Grand River (rivier yn Noard- en Súd-Dakota)
Appearance
(Trochferwiisd fan Grand River (Súd-Dakota))
De Grand River is in sydrivier fan de Missoury yn 'e Amerikaanske steaten Súd-Dakota en Noard-Dakota. De rivier is 170 km lang.
De Grand River ûntstiet út it byelkoar kommen fan de noardlike tûke (80 km lang) en de súdlike tûke (90 km lang) ûnder it plak Shadehill yn Perkins County yn Súd-Dakota, yn de buert fan it nasjonaal park "Grand River National Grassland". De rivier streamt nei it easten troch it Standing Rock Indian Reservation (berteplak fan de legindaryske Yndianelieder Sitting Bull) en mûnet út yn Lake Oahe yn de Missoury, sa'n 16 km noardwest fan Mobridge.
De foarke fan de Grand wie it plak dêr't yn 1823 de ferneamde pionier Hugh Glass oanfallen waard troch in grizzly bear.