Prior Lake (Minnesota)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Prior Lake (Minnesota)
Flagge Wapen
Flag of Prior Lake, Minnesota.svg Priorlakelogo.png
Sifers
Ynwennertal 23.754 (2012)
Oerflak 47,5 km² (ynkl. wetter)
40,0 km² (allinnich lân)
Befolkingstichten 570,0 / km²
Stêdekloft 3.422.264 (2012)
Hichte 289 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Minnesota.svg Minnesota
County Scott County
Oar
Stifting 1875
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 44°42′48″N 93°25′22″W
Webside www.cityofpriorlake.com
De lizzing fan Prior Lake yn Scott County en yn 'e steat Minnesota.

Prior Lake (útspr.: ['pɹɑ:iǝɹ le:k]) is in stêd yn Scott County, yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Minnesota. It leit besuden de rivier de Minnesota oan 'e iggen fan twa marren, Upper en Lower Prior Lake, 32 km súdwestlik fan Minneapolis. Neffens in offisjele skatting út 2012 (op grûn fan 'e gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) lei it ynwennertal fan Prior Lake doe op krapoan 24.000 minsken. Mei buorstêden foarmet it it súdwestlike part fan 'e agglomeraasje fan Minneapolis-Sint-Paul, in stêdekloft dy't goed 3,4 miljoen ynwenners hat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De delsetting Prior Lake waard stifte yn 1875, en krige yn 1891 formeel de status fan doarp. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw woeks de befolking fluch oan fanwegen de maklike berikberens fan it sintrum fan Minneapolis fanút Prior Lake.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Shakopee 9,3% âlder as 65 jier en 28,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 26,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst neffens âldere gegevens, fan 'e folkstelling fan 2000, doe 12,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 88,9% blanken; 3,0% Aziaten; 2,1% Latino's; 1,6% Yndianen; 1,5% swarten; 2,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.