Krieë Stamme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Krieë Stamme
Flagge fan de Kro Stamme.png
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Crow Tribe
lânseigen
  namme
Apsáalooke
etnisiteit Krieën
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
haadkertier Crow Agency (Montana)
ledetal 11.000 (2014)
erkenning Flag of the United States.svg Feriene Steaten
oprjochte 1868
reservaat
reservaat Krieë Yndianereservaat
lokaasje Montana
oerflak 9.340,9 km²
ynwenners 6.900 (2000)
offisjele webside
www.crowtribe.com
1rightarrow.png Dizze side giet oer de organisaasje "Krieë Stamme". Foar it folk dat troch dizze organisaasje polityk fertsjintwurdige wurdt, sjoch: Krieën (folk).

De Krieë Stamme (Ingelsk: Crow Tribe; Kriesk: Apsáalooke) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Montana. Dizze stamme bestiet út etnyske Krieën (Crow) en is fêstige yn it suden fan Montana, tsjin 'e grins mei Wyoming oan. De Krieë Stamme bestiet as organisaasje al sûnt de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw. It haadkertier is fêstige yn it doarp Crow Agency.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens út 2014 hie de Krieë Stamme doe likernôch 11.000 leden. Dat binne etnyske Krieën (Crow), in folk dat fan âlds in Sûaanske taal sprekt en nau besibbe is oan 'e Hidatsa, dy't no foar it meastepart yn Noard-Dakota libje. De Krieë Stamme is de iennichste federaal erkende stamme-organisaasje fan dizze etnyske groep. De Krieske taal is mei 3.000 sprekkers ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen yn 'e Feriene Steaten, al is ek yn dit gefal it sprekkerstal oan it ôfnimmen troch it ôfstjerren fan 'e âldere generaasjes, dy't sterk oerfertsjintwurdige binne mank de sprekkers fan 'e eigen taal.

Krie-Yndianen, tekene troch Karl Bodmer yn ±1840-1843.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Krieë Stamme ûntstie as organisaasje de facto by de stifting fan it Krieë Yndianereservaat yn 1868. De stamme naam yn 1948 syn earste grûnwet oan, dy't de organisaasje stal joech op 'e grûnslach fan in algemiene rie, de Stammeried. Dy algemiene rie hie yn prinsipe sawol de wetjaande, de útfierende as de rjochterlike macht, en bestie út alle mearderjierrige leden fan 'e organisaasje (manlju boppe de 21 jier en froulju boppe de 18 jier). De algemiene rie wie in direkte demokrasy, ferlykber mei it âlde Atene.

Yn 2001 waard troch de Stammeried op ien fan 'e fearnsjierlikse gearkomsten in nije grûnwet oannommen, wêrby't in skieding fan de machten ynfierd waard dy't de wetjaande, útfierende en rjochterlike macht delegearre oan ferskate kommisjes. Hoewol't de Stammeried eins noch altyd it regear fan 'e Krieë Stamme foarmet, hat der sûnt 2001 gjin gearkomste fan 'e Stammeried west. Sûnt is der frijwat trelit ûntstien oer de jildigens fan 'e nije grûnwet, wêrby't guon stamleden sels it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fersocht hawwe om yn te gripen. It BIA woe him lykwols, likemin as de Amerikaanske federale rjochtbank, oan dizze gefoelige kwestje brâne, en besleat dat it hjir om in ynterne oangelegenheid fan in stamme-organisaasje giet, wêrby't de ynstânsjes fan 'e Amerikaanske oerheid gjin foech hawwe.

Yndianereservaten yn Montana: it Krieë Yndianereservaat is markearre yn read.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de grûnwet fan 2001 bestiet de útfierende macht fan 'e Krieë Stamme út fjouwer amtsdragers: de foarsitter, fise-foarsitter, siktaris en fise-siktaris. De wetjaande macht is opmakke út trije leden út elts fan 'e seis distrikten fan it Krieë Yndianereservaat, te witten: de Delling fan 'e Opperhaden (Valley of the Chiefs), Reno, Black Lodge, Mighty Few, Big Horn en Pryor. De Delling fan 'e Opperhaden is kwa befolking it grutste fan dy distrikten. De rjochterlike macht leit sûnt 2001 by in eigen stammerjochtbank, dy't jurisdiksje hat oer alle saken oangeande de wetten en oare regels fan 'e Krieë Stamme. De stamme hat ek in eigen hof fan heger berop.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Krieë Stamme beskikt oer in eigen reservaat, it Krieë Yndianereservaat, dat bestiet sûnt 1868. It leit yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana, tsjin 'e grins fan Wyoming oan. Yn it easten grinzget it oan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat. Mei in totaal oerflak fan 9.340,9 km² is it ien fan 'e grutste reservaten yn 'e Feriene Steaten. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe likernôch 6.900 minsken. De Krieë Stamme hat syn haadkertier yn it doarp Crow Agency, dat yn it noardlike part fan it reservaat leit.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.