Dakota Plains Wahpeton Naasje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dakota Plains Wahpeton Naasje
Flagge fan de Dakota Plains Wahpeton Naasje.PNG
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Dakota Plains Wahpeton Nation
etnisiteit Eastlike Dakota, Odjibwe
lân Flag of Canada.svg Kanada
haadkertier Portage la Prairie (Manitoba)
ledetal 240 (2006)
erkenning Flag of Canada.svg Kanada
oprjochte 1972
reservaat
reservaat Dakota Plains Yndianereservaat 6A
lokaasje Manitoba
oerflak 5,3 km²
ynwenners 150 (2006)
offisjele webside
gjint
Lokaasje fan -stammen yn Manitoba.

De Dakota Plains Wahpeton Naasje (Ingelsk: Dakota Plains Wahpeton Nation) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Manitoba. De stamme stiet ek wol bekend ûnder de alternative namme Dakota Plains Earste Naasje (Dakota Plains First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Dakota Plains Wahpeton Naasje waard oprjochte yn 1972, en hie neffens gegegevens út 2006 241 leden. It haadkertier is fêstige yn Portage la Prairie, yn Manitoba. De leden fan 'e stamme besteane út etnyske (Sioux), te witten Eastlike Dakota, benammentlik fan 'e Wahpeton-stamme, mei dêropta party fan 'e Sisseton-stamme. Fierders is der in hantsjefol Flakte-Odjibwe.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dakota Plains Wahpeton Naasje hat in eigen reservaat, dat 20 km westlik fan Portage la Prairie leit. It Dakota Plains Yndianereservaat 6A (Dakota Plains Indian Reserve 6A) is 5,3 km² grut, en grinzget oan it gruttere reservaat fan 'e Long Plain Earste Naasje, in Flakte-Odjibwe-stamme, en teffens oan 'e plattelânsgemeenten Portage la Prairie en South Norfolk.

Fan 'e 240 leden fan 'e stamme wennen der yn 2006 146 yn it reservaat. De wichtichste delsetting fan 'e Dakota Plains Wahpeton Naasje is sitewearre op 49°49′01″ noarderbreedte by 98°31′03″ westerlingte. Dakota Plains beskikt û.m. oer in eigen pjutteboartersplak en beukerskoalle, de Maȟpíya Hdéǧa-skoalle. Dakota Plains hearde foarhinne, mar no net mear, ta de Dakota-Odjibwe Stammeried (Dakota Ojibway Tribal Council), in gearwurkingsferbân fan Dakota- en Odjibwe-stammen yn súdlik Manitoba.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dakota Plains Wahpeton Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Manitoba en Saskatchewan, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Manitoba en Saskatchewan, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

It ûntstean fan 'e Dakota Plains Wahpeton Naasje sels datearret lykwols fan 1972, doe't de Sioux Village-stamme útinoar foel yn twa ôfsûnderlike stamme-organisaasjes: de Dakota Plains Wahpeton Naasje en de Dakota Tipi Earste Naasje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradysjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota