Sisseton (Súd-Dakota)

Ut Wikipedy
Sisseton (Súd-Dakota)
Boerd oan 'e komgrins fan Sisseton.
Boerd oan 'e komgrins fan Sisseton.
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Súd-Dakota
County Roberts County
Sifers
Ynwennertal 2.497 (2012)
Oerflak 4,1 km² (ynkl. wetter)
4,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 599,8 / km²
Hichte 373 m
Oar
Stifting ? (>1867, <1901)
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 45°39′48″N 97°02′57″W
Offisjele webside
www.sisseton.com
Kaart
Boerd oan 'e komgrins fan Sisseton.
De lizzing fan Sisseton yn Roberts County en yn 'e steat Súd-Dakota.

Sisseton (útspr.: ['sɪsətən], likernôch: "sis-suh-tun"; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ; útspr.: [si'si:tʰũwã]) is in stêd yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, dy't ferneamd is nei de Sisseton-substamme fan 'e Eastlike Dakota. It is it haadplak fan it omlizzende Roberts County, mar hoewol't it yn it Lake Traverse Yndianereservaat (Lake Traverse Indian Reservation) fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (Sisseton and Wahpeton Sioux Tribe) leit, is it net de sit fan it reservaatbestjoer; dat is Agency Village, dat in pear km súdliker leit. Neffens in offisjele skatting út 2012 lei it ynwennertal fan Sisseton doe om 'e 2.500 minsken hinne.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Sisseton 17,4% âlder as 65 jier en 29,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 39,9% fan 'e húshâldings út ien persoan. Neffens âldere sifers, fan 'e folkstelling fan 2000, libbe doe 18,4% fan 'e befolking fan Sisseton ûnder de earmoedegrins. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 47,8% Yndianen; 45,4% blanken; 1,6% Latino's; 0,4 Aziaten; 0,1% swarten; 4,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.