Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen
Flagge fan de Keweenaw Bay Yndianeminskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen.PNG
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Keweenaw Bay Indian
   Community of the L'Anse
   and Ontonagon Bands of
   Chippewa Indians
etnisiteit Odjibwe
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
haadkertier Baraga (Michigan)
ledetal 3.200 (1999)
erkenning Flag of the United States.svg Feriene Steaten
oprjochte 1936
reservaat
reservaat L'Anse Yndianereservaat
Ontonagon Yndianereservaat
lokaasje Opper-Michigan
oerflak 248,4 km²
ynwenners 3.672 (2000)
offisjele webside
www.kbic-nsn.gov

De Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen (Ingelsk: Keweenaw Bay Indian Community of the L'Anse and Ontonagon Bands of Chippewa Indians) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten. De namme fan 'e stamme wurdt gauris ôfkoarte ta KBIC. De leden binne etnyske Odjibwe. De stamme beskikt oer twa eigen reservaten yn 'e steat Michigan. It haadkertier fan 'e KBIC is fêstige yn it doarp Baraga, yn Opper-Michigan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e Keweenaw Bay Yndianemienskip stamje ôf en binne teffens de wetlike erfgenamten fan 'e tradysjonele L'Anse- en Ontonagon-troepen fan 'e Odjibwe-Yndianen dy't foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Opper-Michigan oan 'e súdkust fan 'e Boppemar libben. Yn 1842 stiene dy beide troepen by it earste Ferdrach fan La Pointe harren lân ôf oan it regear fan 'e Feriene Steaten, yn ruil foar betelling en it rjocht om ek tenei op it ôfstiene lân fiskje, jeie en yn it wyld groeiend iten (lykas beien) sammelje te meien. It earste Ferdrach fan La Pointe wie ien fan 'e grutste lânoerdrachtsoerienkomsten dy't it Amerikaanske regear ea mei Yndianen sletten hat.

Utsjoch oer de Keweenaw-baai.

Under de kêsten fan it twadde Ferdrach fan La Pointe, fan 30 septimber 1854, dat op 25 septimber 1855 bekrêftige waard troch de Amerikaanske presidint Franklin Pierce, waarden foar de L'Anse- en Ontonagon-troepen it L'Anse Yndianereservaat en it Ontonagon Yndianereservaat stifte. It Amerikaansk Heechgerjochtshôf hat dat ferdrach neitiid ynterpretearre as in oerienkomst wêrby't in permanint thúslân skepen waard foar de Odjibwe fan 'e tradysjonele L'Anse- en Ontonagon-troepen.

Nei't yn 1934 ûnder it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje oannommen wie, dy't de lânseigen befolking fan 'e Feriene Steaten oanfitere om harren eigen bestjoer te herfoarmjen en modernisearjen, rjochten de L'Anse en Ontonagon-troepen op 17 desimber 1936 de Keweenaw Bay Yndianemienskip op as in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e KBIC binne etnyske Boppemarder Tsjippewa (Lake Superior Chippewa), in subgroep fan 'e Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd. Dat is in grut Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet, en yn dy krite de grutste lânseigen etnyske groep foarmet. De KBIC is ien fan 22 stamme-organisaasjes mei federale erkenning dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe fertsjintwurdigje. Neffens gegevens út 1999 hie de KBIC doe 3.159 leden.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De KBIC hat twa eigen reservaten, dy't allebeide oan 'e súdkust fan 'e Boppemar lizze, yn it noarden fan it skiereilân Opper-Michigan. It lytste fan 'e beide is it Ontonagon Yndianereservaat, yn Ontonagon County. Dat hat in oerflak fan 9,8 km², mar gjin permaninte bewenners.

Sa'n 55 km eastlik fan it Ontonagon Reservaat leit yn Baraga County it gruttere L'Anse Yndianereservaat. Dat bestiet út trije dielen: twa grutte lapen lân oan wjerskanten fan 'e Keweenaw-baai en in folle lytser perseel fan 17,4 ha yn it noardeasten fan Marquette County. Yn totaal hat it L'Anse Reservaat in oerflak fan 238,6 km², wêrmei't it it grutste reservaat fan Opper-Michigan is en it op ien nei grutste fan Michigan (nei it Isabella Yndianereservaat yn Neder-Michigan).

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 3.672 minsken yn it L'Anse Reservaat, wêrfan't lykwols mar 24,4% (of 896 persoanen) fan Yndiaansk komôf wiene. Dêrmei wennet 28,4% fan 'e leden fan 'e KBIC yn 'e eigen reservaten. It haadkertier fan 'e KBIC is fêstige yn it doarp Baraga, oan 'e westkust fan 'e Keweenaw-baai, dat foar it meastepart binnen de grinzen fan it L'Anse Reservaat leit.

Kasino's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De KBIC runt twa kasino's: it Ojibwa I-kasino op eigen gerjochtichheid yn it L'Anse Yndianereservaat, en it Ojibwa II-kasino yn in wenwyk yn it plattelânsdistrikt Chocolay Township yn Marquette County. Yn 2000 sleat de KBIC in oerienkomst mei de steat Michigan wêryn't de stamme der yn tastimde om Ojibwa II te ferpleatsen. De KBIC hat foarsteld om it kasino te ferhúzjen nei net mear brûkte fleanfjild Marquette County Airport.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan Keweenaw Bay Yndianemienskip

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.