Cheyenne River Sû Stamme
Cheyenne River Sû Stamme | ||
Ingelsk | Cheyenne River Sioux Tribe | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Súd-Dakota | |
haadkertier | Eagle Butte (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota | |
ledetal | 16.000 (2013) | |
oprjochting | 1868 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Cheyenne River Yndianereservaat | |
lokaasje | sintraal Súd-Dakota | |
oerflak | 11.0511/2 km² | |
ynwennertal | 8.500 (2000) | |
offisjele webside | ||
www.sioux.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.
|
De Cheyenne River Sû Stamme (Ingelsk: Cheyenne River Sioux Tribe) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1868, hat 16.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Eagle Butte, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux) fan fjouwer substammen fan 'e Lakota, nammentlik de Minnikonzjû, Sâns Arks, Swartfuotten (net te betiizjen mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) en Twatsjettels. De Cheyenne River Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It reservaat fan 'e Cheyenne River Sû Stamme is it Cheyenne River Yndianereservaat (Cheyenne River Indian Reservation) fan sintraal Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan goed 11.000 km², en dêr't yn 2000 8.500 minsken wennen, ynkl. sawol Yndianen as blanken, want troch de Lânwetten fan 1909 en 1910 meie blanken har ek op reservaatlân fêstigje.
Oarspronklik makke it Cheyenne River Reservaat diel út fan it Grutte Sû-reservaat, dat yn 1868 stifte waard, mar nei de nederlaach fan 'e Sû yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Cheyenne River ien wie. De oarspronklike noardgrins mei it Standing Rock Yndianereservaat lei oan 'e Grand River, mar yn 1909 waard troch de Amerikaanske oerheid in stripe lân súdlik dêrfan oerhevele fan Cheyenne River nei Standing Rock.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|