Minnesota (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De rivier de Minnesota, mei yn 'e ljochtere kleur it gebiet dat troch de rivier ûntwettere wurdt.

De rivier de Minnesota is in likernôch 534 km lange sydstream fan 'e rivier de Mississippy, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Minnesota, dy't in gebiet fan goed 49.000 km² yn Minnesota, Súd-Dakota en Iowa ûntwetteret.

De Mendota Brêge oer de Minnesota.

De Minnesota ûntstiet yn it Big Stone Lake, oan 'e grins fan Minnesota mei Súd-Dakota. It diel fan 'e rivier foàr dat punt wurdt foarme troch de Lytse Minnesota. Ut it Big Stone Lake wei rint de Minnesota yn in frij rjochte line súdeastlik oant de stêd Mankato, dêr't er in skerpe bocht makket, om dan folle meänderjender nei it noardeasten te streamen, en úteinlik justjes besuden de Twillingstêden Minneapolis en Sint-Paul út te mûnjen yn 'e Mississippy. De delling fan 'e Minnesota is likernôch 8 km breed en 80 m djip, en is tusken 11.700 en 9.400 jier lyn, yn 'e lêste iistiid, troch in gletsjer yn it lânskip útkurven.

De namme "Minnesota" komt út 'e Dakota-taal, fan mní, "wetter", en sóta, "loftkleurich" of "himelkleurich". De iere blanke ûntdekkingsreizgers yn dit gebiet neamden de rivier de St. Peter of de St.-Pierre ("Sint-Petrus"). Op 19 juny 1852 waard de rivier lykwols formeel omneamd troch it Amerikaanske Kongres, op fersyk fan 'e territoriale folksgearkomste fan Minnesota. De hjoeddeistige steat Minnesota is neamd nei de rivier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Sources, op dizze side.