foar dy yn Montana en Minnesota, dy't der net by oansletten binne).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota Westlik Dakota) Lakota (Noardlik Lakota Sintraal Lakota Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton Sisseton Wahpekûte Wahpeton Westlike Dakota: Jankton Janktonai (Neder-Janktonai Opper-Janktonai) Lakota: Titon (Brulee Hûnkpapa Minnikonzjû Oglala Sâns Arks Swartfuotten Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme Crow Creek Sû Stamme Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota Jankton Sû Stamme Neder-Brulee Sû Stamme Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota Rosebud Sû Stamme Santy Sû Naasje Sisseton en Wahpeton Sû Stamme Spirit Lake Stamme Standing Rock Sû Stamme) Neder-Sû Yndianemienskip Opper-Sû Mienskip Prairie Island Yndianemienskip Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip Mendota Mdewakanton  Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje Canupawakpa Dakota Naasje Dakota Plains Wahpeton Naasje Dakota Tipi Earste Naasje Sioux Valley Dakota Naasje Standing Buffalo Dakota Naasje Wahpeton Dakota Naasje White Bear  Earste Naasjes Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River Crow Creek Flandreau Fort Peck Jankton Lake Traverse Neder-Brulee Neder-Sû Opper-Sû Pine Ridge Prairie Island Rosebud Santy Shakopee Spirit Lake Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek Birdtail Hay Lands Dakota Plains Dakota Tipi Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Fishing Station Oak Lake 59A Oak Lake 59B Sioux Valley Standing Buffalo Wahpeton White Bear Whitecap Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje Grutte Sû Reservaat Lakota Frijheidsdelegaasje Nakota Republyk Lakota