Sint-Paul (Minnesota)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sint-Paul (Minnesota)
TE-Collage Saint Paul.png
Flagge Wapen
Flag of St. Paul, Minnesota.svg Escudo de armas en blanco.svg
Sifers
Ynwennertal 290.770 (2012)
Oerflak 145,5 km² (ynkl. wetter)
134,6 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 2.117,5 / km²
Stêdekloft 3.422.264 (2012)
Hichte 214 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Minnesota.svg Minnesota
County Ramsey County
Oar
Stifting 1841
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 44°56′N 93°05′W
Webside www.stpaul.gov
De lizzing fan Sint-Paul yn 'e steat Minnesota.
De Como Park Zoo and Conservatory is in dieretún en botanyske tún dy't fergees tagonklik is.

Sint-Paul (Ingelsk: Saint Paul of St. Paul) is de haadstêd en de op ien nei grutste stêd (nei Minneapolis) fan 'e noardlike Amerikaanske steat Minnesota. Dêrnjonken is it ek it haadplak fan Ramsey County. Sint-Paul leit yn it súdeasten fan Minnesota, likernôch 400 km besuden de Kanadeeske grins, oan 'e eastigge fan 'e rivier de Mississippy. Mei it op 'e westigge leine Minneapolis foarmet Sint-Paul in dûbelstêd, de agglomeraasje Minneapolis-Sint-Paul, dy't better bekend is ûnder de oantsjutting the Twin Cities ("de Twillingstêden"). Neffens in offisjele skatting út 2012 hat Sint-Paul goed 290.000 ynwenners, dy't Sint-Pauliten neamd wurde. De stêdekloft dy't foarme wurdt troch Sint-Paul, Minneapolis en harren foarstêden en ferstedske omkriten hat in befolking fan rom 3,4 miljoen minsken.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De oanwêzigens fan grêfheuvels yn 'e omkriten fan Sint-Paul jout oan dat it gebiet likernôch 2.000 jier lyn bewenne waard troch minsken fan 'e Hopewell-kultuer. Fan 'e iere santjinde ieu oant 1837, doe't hja twongen waarden de krite oer te dragen oan it Amerikaanske regear, wie it plak dêr't Sint-Paul no leit it wengebiet fan 'e Mdewakanton Dakota, in stamme dy't ta it gruttere folkebûn fan 'e Sioux heart. Hja neamden it I-mni-za ska dan ("lytse wite rots"), nei de bleatleine sânstiennene rivierkliffen.

Yn 1803 kaam Minnesota mei it hiele streamgebiet fan 'e Mississippy troch de saneamde Louisiana-oankeap (Louisiana Purchase) by de Feriene Steaten te hearren, en yn 1819 waard deunby Fort Snelling oanlein as in Amerikaanske legerbasis. Nei't de Dakota it gebiet yn 1837 opjaan moatten hiene, setten pelskeaplju, aventuerslju en sindelingen har nei wenjen yn 'e neite fan it fort, foar de feilichheid dy't dat harren bea. De measten fan dizze iere kolonisten wiene Frânsktalige Kanadezen, wêrûnder in pelskeapman en drankstoker dy't fan Pierre Parrant hiet, byneamd "L'Oeil du Cochon" of yn it Ingelsk Pig's Eye ("Barge-each"). De man, dy't de pleatslike autoriteiten in stikel yn 'e foet wie, iepene yn 'e him ûntjaande delsetting in weardshûs dat ek fan L'Oeil du Cochon hiet, en al rillegau stie it plakje dêrnei bekend as Pig's Eye, wat noch wol brûkt wurdt as bynamme foar Sint-Paul.

Yn 1841 arrivearre de preester Lucian Galtier yn Pig's Eye, dy't stjoerd wie ta geastlike soarch fan 'e roomske Frânsktalige Kanadezen. Hy boude in kapel dy't er neamde nei syn favorite hillige, de apostel Paulus, en bewurkmastere dat it hiele stedsje dy namme oannaam. Sadwaande wurdt 1841 yn 'e regel beskôge as it jier dat Sint-Paul stifte is. Yn 1849, doe't it territoarium Minnesota foarme waard, waard Sint-Paul oanwiist as haadplak. Yn 1854 krige it de status fan stêd. Doe't de territoriale folksfertsjintwurdiging yn 1857 besleat om 'e haadstêd te ferpleatsen nei Sint-Peter, waard it iennichste eksimplaar fan 'e papierrene tekst fan 'e oannommen wet stellen troch it territoriaal parlemintslid Joe Rolette, dy't dermei ûnderdoek, sadat de ferpleatsing fan 'e haadstêd gjin trochgong fine koe.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde ieu fungearre Sint-Paul as de poarte ta de frontier fan Minnesota en ta it Dakota-territoarium, mei't it de lêste stêd oan 'e bopperin fan 'e Mississippy wie dy't de steamboaten noch oandwaan koene (om't de hege rivierkliffen de rivierwâlen streamop ûntagonklik makken). Yn dy snuorje stie de Sint-Paul ek wol bekend as "De Lêste Stêd fan it Easten". Op 20 augustus 1904 rjochte slim swierwaar, mank geand mei ferskate tornado's, yn 'e binnenstêd fan Sint-Paul foar $1,8 miljoen (yn hjoeddeisk jild $45,5 miljoen) oan skea oan. Oan 'e ein fan 'e Fjetnamoarloch, mids jierren santich, setten tsientûzenen Hmong-flechtlingen út Fjetnam en Laos (dy't de Amerikanen yn 'e oarloch stipe hiene) harren nei wenjen yn Sint-Paul. Yn 2004 makken de Hmong 10% fan 'e befolking fan 'e stêd út.

Sint-Paul hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't Minneapolis nasjonaal en ek ynternasjonaal folle bekender is, binne yn Sint-Paul njonken it steatsregear ek wichtige organisaasjes en ynstituten fêstige, lykas it Xcel Energy Center (in grut sport- en evenemintesintrum), de iishockeyploech de Minnesota Wild en it Wittenskiplik Museum fan Minnesota. De stêd is fierders ek in wichtich sakesintrum foar it Amerikaanske Midwesten. Tegearre mei Minneapolis stiet Sint-Paul bekend om syn hege alfabetisearringspersintaazje.

Berne yn Sint-Paul[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.